Tekst Rynk Bosma
Foto Henk Bootsma
It is de tiid dat de rein net folle each hat foar de betsjutting simmer. Neffens de kalinder is dy dochs echt oan ‘e gong. Gjin ‘t Oordje yn Boalsert, gjin formaasje partij dus en yn Easterein waard sneons op twa fjilden keatst om it haadfjild wat te sparjen. En dan ha wy it oer de Jong-Feintepartij. Want krekt lykas yn Boalsert wurdt der ek op oare dagen op it keatsfjild keatst. Dus dy krânse fan Gabe-Jan van Popta op eigen gevel yn Boalsert moat noch efkes wachtsje. It foardiel fan dy rein is dan wer dat it boek oer De Brand op tafel kin om te lêzen, want it is dochs gjin waar om der út. En der is al in twadde druk ûnderweis.
Mar it is ek de tiid fan de wei nei de PC en dan liket alles krekt wat grutter. En der binne fragen genôch ûnderweis. De earste is fansels: wat docht Taeke Triemstra nei de PC? Of is de PC by winst tagelyk syn lêste? En wat docht in Gert-Anne van der Bos nei fjirtjin jier Taeke yn it foarperk? Tink dat de mannen earst mar wer ris yn de buert fan de blommen fan in krânse komme moatte en Minnertsgea wie it net allinnich in moaie test, mar ek in moaie partij.
As Gert-Anne troch giet, sa sei hy, dan is dat wol dat hy keatse wol om de prizen, meidwaan yn de top. As dat net it gefal is dan is it S-wurd fan Stopje gau skreaun. Je soenen hast dy brede Erwin ferjitte dy’t gewoan troch keatst en yn it achterperk noch altiten in topper is. Ek al liet hy dat yn Minnertsgea wat minder sjen. Dat soe foar de takomst betsjutte dat der in nije foarynse komme moat. Gert-Anne neamt gjin nammen fan de trije foarynsen dy’t hy op it each hat.
No hoege je gjin wiskundige te wêzen om sels de nammen te betinken. Trije ‘plus ien’ sa kinne je sizze. En dy iene plus is fansels Dylan Drent wêrfan gjinien wit hoe’t de flagge der by hinget mei syn skouder. Even rikke yn it Hearrenfean, en hy fernaam al wer wat. Laas Pieter van Straten wie syn ferfanger yn Huzum, ‘uit voorzorg’, sa sei maat Patrick Scheepstra. Yn it rychje Jorn Lars van Beem, Hessel Postma en Gabe-Jan van Popta soe de lêste wol gek wêze om oer te stappen. Tink sels dat Hessel Postma dan boppe oan it listje fan Gert-Anne stiet.
Dat soe betsjutte in linkshandige opslagger by in linkshandige foarynse dy’t mear kin dan allinne op de boppe te stean. Teminsten dat liet Hessel yn Easterein sjen. Fansels wienen it dêr net allegearre haadklasseperken, mar it perk Van Beem-Minnesma yn de finale is dat wol en doe bleau Hessel goed oerein. Je kinne fansels ek bûten de grinzen fan it foar de hân lizzende tinke. Mei as foarbyld it partoer fan Menno van Zwieten.
Yn Minnertsgea hie Hessel de minste dei fan it jier mei syn partoer. Twa punten helle yn de twadde omloop mei Pieter Jan Leijenaar achteryn en Johan Sipma as opslagger. Haye Jan koe net. Twa punten helje gunne je net ien en seker dizze mannen net. Sipma fyn ik mei Steven Koster ien fan de grutste talinten oan de opslach. Twa punten helje en dan noch net tinke fan doch ris gek, jou Hessel de opslach. Tink dat Hessel sels te beskieden is.
Oer beskieden sprutsen, dan falt al gau de namme Gerben de Boer. Wat wie hy goed op de boppe yn Minnertsgea, net sichtber mar oe sa oanwêzich. Reden foar de foto fan Gerben yn aksje op ‘e boppe. Syn maat Rick en ek Steven soenen ek net misstean. Rick is dwaande de himel fan it keatsen te bestoarmjen. Wat in slachkrêft yn it achterperk, wat in fenyn oan de opslach. Minnesma wie wat punten oanbelanget de gruthanneler yn dy twadde omloop tsjin Marten-en-dy. En dan ha wy it noch net oer dy tredde maat hân. Steven dus dy’t yn syn foelheid betiden even fergeat dat hy yn Tsjom wennet. Ea it bolwurk fan de CFK. Steven is in opslagger dy’t doart, dy’t lef hat. Sa’t de jonges, want dat binne it noch, yn Minnertsgea keatsten dan kinne se samar op de foarste rige foar de koepeltinte stean.
Dy ‘kretology’ fan Steven en syn maten fertelle ek it ferhaal fan ‘opluchting’ dat sy tsjin de ‘reus’ ûnder de formaasjepartoeren in earst binnen helje. Dy kreten wienen ek te hearren yn de earste omloop en dêr siet by de mannen yn it oranje ek in bytsje ‘opluchting’ yn. De opluchting fan ‘wy kinne wer meidwaan om de blommen’ en dat gie benammen op foar Gert-Anne. Ien fan de bêste opslaggers is in hiel lyts bytsje back in town om de Ingelske taal foar in kear te brûken.
Want it is in oare tiid. Steven, Marten en Gert-Anne ha it tsjintwurdich yn it fjild oer boys as sy de maten bedoele. Gerrit Okkinga die it yn it ferline noch mei allez en dat is Frâns. Dus elke tiid hat syn eigen taal, sa’t ek elke tiid syn eigen talinten hat. Bin benijd wat de boys oer fjirtjin dagen dogge. Bin der wis fan dat der ien keatser oer fjirtjin dagen seker stiet. En dat is Tjisse en bin der ek wis fan dat de ‘opluchting’ by de oare boys dan krekt wat minder klinke sil. Hoewol, raze mei altiten fansels, salang as der mar goed keatsen tsjinoer stiet. Allinne Bauke hat in frijkaart op dat mêd.