contact zoeken wedstrijden

De 60ste Revanche Freulepartij yn Jellum

Foto: Lieuwe Bosch

AfbeeldingJellum1 (002)

Dit jier hâldt Keatsferiening De Twa Doarpen foar de sechstichste kear de Revanch Freulepartij yn Jellum Bears. Ea wie dat op de sânde woansdei yn july, mar sûnt in tal jierren wurdt de partij no op in sneon hâlden. Dit jier op 10 augustus.

It ûntstean fan de Revanche Freulepartij mei bekend wêze by it keatspublyk, foar de nijkommers yn in pear sinnen it folgjende: it jongespartoer fan Jellum-Bears fan 1964 ferlear yn dat jier op ’e Freulepartij yn Wommels fan it partoer fan Easterlittens. Sy hiene better fertsjinne, mar ferlieze docht no ien kear in bytsje sear en went nea. De jongemannen fan destiids eazgen op in twadde kâns, net allinne foar harsels, mar ek foar oare partoeren. Sadwaande sammelen de bêste 16 partoer fan de Freulepartij harren in wike letter op it sportfjild fan Jellum om nochris partij te jaan. It wie in tige slagge dei en foar werhelling fetber. De Revanche Freulepartij wie berne en hat jierrenlang in begrip west op de 7de woansdei fan july.

Mar tiiden hawwe tiiden, de glâns en wearde fan de partij fan eartiids, is tsjintwurdich net mear wat it ea wie. Yn gearwurking mei it KNKB binne wy by need ferhuze nei de sneon. De 7de woansdei fan july is net hillich mear. It waar en dêrmei ek de publike belangstelling fan de lêste pear jier hat ús net bepaald bedoarn, mar yn de steek litten. 

It bestean yn de takomst hinget oan in siden triedsje. De RF Kommisje en keatsferiening besiket te rêden wat der te rêden is. De mouwen wurde wer opstrûpt en mei it fingerke omheeech, giet it foar de 60ste kear oan.

Wy gean der foar. Wy gean foar moai waar en in goeie publike opkomst. Graach jouwe wy hjoed oan de jongemannen it poadium om sjen te litten wat sy allegeare oan taktyk en technyk yn hûs ha. Want keatsen is mear as dat trije spul út is en tsjin in bal oan slaan. Keatsen is genietsje fan in fûle en útdaagjende keatspartij, fan de keunst om gebrûk te meitsjen fan de fjild- en waarsomstannichheden, fan it ûnder druk leverje fan in ferrassende pripper, in hege bal yn de sinne, as in stekkende tuskenynse.

Keatsen is ek risiko nimme, de iene kear binne jo de ‘schlemiel’, mar mei in boppeslach op 6-6 binne jo de man. It keatsen is net earder dien as dat de lêste slach slein is, al dript it meastal noch wol wat nei. Dat leit ek dit jier yn ’e planning, nei ôfrin is der in stikje muzyk en mei in hapke en in sapke en wat besteklik praat is in topdei yn ’e maak.
De 60ste Revanche Freule fynt dit jier plak op sneon 10 augustus en begjint om 11:00 oere yn Jellum. Ik soe sizze ‘net stinne, mar der hinne’ en wy sjogge jimme graach ferskinen. 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers