contact zoeken wedstrijden

Balkearder (130) Riedsel

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Nea witten dat balkearen op lettere leeftiid by it keatsen mei nap en bal sa muoilik wêze soe as sneon yn Minnertsgea by de Bond 35+. Want mei fjouwer keatsers dy’ t alle fjouwer de PC wûn ha wol dy bal fansels noch wol goed yn de nap falle. Trouwens ek by de oaren, Willem Hiemstra is tachtich plus, in Seedykster maat fan Johannes. Nei twa slaggen gie de mof út en waard de partij mei bleate hân ôfwurke. Willem wie tsjin de nap want doe koe ‘elke ledekeatser boppe ek keatsers dy’t oars net fierder as de opslach kamen.’ 

it is krekt as it libben

It punt fan nap en bal is dat dy bal sa’n snelheid krijt dat it foar keatsers op in sekere leeftiid hast net mear te dwaan is om der op tiid by te kommen. En as sels in wetterflugge keatser as Renze Hiemstra it net mear berinne kin op de boppe, dan kinne je sizze dat it spul op dat mêd te fluch giet. Dat is net slim want it is krekt as it libben. En it libben leit in topkeatser de foarm op fan in col lykas de Galibier út de Tour de France. Dy stie dizze wike op it skema fan de hurdfytsers. De beklimming fan de Galibier liket op it heljen fan de keatstop. It paad nei de top is hiel muoilik, ôfsjen en troch sette. De ien rydt der yn in lichtere fersnelling nei ta as de oar.
 
Mar ien kear oan de top, dan is tiid en romte beheind en it duorret net sa lang of de ôfdaling wurdt ynset. De toppers wurde fan it plak treaun troch de Sturm und Drang fan nije talinten. En dat giet in stik flugger as by de berch op. Yn Minnertsgea wie de tiid wat hurder foar de ien as foar de oar. Pieter van Tuinen wûn de PC twa kear en hy wûn it NK 35+ ek twa kear. Mar troch in heupblessuere koe hy dit jier net mear opslaan. Alle Jan Anema stie noch achteryn en sloech foarbêst op. Hy wist de PC yn syn lêste jier dat hy meidie noch te winnen. In mearke dat mar in bytsje keatsers him neisizze kinne.
 
Of it moat al Jacob Wassenaar wêze. As ynfaller yn de heale finale op de PC yn 2014 foar Taeke Triemstra feroare alles wat hy rekke yn goud. Hy siet al klear op de tribune, yn it gefal dat it mis gean soe mei Taeke en yn de heale finale wie it sa fier. Nuver genôch is der by my mar ien byld hingjen bleaun. Taeke dy’t emoasjoneel treast socht by syn âlders doe’t dúdlik waard dat hy net fierder koe. Der binne guon dy’t tinke dat Taeke dit jier op de PC ôfskie nimme sil, de keatser dy’t de gek hat mei alle besteande sportwetten en no krekt oer de 900 punten hat. Want betink it mar nei sneon yn Minnertsgea, 41 jier en noch meidwaan yn de top.

'Hy noch mear koe dan as hy koe''

 
Ek al wurdt it troch it lette ynstappen fan Gert-Anne van der Bos net rjocht dúdlik wêr’t hy no krekt stiet dit jier. Wit wol dat hy ferline jier noch by de top trije fan de foarynsen hearde, doe dus 40 jier op wei nei syn 41ste jier yn desimber. Hy skilt trije jier mei Renze Hiemstra dy’t yn Minnertsgea oantoande dat hy ek noch wol meikin. En Renze Hiemstra hat syn eigen PC-dream hân. De yn 1985 berne Hiemstra hie oant de PC fan 2013 noch nea in priis wûn op de PC. En dan yn ien kear kening wurde fan dy PC. En dêrnei noch fjouwer kear dy PC winne.
 
Ha by de presintaasje fan it boek De Brand. It libbensferhaal pas echt begrepen wêrom Johannes it altiten hie oer ‘it bêste partoer ea’, dat fan Sake en Piet. Wylst de sifers útwize dat kwa tal krânsen dit it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke en Daniël Iseger wêze moat. Rom tweintich krânsen mear as de fjirtich fan it partoer fan Sake.
 
Wist by de presintaasje fan it boek net dat Tamme Velstra der ek wie. Ien sei: ‘Sjoch dy man mei dy kleurde galgen, dat is Tamme’. Hie Tamme foar it lêst sjoen doe’t ik dwaande wie mei it boek oer de Van Wierens. In middei netten breidzje en ûnderwilens net in tel stil oer it keatsen. Kwa gefoel hast in iuw lyn. Tamme hie fyftjin jier fuort west te jeijen en te aaisykjen mei de heit fan Johannes. ,,In echte Wâldman, sa mar lulk en dan slaan. Wy wienen in kear te aaisykjen yn Noard-Hollân, Jappie Mulder wie der ek by. Wy yn it iene lân, Johannes yn in oar lân oan de oare kant fan de dyk. Kaam der in boer oan dy’t tsjin Johannes sei ‘Van mijn land af’. No dat koest betinke, hy krige fuortendaliks in slach foar de harses. Ik der hinne om dy lulke boer mei it boarst wat op te heinen. Sei: ‘Wy moatte net sa raar’, mar dy boer rôp ‘En dit dan?’ en hy hie in tosk yn ‘e hân.’’
 
Mar ek: ,,Gjin ien koe sa goed sjitte as de heit fan Johannes.’’ Tamme wie it idoal fan De Brand en atletys hie hy syn gelikense net. In allrounder dy’t alles koe, mar doe’t ik de bylden fan Johannes fan 1988 sjoen hie tocht ik: mar net in gruttere atleet as Johannes. Mar Tamme wie ek in keatser dy’t eins te min wûn hat neffens syn kinnen. Tamme: ,,In soad keatsers seagen tsjin my op as ik by harren wie. Dy wienen imponeard. Allinne as ik by Jos van Wieren wie, as útslagger de koartste fan de fjouwer, dan koe hy twa kear sa fier útslaan as oars. Dan sloech hy de ballen samar op de draaimûne.’’
 
Piet Jetze Faber fertelde oer Johannes Brandsma dat ‘Hy noch mear koe dan as hy koe’. Tink sels mei de wiisheid fan achterôf dat Johannes eins altiten in bytsje opsjoen hat tsjin Sake en Piet Jetze, ek al wie hy better as allroundkeatser. Doe’t Johannes oan de beklimming fan de Galibier of de Mont Ventoux begûn, wienen Sake en Piet al berchkeningen. Want Johannes moast yn 1975 noch achttjin wurde doe’t Piet Jetze syn earste PC wûn. Sake en Piet hienen yn 1982 al trije kear efter elkoar dy PC wûn. En just dat winnen fan dy PC waard hieltiten grutter yn de holle fan Johannes, ek al sloech hy yn 1982 98 punten by elkoar.
 
It wie yn syn djipste wêzen de ferwûndering en tankberheid dat dy beide mannen mei him keatse woenen. Johannes hat nea gelokkiger west as yn de jierren 1980-1984 omdat hy de baas wie op it fjild. En dochs dy ûnwisheid as mins en keatser mei Sake en Piet. It is net om ‘e nocht dat hy op de PC fan 1982 yn de finale net echt goed wie. En twa jier letter wie hy de ferliezer yn de finale fan 1984.
 
Dêr stiet tsjin oer dat hy der wol foar soarge hat dat Piet en Sake einlik in kear de Van Aismadei yn Bitgum wûn. Wat dat oanbelanget liket it duo Sake en Piet op Taeke en Gert-Anne, dy’t it yn Bitgum mei tank oan Tjisse Steenstra winne koenen.
 
Letter by oare formaasjematen hat Johannes dy ûnwisheid nea wer hân, want hy wie de berchkening en de oaren hienen mar te folgjen. It riedsel fan de mins Johannes Brandsma, dat no allinne noch yn in boek te lêzen is.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers