contact zoeken wedstrijden

Balkearder (126) Koweblommen

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

It wie op pinkstermoandei hast de maraton fan Frjentsjer te neamen sûnder dat immen der wat oan dwaan koe. Unwaar boppe it fjild betsjut sjen datst fan it fjild ôfkomst, sa skriuwt de wet foar. Elk wit hoe’t de Bond begjint op twa fjilden. In drokte fan belang, de spanning fan hoe fier sille wy hjoed komme of de spanning fan hoopje net ôf te gean. Twa dagen earder hie de sinne it krekt efkes drokker doe’t de fleur fan Fryslân harren kinnen toande, ek al moast der it nedige dield wurde mei it fuotbal wêr’t de klappen fan kampioen of degradaasje útdield waarden.

Hie it al earder opskreaun, it wie hast Dronryp tsjin de rest mei in heale finale tusken Dronryp 1 en Dronryp 2. Op sokke dagen ha je altiten it each op it bysûndere, en as je pinkstermoandei der by helje dan falt al gau de namme Steven Koster. Neamde him op sneon in ‘generaal sûnder leger’ en dêrmei dogge je miskien de oare twa wat te koart. Steven Koster dus, stridend fan omloop nei omloop en mei de holle omheech fan de list ôf. It keatsen hat sokke ienlingen nedich want benammen op sneon lieten de keatsbolwurken it wol wat ôfwitte.
 
De twadde namme fan sneon is fansels Jurrit Osinga, de man dy’t twa wiken net keatst hie fanwege in blessuere. Hy soe mei as balkearder want as je broer en neef je hast op knibbels freegje om mei te gean, dan kinne je net wegerje fansels. Benammen net om’t je freonen fan Bitgum yn dy earste omloop oan de oare kant stienen. De ‘nachtmerrie’ fan nei rûntsje tsien fan it bier yn de feesttinte in hiel keatsseizoen oanhearre moatte dat sy (Bitgum dus) it dochs mar moai wûn ha dy earste omloop fleach as in swarte krie tusken de beammen fan Bitgum.
 
Want neef en broer fuotballen ek noch foar vv Beetgum, dus dat koe yn de kantine yn de hjerst en winter ek noch in moai skoft troch gean. De earste trije opslachballen fan de partij Ingelum-OKK Bitgum gienen bûten. Johnny Ligthart makke dat ek ris mei yn in finale fan De Lanen en sei doe tsjin syn te senuweftige maat: ‘Butenslaan kan ik oek wel’ en naam oer. Jurrit tocht it selde en stie de hiele dei foarbêstop en achteryn. It levere in finaleplak op en hy wie nei ôfrin hielendal ‘kapot’. Op pinkstermoandei moast Ingelum him ôfmelde… ‘wegens blessures’. Sjoch, dat is karakter, trochgean oant it lyntsje brekt.
 
Oer karakter sprutsen, it is fan alle tiden en gjin generaasje kin sizze dat sy it ‘patent’ ha op dizze moaie eigenskip. Ate de Jong fertelde it ferhaal fan Jitse Jan Kroondijk. Jitse Jan is warber by it pupillenkeatsen. De dei foar de partij yn Minnertsgea hie hy búkgryp, hy fielde him striemin. Mar net ôfsizze, moarns betiid op wei nei Minnertsgea. Fielde him noch altiten striemin, net ite want dat koe hy net ferneare. Op in dieet fan TUC-koekjes en Cola, net echt in sportmenu, helle Jitse Jan ek noch de finale. Sterker noch, hy wûn it ek noch. Hy gie dus mei de krânse nei hûs, mar syn mem fûn eins dat Jitse Jan wol twa krânsen fertsjinne hie. Ien foar it keatsen en ien foar it trochsetten.
 
Sokke ferhalen binne de koweblommen tusken de brannettels, mar je moatte it fansels wol sjen. De man op de foto is Pieter Hilverda en foar my ien fan de koweblommen fan it ôfrûne wykein. Ien fan de ûnsichtbere minsken dy’t oant yn de jûn dwaande binne it opboude poadium fan de matadoren fan de dei wer fatsoenlik efter te litten. De útslaggen byhâlde, hy is de man dy’t fia de app de útslaggen op de beide fjilden byhâldt en de útslach yn de app set. 

BalkearderFOT126

Mar hy net allinne, sa sil hy as earste sizze. Der wienen mear fansels en dat giet dan sa: Sikke 51-52 5-5/0-6; Margreet: 52-53 1-5/4-6 en ‘Scheen’ mei de fraach Hoe ver zijn 15/18? Sa, no binne alle nammen wol neamd dy’t meidienen, teminsten dy’t ik tsjinkaam bin yn de app. En sûnder harren ynformaasje hie der tiisdei net in pagina yn it Friesch Dagblad stien. It binne de koweblommen tusken de brannettels dy’t der fansels ek binne yn de keatswrâld. Mar brannettels groeie wat flugger as koweblomkes, dus je moatte wol goed sjen en ek sykje om de koweblomkes te sjen.
 
Der wienen yn it wykein mear koweblommen dy’t nea in namme krije. Op pinkstermoandei wie de sinne al aardich op wei nei syn eigen ûndergong efter de beammen fan it bolwurk. In iensume frijwilliger stuts mei in folle kontener it fjild oer, de partytinte moast efkes wenne oan de leegte. Want doe ’t alles stil lei fanwege it waar, stienen de tintedoeken bol, sa folle minsken siet der yn. It wie ek al tsjin njoggenen doe’t de lêste minsken de doar fan it Bondsburo efter harren ticht dienen.
 
De keatswrâld as in fjild mei koweblommen, de keatswrâld mei minsken dy’t tsjin ien sizze nei in slimme sykte: ‘Ik fyn it moaier dat jo der hjoed wer by binne, dan dat ik hjoed de krânse win.’ Koweblommen dy’t dus betiden útgroeie ta sinneblommen en dat jout in waarmte dy’t je allinne yn de keatswrâld tsjinkomme.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers