contact zoeken wedstrijden

Balkearder (121) Engelbewaarder

Foto: Rynk Bosma
Foto Lieuwe Bosch

In keatsfjild fol mei keatsende bern sa as snein yn Stiens is de dream fan elk dy’t fan keatsen hâldt en dus ek fan Fryslân hâldt. Want keatsen heart by in diel fan dizze provinsje en de Fryske taal stiet stiif fan de siswizen dy’t út it keatsen komme. Lêsten sei ien ‘Witte jo wol dat je allinne by it keatsen in pear kear op ‘e dea stean kinne en dochs noch troch libje kinne?’ It is mar ien siswize dy’t út it keatsen komt en eins ek de reden wêze moat om fêst te hâlden oan it prinsipe fan der ôf is der ôf. Net in heale kompetysje op it heechste nivo, ek al komt soks faak troch te min partoeren en it útgongspunt fan dat je as keatser dan mear partijen keatse kinne.
 
Yn Stiens wienen ‘net hoege mar meie’ en ‘wille’ de kening en de keninginne fan de dei. De ‘spelende mens’ op wei nei de folwoeksenheid, de sinnestrielen fan de maaitiid dy’t alles krekt wat moaier meitsje yn it libben as op oare dagen. In pake fan de Wâlden dy’t grutsk fertelt dat syn pakesizzer al seis ballen boppe hat. Net ien yn de buert dy’t seurt oer dat der te folle ballen boppe slein wurde, net ien dy’t eamelt oer de want en de nap of te folle bûten. Nee, it spultsje keatsen wurdt optsjinne sa’t it troch de kok yn de keuken fan 2023 makke is. Gewoan trije spul is út want de ‘tiid is úzes mei-elkoar’.
 
En dat op it fjild fan KC de Boer, it plak wêr’t Piet Jetze Faber syn earste ballen opsloech en ek útsloech. Mear as tritich jier lang de keatser mei de measte punten, de iennige dy’t fjouwer kear PC-kening wurden is. Mar no is hy foarby gien troch de man dy’t ferklaaid as bokser mei in badjas oan en in mûts op ’e holle yn fermomming de geheimsinnige gast wie oan it begjin fan de slotpartij yn Stiens. Taeke Triemstra dus, tegearre mei Marrit Zeinstra en dan is in mûts fansels wol nedich want as je dat net dogge dan kinne je mei it blonde hier fan Marrit en de krullekop fan Taeke ek like goed omroppe wa’t it binne. No duorde it ek net lang foardat de earsten harren nammen rôpen, dus lang duorde it mystery net.
 
De bern koenen fragen stelle oan twa ‘grootheden’ yn it keatsen fan no. Ut de antwurden die bliken dat freonskippen by it frouljuskeatsen dochs hiel wichtich binne want winne mei freondinnen fûn Marrit dochs it moaiste. In freonskip betsjut ûnder oare feilich wêze by elkoar en dat gie ek op foar Stiens. ‘It is hjir in feilige bubbel’, sa sei ien fan de organisaasje. De keatsers en keatssters binne faak ek freonen en freondinnen bûten it keatsen om, se diele as freonegroep ek oare dingen mei elkoar.
 
Sjoernalist Edward Jorna skriuwt elke wike in prachtige kollum yn it Frysk yn de krante fan sneon fan it Friesch Dagblad. Oer mannen op leeftiid dy’t it gers út de paden foar harren hûs helje en de berm ek noch meane as it gers te lang wurdt yn doarpen lykas Jorwert of Weidum. De mannen fan de ‘groenvoorziening’ fan de gemeente Ljouwert ride hast elke wike yn de auto lâns. Dy mannen komme net fierder as de hân opstekke en dan fierder ride. Wêr docht dit oan tinken? Miskien wol oan guon dy’t wol sizze wat der net doocht, mar net út de auto komme om in hantaast te dwaan.
 
Mar wichtiger noch yn dit ferbân is dat ûnder de namme fan Jorna stiet: ‘hâldt fan Fryslân’ en dy leafdesferklearring kinne je ek feroarje yn ‘hâldt fan keatsen’. En dan kinne je tinke oan de beide bestjoersleden fan it HB fan de KNKB, Johannes Siegersma en Anita Palma. Sy sitte yn in lege kantine de hiele dei de útslaggen yn te fieren fan de 366 keatssters en keatsers dy’t yn seis kategorieën keatse. Je kinne tinke oan Rutmer van der Meer dy’t nei in omloop fan de welpen de beide keatsblokjes wer netsjes neist de rjochter prop leit, klear foar in folgende omloop. Blokjerinner by de twadde omloop. Allegearre komme se út de auto.
 
En wat te tinken fan Karel Nijman en Erik Seerden, dizze kear yn in stoel, sjen nei eigen bern. Mar yn it gefal fan Karel ek LKC wer keatsend op de kaart setten hat mei in twadde priis op de Freule mei Erik as coach. No’t wy it dochs oer de Freule ha, wat te tinken fan foarsitter Gosse Faber dy’t dy Freule yn 1971 wûn foar Stiens mei Piet Jetze Faber en Anne Rinkema. No al wer fiif jier foarsitter fan de keatsklup, sa’n 25 jier keatstrener west is by de feriening. Wol in nuvere Freule doe, min waar en let dien en ik leau ek noch gedoe om wa’t mei moast yn it partoer.
 
De dei begûn mei it ferske ‘De engelbewaarder’ fan Marco Schuitmaker. Doe’t in mem fan in keatsdochter net wist wa’t Schuitmaker wie, krige sy te hearren: ‘Jim rinne altiten in heal jier achter’. No tel dêr wat my oanbelanget mar tritich jier by op. Mar as je wat net witte dan kinne je dat opsykje. In oare kear kin dy mem dus tsjin de dochter sizze: ‘Witsto wa’t Pierre Kartner of Vader Abraham is? Dy fan it nûmer oer dat lytse kafee oan de haven? En alle oare nûmers?’ It antwurd sil fêst ‘Wa is dat?’ wêze.
 
It wie dus Pierre Kartner dy’t it nûmer ‘De engelbewaarder’ skreaun hat, in artyst fan de santiger jierren, in sjonger dy’t as Vader Abraham troch it libben gie. As je nei de tekst fan ‘De engelbewaarder’ sjogge dan kinne je begripe dat it nûmer spile waard doe’t Mark Minnesma wer thús kaam út it sikehûs. De winsk dat it foarjier op it fjild yn Stiens feroarje mei yn in moaie en benammen gelokkige simmer. Al dan net as haadklasser is dan bysaak. It is in moai byld, in ‘engelbewaarder’ dy’t meireizget en dy’t der foar soarget dat je as jonge of famke lâns it hiele libbenspaad rinne meie. En dat je op dat paad net in ‘keetpartij’ yn Burchwert tsjinkomme meie: ‘Dat zo’n engelbewaarder op je let’.
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers