contact zoeken wedstrijden

Balkearder (123) Hûs

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

It like hast wol op in ‘lotsbestemming’ dat je tidens de yn myn eagen prachtige finale op de Aldehou neist ien sieten dy’t jierren lyn de wurdfierder wie fan dy nap moat derút. Seach yn de fierte Wiep van Wieren sitten, Wiep oan de oare kant sitte hie it feest fan de aksjegroep fan nap derút kompleet makke want ek Wiep siet der doe yn. De earste seis ballen fan de finale fan de Aldehou ferdwûnen allegearre oer de boppeline. De echo fan Sip Oosterhoff -  ‘Dat se dy man sa slaan litte’ – gie dizze kear net op want alle fjouwer perkspilers sloegen dy ballen fuort as ‘oaljekoeken’. En je kinne in soad sizze fan de opslach fan Hendrik, Hans, Peter en Marten, mar oaljekoeken binne it net.
 
Dat koenen je goed santich jier lyn ek net sizze fan de ballen fan Marten van der Leest. Krekt lykas Roel Hoekstra as slachter fan Ternaard moast Marten der mei in eigen grientesaak it nedige foar dwaan om keatse te kinnen. En dan hie Marten ek noch it gelok dat hy sneins net nei tsjerke hoechde, in gelok foar in middenstanner want in soad middenstanners moasten fanwege de klandizy alle minsken ta freon en benammen ta klant hâlde.
 
Dochs wisten ‘missionarissen’ fan it leauwen him in kear te finen. In gewoanwei felle Marten liet minsken útprate as dy it nedich fûnen him om te praten en him besochten in Wachttoren oan te smarren. Soan Durk fertelde oer dy tiid doe’t de Jehova’s noch mei izer yn de skuon by de doaren lâns gienen. De tiid dat se in skoech tusken de doar setten om der foar te soargjen dat dy net foar harren noas tichtslein waard. Ek Marten krige sa’n man by de doar, de man hie de foet al foarút, mar Marten sei fan ‘Kom der yn’.
 
De man die syn ferhaal oer de hegere machten wêr’t sy yn leauden en Marten liet him útprate. Moai, sa tocht de Jehova, oare wike mar wer hjir hinne. Dat hy belle in wike letter wer oan mar doe duorde it petear krekt koarter. De Jehova tocht ‘hjir kom ik samar binnen’, en hie de foet dus net tusken de doar. Mar Marten wie koart om ‘e hoeke, ‘Dit wienen wy net ôfpraat’ en bats, ticht dy doar. Miskien hie dy Jehova it handiger oanpakke moatten en sizze moatten ‘En dochs leauwe jo yn hegere machten, want ik lies dat je in kear op knibbels fallen binne yn it opslachfak’.
 
Tink dat Marten him dan wol der yn liet, om him nochris te fertellen fan dy 5-5 en 6-6 yn de PC-finale fan 1952. Marten oan de opslach en de bal foel bûten, en Marten foel doe op de knibbels yn it opslachfak, as rôp hy hegere machten oan. Gelokkich wie de grienteman al twa kear PC-kening west yn 1948 en 1950.
 
‘Ik bin sa fier is it hinne in hiel ein fan hûs’, sa sei Marten as tachtichplusser doe’t ik by him kaam foar in ferhaal. In libbenswize útspraak dy’t oantoande dat de Jehovaman gjin bliuwende skea oanrjochte hie by de man dy’t mar acht jier yn it grutte spul meidie. Je kinne ek sizze dat hy as tachtichplusser wer ticht by hûs kaam. Wat dat oanbelanget ha de keatsers en keatssters dy’t op de Aldehou ôfskie nommen ha noch in lange wei te gean, sa falt te hoopjen.
 
Hans stúts syn reade mof as in swurd heal omheech nei it publyk. Hy wie de haadrolspiler yn de Grykse tragedy fan Troje, de Aldehou as Troje, de moaie keninginne Helena as klassemintswinst. Dat hat in soad bloed koste by de helden fan dy tiid. Nim Achilles, net te ferslaan, mar je moasten him net op de hakke reitsje, want dan wie it dien. Hans as Achilles mei Helena as it klassemint. Wat útslaan oanbelanget wie it te let slaan syn hakke, want kwea. Se wisten him yn fjouwer slaggen te finen want it glês fan Hendrik en Marten wie op dizze lêste dei fol. En bergje dy dan mar.
 
Ha genoaten fan dy finale, fûn it prachtich dat útslachgeweld want dat sjogge je net sa faak mear. Fjirtich jier en dan sa slaan, nûmer acht fan de ballen dy’t boppe gie as achterynse wie de moaiste. En dan ha wy it oer Taeke, yn desimber wurdt hy 41 jier. Noch altiten ien fan de bêste útslaggers, doch it mar. Ha it jierren lyn al skreaun: it adagio fan de útslach, wat letterlik betsjut: sa maklik, mar it net is.
 
Nee, hjir gjin oersjoch oer it keatsseizoen 2023. De tribune op de Aldehou befolke troch publyk dat kwa leeftiid wilens ek al ‘In hiel ein fan hûs is’ en net wit of der noch in Aldehou 2024 wêze sil. Sjoch sydlings nei de mem fan Mark Minnesma en tink fan ‘wa’t it hjoed ek wint, foar dy is Mark de kening fan it keatsjier 2023 want hy hat de wichtichste partij fan it jier wûn’.
 
Want ‘in ein fan hûs’ betsjut mear as allinne mar âld wurde. Hans seit spesjaal tank oan Henk en Trijn Visser yn de Keats fan oktober. Trijn is opereard oan it hert, mar in hiele libben mei har man by it keatslibben fan Hans as supporter.  As je soks sjogge as keatser en it ek noch beneame, dan bleauwe je as mins ticht by hûs, ticht by je sels, in Achilles, mar dan sûnder dy rothakke. 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers