Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
Hâld net echt fan puzeljen en alles wat dêr mei te krijen hat. Dochs soe dizze samar yn in kryptogram passe kinne. ‘De sinne skynde, mar dochs reinde it, mar de minsken bleaunen droech’. Antwurd: keatsen yn Penjum. In hiel soad minsken roppe ‘ach en wee’ as der te folle ballen bûten it perk falle, behalve fansels de mannen dy’t yn it perk steane. In topopslagger moat dy ballen dochs wol binnen dy linen krije kinne? Fansels kinne de mannen oan de opslach dy ballen wol tusken de touwen krije, mar dan binne je der noch net yn it keatsen fan no.
Taede koe nei eigen sizzen net bûten de touwen fan de doe smellere perken. Moai en aardich, mar as Taede bûtste, dan seagen dy mannen yn it perk de bal faak net iens. En just dat wie ferbean, Taede ferliest yn 1923 de PC op 5-5 en 6-4, twa kear ha se him de bal ôfnaam om’t hy bûtste. Gean mei dy wittenskip ris achter in perk sitten om te sjen wat dy ballen tsjintwurdich dogge. En doch dat dan as Gert-Anne oan de opslach stiet. Dan witte je betiden net wat je sjogge, healweis it perk in heale meter bûten en dan dochs noch nei binnen draaie.
Soks dogge je net samar út de losse pols, soks fret kracht en ek knibbelgewrichten want dy ballen moatte ek noch in soad gong ha. Dan is it net sa gek dat de benzinetank leech rekket nei in partij as twa, trije. Want je kinne de ballen der net mei wat minder gong hinne goaie want dan kinne je Erwin Brouwer fan Damwâld wol in stoel jaan op de feesttinte om alle ballen te heinen en werom te goaien.
In opslagger fan no spilet faak it spul fan alles of neat, in soarte fan Russise roulette oan de opslach. Der is mar in inkelde opslagger dy’t op sechstich prosint fan syn kinnen dochs noch in partij wit te winnen. De opslaggers sûnder dy fliegende bal moatte it fan it pleatsen ha. In Peter van Zuiden of in Remmelt Bouma. En betink dan dat dy mannen yn elke partij wer oars roaie moatte. Want ien fan 1.95 yn it foarperk is wat oars as ien fan 1.82.
Nim dit jier no Patrick Scheepstra, in geweldige opslagger, op de Rengers wist hy sels mei Bauke achteryn it te winnen fan it partoer fan Gert-Anne. Mar de finale wie krekt in partij te folle, krekt lykas yn Huzum. En no kinne je net sizze dat Patrick gjin sportman is mei syn kickboksen op oare tiden. En dochs faak net de krêft om ek in finale te winnen.
Ballen bûten slaan kinne je ek útlizze yn in oare betsjutting. Der neist sitte, tinke dat it oars siet en dan der efter komme dat dyn miening kwea efter it perk falt. Fansels kinst it pôltsje yn it opslachfak de skuld jaan, yn dit gefal wie dat gjin tiid om te hearren wat der nei de Van Aismadei yn Bitgum sein waard. Dan giet it dus hjir om: ‘Dat oernimmen fan de opslach troch Tjisse yn de finale wie wol de earste ferkearde ynskatting fan dit jier’. Nee dus, as je Menno nei ôfrin hearre. Yn oerlis, neat net bal ôfpakke. En dus kin de stôk nei bûten wize wat de ‘earste ferkearde ynskatting’ oanbelanget.
Bin hiel earlik, hie mei Gert-Anne te dwaan yn de finale yn Penjum. Dit gunne je net ien en wis net in opslagger dy’t yn de top tsien fan it puntenklassemint stiet. As je de ‘power’ kwyt binne, om even it wurd te brûken dat Gert-Anne sels brûkte yn Bitgum, dan kinne je twa dingen dwaan. Of de bal oerjaan, of minder gas jaan. En just dat twadde kin net yn it keatsen fan no. Marten Bergsma is ek in man fan de ‘power’ en stiet yn Penjum mei 5-4 achter en jout trije sitballen op rige, 5-5 dus. En dan…trije bûten op rige en dan hearre je Marten tinken: dy fjirde moat net bûten. Krekt te moai dus foar ien as Hendrik Kootstra dy’t him op de tinte slacht. Miskien ek wol it ferhaal fan it lêste earst fan de finale. Gabe-Jan dy’t der fjouwer oer hinne slacht.
Ballen bûten slaan by it keatsen is fansels bernespul as it Libben sels oan de opslach stiet en de bal te betiid bûten de touwen bringt. Tink oan Mark Minnesma ferline jier en tink dan oan de gelokkige Mark fan dit jier doe’t hy op de Jong Nederlân partij ferrassend in tredde priis wint. Foar Mark in haadpriis mei yn syn tinken de keningsbal om ‘e nekke. Winst op it Libben dat te betiid dy bal bûten brocht.
Yn it wykein fan Penjum hie it Libben wer in bal fiersten te betiid bûten. Pieter Jan Leijenaar moast nei it UMCG yn Grins fanwege in aneurysma. De winner fan de Jong Nederlânpartij fan 2023 is de moandeis opereare en dat is goed slagge, neffens de berjochten. En dan kinne je allinne mar hope dat de leafde op de wjukken fan de hoop der foar soargje sil dat dit de lêste bal bûten is fan it Libben yn it noch sa jonge libben fan Pieter Jan.