contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (116) Mis

Tekst; Rynk Bosma
 
Sjoch, je kinne ien kear mis wêze wat de kening fan de partij oanbelanget. Yn Seisbierrum stie it wurd (koning) foar it ferhaal yn it Friesch Dagblad oant it lêst ta efter de namme Marten Bergsma. Foar alle wissichheid dochs noch efkes sjen, en ja hear, Hendrik Kootstra stie yn ‘e midden. Net dat it de wrotter Kootstra misgund wurdt, mar in ferkearde kening docht gjin rjocht oan de titel.
 
No is ‘ús Klaas’ der altiten foar de rêchdekking want Klaas hat it motto fan Sikke Wiersma fan Ikkerwâld oernaam. Ja wit it, gjin mins dy’t noch wit wa’t dat wie mei dy pet skean op ‘e holle. Ja miskien Wiep van Wieren, want Sikke wie in grut fan fan Wiep. Sikke koe net autoride en gie faak mei syn soan nei it keatsen. Dy fertelde ea: ‘Us heit stie in oere te betiid foar de doar want hy sei altiten steefêst fan ‘Ik wol net in  slach misse’.’ Sikke siet ek geregeldwei yn in keningskommisje en dan hie hy allegearre lytse briefkes yn ‘e bûse mei oantekeningen fan de earste slach ôf.
 
Klaas hat dat motto ek, en hy is in noflike rêchdekking oangeande it beneamen fan de kening. Klaas hie yn Seisbierrum ek dy earste omloop sjoen, doe’t Marten syn partoer rêden hat en tocht ek fan ‘it moat wol raar komme as Marten hjoed gjin kening wurdt’. No it kaam ‘raar’ en miskien is dat wol de skuld fan it griene tentsijl op de karre foar de pers. Ynienen waaide dat ding tidens de finale nei ûnderen, wy hienen allinne noch it sicht op it grien. Klaas lei skean yn de karre om troch in kierke dochs noch wat te sjen. Miskien ha wy doe de slach mist dy’t Hendrik ta kening makke.
 
Mar twa kear mis wêze kin fansels net en dan ek noch in dei letter. Klaas: ‘It moat raar komme as Tjisse hjoed kening wurdt’. Yn Arum dus en wie it der mei iens. Hie Hans op kening en ek dit kear gie it al mis, fergetten it te feroarjen yn it ferhaal. No jout dat neat want Tjisse sei sels ek al dat hy noch net top wie. En wa’t him yn Holwert en Broeksterwâld sjoen hat yn juny moat sizze fan Tjisse hat gelyk.
 
In dei letter fertelde ien my de reden dat Hans net kening waard yn Arum. Hy hie dy pirouette net dwaan moatten, dy prachtige slach achter de rêch om hat him de titel koste. De boadskip wie ‘doch mar gewoan’ want sa wurde je gjin kening ek al wie it fansels in prachtige aksje fan timing en balgefoel. Mar dat moatte je fansels wol sjén.
 
Oer sjen en mis sprutsen, de VAR dy’t troch de skiednis fan it keatsen kuiert en hingjen bliuwt yn 1988. Mei dy bal ‘foar’ fan Tunno Schurer mei Piet Jetze Faber yn it foarperk. In ‘still’ út in filmopname bewiist dat dy bal foar wie. Prachtich fansels dat de wierheid boppe wetter komt, mar wat no? Dat wie op de stân 5-5 en 4-4 doe’t dy bal jûn waard. Neffens achterynse Hotze Rusticus binne se doe wer te gau yn it perk stean gien en doe sloech in noch lulke Piet Jetze de bal kwea.
 
It ferfolch is it ferhaal fan in PC fan in oare tiid. Mar it moaiste wie fansels dy keatsbal fan de man dy’t doe mis siet op de foarline, Piet Schuil. Piet Jetze Faber krige jierren letter in keatsbal mei de tekst Sans Rancune. Leau fêst dat Johannes Brandsma him deagniisd hat by dizze tekst, Piet Schuil hie it better yn it Nederlâns dwaan kinnen en dan mei de tekst Sorry of Excuses. De tekst Sans Rancune soe betsjutte dat de karmaster Schuil gjin wrok hat tsjin de keatser Piet Jetze Faber. Dus de man dy’t Piet Jetze miskien wol in PC-winst koste hat, hat gjin wrok mear!!!!!!!
Fansels wie de VAR fan dizze wike der doe noch net. Dus ek dat moatte je yn de tiid fan doe sjen. Piet Schuil sil nea witten ha dat hy der neist siet en dat is mar goed ek. Oer beslissingen en Piet Jetze Faber sprutsen. Wat te tinken fan de geweldige foto fan Piet Jetze en karmaster De Haan by de opslach yn 1991. It is yn de heale finale 5-5 en 6-6 mei oan de iene kant Coos Veltman, Piet Jetze Faber en Tunno Schurer. Oan de oare kant Erik Seerden, Rinse Bleeker en Thom van der Meer. Bal wurdt opslein en Bleeker slacht him kwea oan de rjochter kant. Dan klinkt it ‘Overlopen’ fan karmaster De Haan. It ferfolch is op de foto te sjen.
 
Mis wêze troch it ferkeard te sjen, foar of yn, kin gebeure. Dat heart by it spul. Mar om op 5-5 en 6-6 ‘overlopen’ te roppen dan ha je de regels net hielendal begrepen sa as de Engelsen: regels tapasse ‘in de geest van het spel.’ En soks kin de VAR dan wer net fêstlizze.

Balkearder116

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers