contact zoeken wedstrijden

Balkearder (133) De Stjerren

Tekst Rynk Bosma
Foto: Henk Haar

It skaad fan de reus dy’t PC neamd wurdt komt ús temjitte. Al it oare moat it efkes stelle sûnder it ljocht fan de sinne by it keatsen. Want alles wat op gewoane dagen lyts liket, wurdt op de PC grutter. Nim no dy lege gevel fan dat hûs yn Boalsert en dy iene spiker dy’t mar wurkleas bleau. Want dy spiker wachte op de krânse fan de Hollandiapartij sa’t dy partij yn Boalsert ea neamd waard. Yn in fier ferline in partij dy’t de winners in waskmasjine oplevere. En dat makke yndruk op in jonge keatser dy’t buorman Willem Hiemstra ea in waskmasine it hûs yn kroadzjen seach.
 
Foar de krânse fan de sneinspartij op it Oordje hie Gabe-Jan van Popta al lang in plakje fûn. Al dy oare krânsen gienen nei de âlderlike buorkerij yn Lollum. En doe gie dy partij net troch. Gjin noed, de sneons wie der de SúdWest Fryslânpartij (SWF) en dy gie al troch mei 42 partoer op de list. En… Gabe-Jan wûn de krânse en dy hinget no oan de muorre yn Boalsert. In earbetoan oan in partij dy’t dochs altiten in bytsje yn it skaad fan dy grutte sneinspartij stiet.
 
Oer de foarm fan Tjisse is no al genôch skreaun, op 23 july waard hy 31 jier, altiten tagelyk jierdei mei Renze Hiemstra. Je jierdei fiere yn it sânde earst fan it jier, mei twa kear it getal trije fan in partoer yn datum en jier. Dan kinne je sizze dat it yn de stjerren skreaun stie dat hy keatser wurde soe. Mar stiet it ek yn de stjerren skreaun dat hy it dit jier foar de tredde kear winne sil op de PC?
 
Maat Menno van Zwieten stie yn 2012 foar de earste kear op de PC, allinne yn 2014 stie hy net op de PC. Yn al dy jierren hat hy allinne yn 2019 in heale finale helle. Ien priis dus op de PC, wylst Gabe-Jan noch dwaande is mei in PC-boek mei lege bledsiden. Syn earste PC wie yn 2021. In twadde omloop yn 2022 en yn 2023 keatsten Menno en Gabe-Jan al yn ien partoer mei Pieter Jan Leijenaar achteryn. Ek in twadde omloop. Dus dat moat noch skreaun wurde. En it gewicht fan de kommende PC leit op harren skouders, want iderien jaget op de trije keatsers yn it blau.
 
Yn prinsipe is dat net oars as wat it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger ek meimakken tusken de jierren 2010 en 2016. Sân kear in PC op de nekke ha as it partoer wêr’t jacht op makke waard. Fjouwer fan de sân kear wûnen de mannen it, dus in winstpersintaazje fan krekt boppe de fyftich prosint.
 
It moaie fan dat it yn de stjerren stiet en opskreaun is, is dat je der no neat oan ha. Yn de fuotbalsport binne se dwaande dy stjerren fuort te heljen en wurdt besocht mei de sifers fan statistiken fan in kompjoeter it boek sport foar it begjin fan in wedstriid of partij te skriuwen. De sport fuotbal is hurd op wei nei de fernieling. Tinke dat je oan de hân fan sifers in wedstriid winne kinne. Net witte dat it boek fan de stjerren in boek is dat je allinne mar lêze kinne as it foarby is.
 
Sa kaam de VAR ek foarby as moade-ûnderwerp yn it keatsen. Om te sjen of in bal boppe of kwea is, of om te sjen of in bal bûten of yn is. Fansels hat dy beroemde bal op de PC fan 1988 dit idee in triuw yn ‘e rêch jûn. Moatte wy aansens oan it ‘gepiep’ lykas by in alarmsysteem hearre oft in bal kwea of bûten is? Nee dus, in klok by de boppe is genôch elektronika en ek noch in moai instrumint om de gong der wat yn te hâlden.
 
‘Stop met het vragen naar de weg aan mensen die nog nooit zijn geweest waar jij naar toe wilt gaan’.
Ek dit jier gjin Dylan Drent op de PC en wat spyt my dat, in PC sûnder Dylan. De wiispraters sizze dat hy wat langer wachtsje moatten hie. Mar ja, maklik praat as je net witte hoe grut it keatsfjoer is by Dylan. Keatse op de PC is foar him as ferlieding krekt like grut as in jonkje op de tafel foar in alkoholist. Bliuw dêr mar ris ôf. Dus soe sizze, lit elk dy’t nea in jonkje hân hat, him stilhâlde. Op in kalinder stie ferline wike in moaie wiisheid. ‘Stop met het vragen naar de weg aan mensen die nog nooit zijn geweest waar jij naar toe wilt gaan’. Op de earste rige foar de koepeltinte dus.
 
Hoopje dat der yn it boek fan de stjerren yn de takomst noch in haadstik op de PC iepen bliuwt foar Dylan. Want no roppe dat it nea wer wat wurdt mei ús Harnzer docht tinken oan it ferhaal foar de PC fan 2022: ‘Waarom Tjisse Steenstra nooit de PC zal winnen’. It boek fan de stjerren wurdt nea earder skreaun dan as nei in PC. En dat elk jier wer. 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers