contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (118) Otte

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Dus dêr steane je dan, je faaie de lêste triennen fan teloarstelling noch even út de eagen, slokke in pear kear en sizze dan by wize fan sprekken fan: ‘No stel de fragen mar’ tsjin de man oan de oare kant fan de mikrofoan. ‘Hoe fielst dy no?’; ‘Wat giet der troch dy hinne?’; en ‘Wat docht dit mei dy?’ Fansels binne je as ferliezend Freule-finalist net wend om foar in mikrofoan te stean, om radio, televyzje en kranten te wurd te stean. Sport is op sa’n momint even it hiele libben  foar ien dy’t dit jier achttjin wurdt of al is. Otte Algra dus fan LKC út Ljouwert, tegearre mei Harmen Zuidema de sensaasje fan de Freule fan dit jier.
 
As je suver nei de sifers sjogge dan wie Harmen fan LKC de bêste man fan de finale mei trije ballen bûten, seis kear in sitbal en twa ballen der oer hinne. As je wer nei de sifers sjogge, mar dan allinne nei de sifers fan de mannen yn ‘e krite dan wie Otte de bêste perkspiler want de lange Ljouwerter timmerde der acht ballen oerhinne, wêrfan twa ûnderhâns. Dit alles bewiist dat sifers hiel aardich binne om by te hâlden, mar se sizze betiden neat oer it hoe en wêrom fan it winnen. Want ek keatsen is in ballet mei in bal en in ballet fan timing.
 
Twa kear mei 0-6 achter op 3-2 en 4-2 en twa kear 6-6, twa kear Harmen oan de opslach, de iene sit, de oare in pear sentimeter te fier. It is 4-3 foar Ljouwert, noch neat oan de hân soenen je sizze. Mar keatsen is krekt as de leafde in spul fan mominten en dy mominten hie LKC opbrûkt en de leafde fan de Partij gie nei Dronryp dy’t wol op tiid syn leafde ferklearre oan de Freule mei Brent Timmerman as de jonkhear mei de blommen dy’t op ien knibbel de Freule as breid frege.
 
As je nei ôfrin noch trije ferhalen dwaan moatte oer dizze dochs prachtige Freule dan litte je it ‘laveren’ tusken ien of twa kear in tút en oare felisitaasjes foar wat it is. Sjoch je kinne fansels ek de earste trije regels fan in ferhaal oars meitsje en dan it selde ferhaal der oan taheakje en dan mar hoopje, of better sein sa gek wêze te tinken dat in oar it net troch hat. Ha dat yn it ferline faker as ien kear meimakke. Mei it brûken fan in sitaat is it dochs wat oars ek al sille lêzers tinke dat je mei de jonges praat ha wylst je it fia de media ôflústere ha.
 
En sa komme je earst by it petear út mei de fragen oer de emoasjes fan de keatser wêr’t je dus twa kear neat mei kinne. It is de moderne sjoernalistyk, litte wy it dêr mar op hâlde en dat jout je it gefoel al mei ien foet yn it Keatsmuseum te stean. En fansels is it bedoeld foar it grutte publyk, as in soarte fan tiramisu nei it iten fan spareribs.
 
Freegje dy jonge nei it wêrom fan it ferliezen en dan komme je út by syn blessuere en de hinder dy’t hy dêrfan hie by it opslaan. En dat is gelokkich ek wol troch oaren dien, dus wêr ha wy it oer? Nei dy blessuerebehanneling sloech Otte de earste de beste bal de tribune yn. De partij waard ferlern op syn twadde opslach, te moai, te foarsichtich fanwege dy blessuere. Wylst Otte der mar ien neist it perk hie, fan alle fjouwer it minste tal bûten. De les fan dit alles is dat je net te folle op sifers fertrouwe moatte om te ferklearjen wêrom ien it ferlern of wûn hat. Teminsten as dy sifers net oer de grinzen fan it gewoane hinne geane.
 
Fansels leit de klam yn dizze tiid op ‘emotie’ of ‘beleving’ en dat past ek in bytsje by de tiid fan no. De emoasje as evangeelje fan in maatskippij dy’t almar hurder wurdt. Sifers sizze dus betiden neat oer in partij. Krekt lykas it te faak ha oer ‘emotie’ of ‘beleving’ neat mear seit oer de ynhâld fan dy wurden. Gelokkich wie Otte in moaie útsûndering dy’t de mins wer hoop jout op de dei fan moarn.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers