Sa no en dan komt it wer foarby, yn Marsum wie dat net oars. En dan giet it oer de opmerking ‘Wy sjogge nei neat’. In opmerking dy’t oanjout dat it keatsen wolris mear ‘beleving’ meimakke hat en dat it allegearre mar sa sa is. Fansels is dat net gek as je betinke dat Marsum de op ien nei lêste partij fan it jier is. Je soene ek hast ferjitte dat Marsum it tusken draaimûne en feesttinte wer geweldich foar elkoar hienen. Wat ôfdakjes ekstra makke foar de âlderein, fansels net te fier fan de feesttinte ôf. Dus nei neat sjen is mar relatyf.
Bin benijd of de minsken dy’t yn Marsum sizze nei neat te sjen jûns ek dy wedstriid tsjin Ierlân sjoen ha. Yn Marsum rint it keatsjier nei de ein, mannen as Allard Hoekstra binne fiif of seis dagen dwaande mei keatsen, sels twa kear trene, de jeugd fan Jan Bogtstra op woansdei en dan ek noch sûnt dit jier yn it bestjoer fan Jan Bogtstra. Yn Marsum dus in earste priis en in earste krânse foar Allard. Krekt like folle as yn it jier fan 2022. Allard wie bliid want hy koe de minsken sjen litte dat hy wol keatse kin en dat wol hy graach. Nee fan ‘listfulling’ wol hy neat witte want dêrfoar stekt hy te folle tiid yn it keatsen.
De krânsen kamen foar rekkening fan Bauke Groente en Fruit, in bytsje reklame kin gjin kwea. In grientesaak oan de Foarwei yn Frjentsjer, dit jier al fjirtich jier lang. Mar Bauke wennet noch altiten yn Marsum, want dêr sitte myn maten, sa seit hy. Heit Rintsje Rekker wie der ek, wilens 80 jier âld en syn momint fan gloarje op De Tsiene wie yn 1961. Bauke wit it noch út de holle, Rintsje wie doe by Johan Jansen en Hotze Schuil.
Bauke is dus tegearre mei Leendert van Wieren de foarsitter fan KV Foarút. It wie allegearre wat ‘mat’ yn de keatserij, soad fan it selde en dêr kin Bauke as grienteman wol oer meiprate. Al fjirtich jier lang komt der in mantsje by him yn de winkel, en fjirtich jier lang de selde boadskippen. ‘In sekje ierappels foar ien wike, sân tomaten foar elke dei ien, sân apels, ek foar elke dei ien en dan in slaatsje foar de snein’. In klant dy’t fjirtich jier de selde boadskippen hellet en altiten om tsien oer op moandei. Dus hy is op dit momint al wer west, as grienteman sjogge je dan fjirtich jier lang nei neat, want foarspelber.
De Marsumer Merke begûn al op tongersdeitejûn yn de feesttinte mei ûnder oaren Wim Kieft en Bas Nijenhuis. Mocht oan in sponsortafel sitte fan de Broadsjebakker, in geweldige gasthear. Gie mei in skaal rûn, dan wie it steefêst fan ‘Hast twa hannen krigen net?’ It wie allegearre ornearre foar Kika, ek al sille Klaas en Jeltsje fan it Grauwe Paard ek in goede jûn hân ha dat sy wol fertsjinje.
De moaiste útspraak fan de jûn wie foar my dy fan Kieft: ‘Als iedereen telkens tegen je zegt dat je zo goed bent, begin je daar zelf in te geloven en vaak raak je dan de weg kwijt’. It wie eins ek de moaiste gearfetting fan de interland fan Nederlân tsjin Ierlân. Mar man fan de jûn foar my wie fansels Leendert van Wieren dy’t mei de mikrofoan op it poadium de saken oan elkoar prate en ek de ferlotting die.
Leendert dus, fan Tsiis on Wheels, in libben lang in hurde wurker, skiedsrjochter by it keatsen west en no dus ek dieltiid foarsitter fan de keatsklup. Leendert is in man fan dwaan, net in man fan it wurd, in man fan de krammen en linen fan in perk. Mar hy stiet der wol foar in folle feesttinte, doch it mar. Dan stelle je je as mins kwetsber op, wat dwaan wat eins net by dy past. Mar it wol docht foar de goede saak, en ien moat it dochs dwaan.
Dus minsken, de opmerking ‘Wy sjogge nei neat’ gie yn Marsum net op. Wy seagen nei frijwilligers yn de waarmte mei broadsjes en drinken, wy seagen nei Bauke dy’t achter de bestjoerstinte oan de blokjerinners frege ‘Ik sykje trije oanmerkers foar de finale’ en as antwurd krige ‘Wat is dat?’ Ja Bauke, dat is ek Marsum, yn de rin fan de jierren oars wurden. Wy seagen nei Leendert dy’t ek sneins wer achter de mikrofoan stie. Earst efkes de krammen derút, dêrnei achter de mikrofoan om de kening bekind te meitsjen en de prizen út te rikken. Each foar alles want ek Henk Bootsma krige wat foar de muoite. Dus minsken, sis nea wer ‘Wy sjogge nei neat’ as jim wer ris yn Marsum komme want as je dit alles net sjogge dan sjogge je neat. En dat is wer wat oars as nei neat sjen.