Tekst: Rynk Bosma
Foto: KNKB
De lotting foar de PC op moandeitejûn is in spul mei sifers, in soarte fan bingo. Sechtjin lotsjes moatte der út in skaal pakt wurde en it sifer op it papierke seit wat it lot is fan it partoer op de PC. Sifers op in list dy’t bepale hokker wurden der woansdei skreaun wurde oan de ein fan de dei oer de 171ste PC. Kaam der op de lotting achter dat net elk deselde betsjutting oan wurden jout. Der kaam ien by my dy’t krekt as ik gek op read is. Mar doe’t de wurden ‘draak van een partij’ foarby kamen yn in ferslach oer Arum, wienen wy it net iens oer de betsjutting fan dy wurden. Kin gebeure, dat is it moaie oan kleuren, read is read en net blau. Ek al skine in soad mannen kleureblyn te wêzen.
De wurden ‘draak van een partij’ waarden optekene troch ‘ús Klaas’ op de site fan de KNKB. It sloech op de heale finale yn Arum. Fansels bedoelde hy de ‘amusementswaarde’ foar de taskôgers. Hy bedoelde fansels net dat it partoer fan Paul Dijkstra, René de Haan en Riemer Hoekstra der neat fan makken tsjin de mannen yn it blau. Want dat wie net sa. De wurden ‘draak van een partij’ waarden ferkeard begrepen of ferkeard útlein. Sa tink ik.
Dat ‘draak van een partij’ sloech net op it ferliezend partoer want dy trije mannen dienen it goed mei in tredde priis. As wy de wurden ferfange troch sifers dan barde yn it ôfrûne wykein it folgjende. Op sneon ferlearen de mannen fan it partoer fan Paul Dijkstra it mei 5-3 fan it partoer fan Johan Sipma, Yoram Elzinga en Jan Tymen Eisma. In dei letter wie it mei 5-3 krekt omkeard. Twa kear stienen se op nûmer 9 en 10. Dus in steand nûmer en yn de heale finale.
De mannen yn it giel sille snein fêst tocht ha: wat dy mannen yn it roze op sneon kinne, kinne wy miskien op snein. En dat wie winne fan de mannen yn it blau. Nee dus, want dy mannen yn it blau wienen warskôge. It ferskil tusken de heale finale yn Seisbierrum en Arum hiet spanning. De partij fan sneon wie spannend om’t it partoer fan Sipma mei 3-0 foarkaam en de oaren wat mear fouten makken as oars. Op snein gie it fan 2-1 nei 4-1. As je elke wike by it keatsen komme en de mannen yn it blau komme op 4-1, dan wolle je wolris weisakje. Teminsten as je gjin famylje binne fan dy trije mannen yn it giel. Business as usual suchte je dan, mar it seit ek wat oer de kwaliteiten fan dy mannen yn it blau.
En dan sjogge je dus nei in ‘draak van een partij’ en dan bedoele je fansels de ‘amusementswaarde’. Sjoch, myn buorman rydt ien kear yn ‘e wike op tiisdei de grize kontener nei de dyk ta. In prestaasje, elke wike mar wer, mar spannend is it net, want elke tiisdei it selde. Dat jildt betiden ek foar in partij. As je nei de sifers sjogge fan dy heale finale yn Arum dan hat it partoer fan Paul Dijkstra hiel deeglik keatst.
Paul hie der twa út en René trije. Want de mannen mei Riemer Hoekstra as tredde maat tinke nei oer keatsen. Sa ha se Riemer Hoekstra net op de boppe stean as Paul opslacht, mar op it middenfjild. Want Riemer is ek keeper, dus it rendement fan dy kwaliteit is grutter op it middenfjild as op de boppe. René slacht út de frije hân op, moat it fan it pleatsen ha. René hie ek nochris fjouwer boppe. Yn Makkum fertelde René my dat hy altiten besiket in keats te slaan. ‘Op de earste klas wol ik noch wolris ien boppe slaan’. Hy is linkshandich en ‘skuort’ de bal faak nei rjochts.
Gabe-Jan en Tjisse hienen elk mar twa boppe. Se moasten der hast elke kear wat foar dwaan yn it perk.
It ferskil siet him op de seis. Trije kear 6-6 en trije kear gie it earst nei it partoer fan Menno. Dy joech twa kear in sitbal op seis gelyk en ien kear sloech Gabe-Jan de bal fuort. Dat binne dé mominten fan dy mannen, dat is harren krêft. En as dat dan bart tsjin ien fan de ‘mindere goden’ op papier dan ha je wolris it gefoel dat it krekt sa spannend is as dy grize kontener op tiisdei.
Want kwa keatsen en sifers wie it in folle bettere partij as dy oare 5-2 partij earder op de dei. Sa wie de 5-2 partij tusken it partoer fan Gert-Anne van der Bos tsjin dat fan Bauke Triemstra echt ‘een draak van een partij’ en dan benammen yn sifers. Mar leafst 21 ballen bûten en elk perk hie mar ien boppe. Dy fouten telle je pas op as de spanning fuort falt, as je sjen kinne wêr’t it hinne giet. As je witte dat de buorman de kontener op krekt it selde plak delset as in wike lyn. As je witte hoe’t it ôfrint.
Nim no de PC-finale fan 2017. Elk wit it noch. It partoer fan Bauke Triemstra, Alle-Jan Anema en Hendrik Kootstra tsjin dat fan Jelle Attema, Jacob Klaas Haitsma en Hilbrand Visser. It gie nei alle hout oan de tillegraaf en as Jelle it wûn hie, wie hy kening wurden mei yn de finale fyftjin ballen bûten de linen. Want Jelle wie doe ek de kening fan de seis.
Werom nei de lotting foar dizze PC. Moat sizze dat de keatsers sels in moaie hân fan lotsjen ha. Dochs wie it lûken fan dy lotsjes net it moaiste momint fan de jûn. De PC-mannen yn it swart efter de tafel drage it swarte pak lykas ridders yn de midsiuwen harren harnas droegen by in toernoai yn in arena. It makket je yn je bewegingen wat stiver, mar it hat ek wol wat. Klaas-Holst Meijer stie by de yngong foar it wolkom, en de sa aardige man yn it harnas fan it swarte pak tocht by it sjen fan in frou dy’t hy koe: lit ik noch in tradysje taheakje oan al dy tradysjes: de ‘handkus’. Mei oan de ein fan dy hân in ‘jonkvrouw’ dy’t it tankber yn ûntfangst naam. Ja ik wit it, kin gjin Frysk wurd betinke foar ‘handkus’.
De dei fan moarn, de dei fan de PC is ien grutte ‘handkus’ yn de betsjutting fan hoe’t minsken mei elkoar omgeane. Der sille ‘draken van partijen’ tusken sitte op sa’n lange dei, faker as ien kear witte je wêr’t de grize kontener terjochte komt. De Balkearder dit kear as ‘handkus’ mei in bûging dy’t der by heart nei de The lady in Red frij nei de filmtitel fan 1979. Mei it krûpelhintsje (lieveheersbeestje) yn it read as symboal foar moarn: it gelok dat je der wer by wêze meie