contact zoeken wedstrijden

Balkearder (140) Adieu

Tekst Rynk Bosma.

As de keningen fan it keatsen de keningsmantels oan de kapstokken hingje, dan binne je as balkearder ek útspile. Heechút wat perklinen en kweapeallen helpe mei op te romjen. Mar dat is it dan wol. Fyn de winsk à Dieu - dat letter Adieu wurden is -ien fan de moaiste groeten. Ek al leauwe je neat, je winskje de oar dochs de beskerming fan in Dieu (God), en oars wol fan de ingelen fan it libben. De papieren Keats! begjin oktober is de reden dat de winsk Adieu wat letter falt.

Tjisse hat oan ien kapstok net genôch om al dy keningsmantels ophingje te kinnen. Dit jier fyftjin kear fan de achttjin earste prizen. Eins moatte je sizze santjin want de Bond hat gjin kening. Allinnich yn It Hearrenfean gjin kening en yn Kimswert net. Menno kin it mei ien kapstok dwaan, mar hat wer mear nedich as it om krânsen giet. Geweldich jier foar ek Gabe-Jan en neamde yn dat ferbân Durk van der Leest as stille krêft, mar fergeat de oare: Tunno Schurer.
 
Hearde op de Aldehou it ritseljen fan in iepen sollisitaasjeformulier tidens de finale. Undertekene troch Jorn Lars mei de iepen fraach: mochten jim – Menno en Tjisse – it oare jier oansitte dan is dit myn 06-nûmer. Jorn Lars die alles yn it foarperk sa’t it hearde. Faak grutte keatsen foarby de opslach, sa no en dan ien op it dak fan de apparteminten fan Sonnenborgh en op de boppe fuort nei de grûn mei sa no en dan ien yn de tribune achter it perk.
 
Gabe-Jan woe ek stomme graach sjen litte yn dy finale wat hy kin, mar wie yn ‘e oanrin nei de Aldehou net fit, sa begreep ik letter. Fan ien partij nei it keatsjier 2024 is in hiele stap. As je net oppasse dan gliidzje de partijen je tusken de hannen troch sûnder ferbân en dan hâlde je neat oer oan de ein. De keatsspegel dy’t seit dat de earsten ek de lêsten binne, yn Frjentsjer begjin maaie foar de tinte, op de Aldehou mids septimber wer foar de tinte: Tjisse en Menno.
 
Mar it wie ek it jier dat der wer ris in keatsboek útkaam, ‘De Brand, it libbensferhaal’ fan Edward Jorna. Kaam op Aldehou Pieter Breuker tsjin en wy fernuverden ús der oer dat der gjin resinsjes skreaun binne oer dit boek. Wie der sels sydlings by belutsen, dus net dyjinge dy’t dat yn alle earlikheid dwaan koe. Mar je soenen dochs sizze: der binne noch wol oaren net?
 
Want it boek De Brand brocht fansels wol nijs dat in bytsje opblazen yn eltse resinsje yn de kop stean soe: ‘Hoe’t Jan Braaksma Piet Jetze Faber besoademitere troch ôfspraken oer jild net nei te kommen’. Fyftich gûne foar elke wedstriid oant it rekôr fan Hotze helle wie, sa wie Piet Jetze tasein yn 1988. Dus net nei België, ivich spyt achterôf. Fjouwer tûzen gûne dy’t nea betelle binne. Der sil fêst ien wêze dy’t no freget: is dat dy selde Jan Braaksma dy’t oer de direkteur fan de KNKB Dirk Jan van der Woud lêsten sei: ‘Ja, ja Dirk Jan. Sizzen is ien mar dwaan dêr komt it op oan.’ Ja dy dus.
 

Mar folle wichtiger is it boek as in ferhaal oer in keatser dy’t maatskiplik nea syn plak fine koe, fan de iene baan nei de oare reizge. En dan falt it net ta as je op it keatsfjild wend wiene oan de muzyk fan You look like in angel, you walk like an angel, en do keatst as in ingel. De altiten beskieden Piet Jetze hat wolris sein, ‘Dêr hinget de kening fan de PC moandeis achter oan de jiskewein’. Mar hy hat yn de gemeentetsjinst letter wol syn paad en plak fûn. Ek Sake fûn syn paad en ‘groeide’ troch yn it ûnderwiis as ‘bovenschools directeur’ sa’t dat neamd wurdt.
 
Der stie dizze wike in filmke op internet mei bylden fan de Bond fan 1975. Der stie ‘PC 1978’ by. De partij tusken Marsum en Drachten mei Johan van Seijst, Rein Ferwerda en Flip Soolsma dy’t de Bond doe wûnen foar Drachten. Rein waard berne yn Sint Anne en wûn dus de Bond fan de CFK yn Tsjom en de ‘grutte’ Bond yn Frjentsjer. Mar by de twa izegrinen Johan en Flip stie hy ûnder oan de ljedder. It ferhaal woe dat hy brûkt waard as ‘loopjonge’ dy’t om ijsko’s stjoerd waard.
 
Maatskiplik koe de muzykman Rein wol fjouwer kear om dy beide mannen hinne mei letter in Ferwerda-Academie nei him ferneamd. Mar op it keatsfjild telde soks net. It koe ek oars. As fakânsjewurker by de Kondins seach ik de mannen elke dei foarby kommen. Grutte mannen, it t-shirt dweiltroch wiet oan de hûd plakt fan it swit, mar it skip wie leech. Oannommen wurk, it wie de laad- en losploech fan Hotze Schuil dy’t der ek by rûn. De sekjes fan fyftich kilo gienen as pingpong ballen sa licht troch harren hannen, kom dêr ris om.
 
Ha oan it begjin fan dizze iuw by Hotze yn Harns west foar in ferhaal. Wat in man, syn stim hat trije wike lang útfanhûs west yn myn holle. Ha dat noch altiten op bân, miskien tiid foar it Keatsmuseum. It earste wat ik woe wie dat Hotze Harnzers prate want oars hellen je de siel út him.
 
Op de fraach wat hy it meast weardefolle fûn dat hy oan it keatsen oerhâlden hie antwurdde hy: de libbenslange freonskip mei Frâns Helfrich, letter direkteur fan in skoalle en mei Æbe Haima de húsdokter fan Weidum. Op it keatsfjild ferfalle alle maatskiplike grinzen en binne wy allegearre gelyk, de ien wat better as de oar mar dochs. Dat dit ek sa bleau nei it keatsen wie foar in man as Hotze hiel bysûnder. Hy wie fan de generaasje dy’t opseach tsjin direkteuren en skoalmasters.
 
Gerrit Lettinga kinne je eins gjin skoalmaster neame, ek al is it dêr al begûn. Fûn it in ear dat ik it boekje Adieu fan him krige. In prachtich, sels útjûn boek fuld mei sitaten, gedichten en muzyk as de grutte en lytse keatsen dy’t him yn syn libben bybleaun binne. Yn dit ferbân mei de hjerst en de winter foar de doar fûn ik dit sitaat in keats tsjin de boppeline oan: ‘Always remember this: they can’t cancel spring’.
 
Dus je moatte it altiten yn it ûnthâld hâlde dat Weidum wol ôflast wurde kin, mar dat de maaitiid net ôflast wurde kin. Dat sitaat fertelt fansels neat oer of je sels elke maaitiid wer helje meie. Tink oan de sike Jack Iseger, guon neamden him Sjaak, fuotbalskiedsrjochter, keatsskiedsrjochter, frijwilliger op de line op oare dagen. De ‘ruwe bolster’ dy’t troch de ‘roze bril’ fan leafde foar ‘ôns Daan’ wol de griene beammen fan de maaitiid meimeitsje mocht doe’t ‘ôns Daan’ seis kear de PC wûn. De dream dy’t net foar Jack weilein wie, mar miskien wie it winnen fan ‘ôns Daan’ wol moaier as him sels winne.
 
Hoe ticht it sitaat dat de maaitiid nea ôflast wurde kin ek tsjin de boppeline oan leit, it goudkleurige byldsje fan in balkearder - kado krigen op de Aldehou - as tank foar alle skriuwen fielde dochs as mear dan in grutte keats. It fielde as in bal boppe op it dak fan de apparteminten. It byldsje fan in balkearder as symboal dat de mins altiten beskieden bliuwe moat om’t je altiten ôfhinklik binne fan de ingelen fan it gelok om de maaitiid fan 2025 wer te heljen. Dus Adieu, en betink dat de maaitiid nea ôflast wurdt.
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers