contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (117) Opslagger

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

It moaiste komplimint fan de lêste wiken wie dochs de opmerking ‘Tsjin dizze opslagger kinne je net winne. Jan’. Jan is Jan Seerden dy’t yn 1956 de Freule wûn foar Frjentsjer, altiten rûn de PC jierdei krekt lykas Klaas van Wieren. Jan hat op de PC de hiele dei byhâlden wêr’t de winst makke waard tidens de partijen. Dat wol sizze de partijen dy’t op it Sjûkelân hâlden waarden. Ek dêr wie de konklúzje fan Seerden dúdlik: ‘Tegen deze opslag is niet te kaatsen’. Fan de yn totaal 222 punten dy’t der te heljen wiene, waarden neffens Jan 136 oan de opslach helle en 86 yn it perk.
 
Oer kompliminten sprutsen, wat hat de PC it geweldich dien, yn tinzen linich as lekken, en fansels keatse op de fjilden fan de Hertog van Saxenlaan is net wat je neame keatse op in PC. Mar om it efkes yn de wurden fan Taede Zijlstra it sizzen ‘It koe net oars’. It prachtige ferhaal fan Taede dy’t him omkeapje litten hie en nei de partij yn it kafee tsjin syn maat oan de taap sei fan ‘Do moast mar ien fan my ha, it koe hjoed net oars’. Taede bedoelde fansels dat hy dizze sinten net lizze litte koe.
 
Ja it is in brike fergeliking yn de tiid fan no, want de PC hie ek nei in oare dei kinnen. Mar ha dat net dien want allinne de PC koe achter de skermen sjen wat it allegearre betsjutte om dit mega-evenemint nei in oare dei te bringen. In frijwilligster fan de PC sei yn Wytmarsum: ‘Maar het moet wel geregeld worden natuurlijk, extra telegrafen, extra bezetting aan de ‘linen’. Mijn man moest het allemaal te regelen, hij deed het met liefde hoor maar het is wel allemaal ‘onzichtbaar’ werk dat de meeste mensen niet zien.’
 
Wat taspraken oanbelanget kinne je sizze dat je tsjin opslagger Ids Hellinga net winne kinne, ek dit jier net. Erik van Muiswinkel neamde it in ‘oudejaarsconference in de zomer’ en dy allure hie it ek. Mei as reade tried dochs in bytsje it ôfskie fan Johannes Brandsma dat de PC yn 1990 fergetten wie te nimmen. De grutheid fan in organisaasje wurdt net bepaald troch it tal flaters, mar troch it tajaan fan dy flaters en dan besykje it goed te meitsjen of teminsten ta te jaan dat je der doe neist sieten. Ek al wienen je sels gjin foarsitter of lid fan de PC doe.
 
Fansels waarden de PC-winners fan 2022 noch efkes yn it sintsje set en Ids helle doe noch even in krantenkop út 2021 oan dat sei dat ‘Vertrek Steenstra’ ta PC-winst liede. Sjoch dan ha wy it oer in opslagger dy’t twa perken bûten slacht, sa’n kop is in blunder. Je meie it stikem wol tinke, mar nea sa opskriuwe. Want it liket op neitraapjen, je jouwe ien in skop nei en dan giet it net mear oer de prestaasje fan it partoer dat wint. Mar oer it partoer dat it net wûn hat.
 
Sjoch dat Tjisse sels fuortgien is by dy mannen hat fansels in ynspiraasje west foar Taeke en Gert-Anne om yn it nije jier sjen te litten dat sy noch net ôfskreaun binne. En dan ek noch in jier ‘corona’. Dat is de sportman eigen en de sportman seit wolris wat nei in ferlerne partij, emoasje hjit soks. Taeke soe flak nei de útskeakeling op de Hertog van Saxenlaan e kit nedige sein ha, lykas dat it ‘PC onwaardig’ wie hjir te keatsen. De fraach is of soks yn de krante moat. De earste emoasje fan de ferliezer is faak net in monumint fan nuânse en dan is it net altiten handich soks op te skriuwen, ek al hat ien it sein. Hoe faak binne der net opmerkingen te hearren fan keatsers wêr’t je fan witte dat je dy net brûke kinne of meie omdat it oer de rêch fan dy keatser giet.
 
Wat wol opskreaun wurde kin is dat flak foar de finale fan de PC noch ien kear steande klapt waard foar Johannes. De foto op it skerm, it duorre 47 tellen sa skreau Jacob Stelwagen. It wie in gebaar fan de PC mei de allure fan de lêste winnende opslachbal fan Steven Koster yn de finale fan de Freule. Betiden nimt it libben it fan de opslagger oer en dan witte je wis dat je it nea winne kinne.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers