contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (112) Exposure

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

In wike lang hast elke dei wie Metske van der Ploeg fan Holwert ûnderweis mei de jarrebak fol wetter om it gers op It Keechje wiet of grien te hâlden. Frijwilligerswurk wat net sjoen wurdt, de ballen stuitten noch like heech foar de keatsers, mar dat koe ek net oars fansels. Metske wie mar ien fan de frijwilligers yn Holwert dy’t warber wiene om it de top fan it keatsen it sa folle mooglik nei it sin te meitsjen, yn Broeksterwâld wie dat net oars.

Jurrit Osinga mocht yn Holwert foar it earst tsjin Tjisse Steenstra keatse. Achter yn it perk en net witte hokker ballen je krije, doch it mar ris. Neffens Jurrit meitsje dy ballen yn it achterperk mei in ferskrikkelike gong ek noch in ‘knik’. Yn de finale ferloste Renze Hiemstra him út syn lijen troch it achteryn oer te nimmen. En dat skeelde want foaryn hoege je, neffens Jurrit, allinne mar de hân der tsjin oan te hâlden. Tink dat der noch wol wat mear komt sjen, mar Jurrit is yn alles beskieden.

Tocht tidens de finale yn Berltsum even oan Metske doe’t it partoer fan Menno van Zwieten it fjild op kaam. Yn it blau en net yn it grien want ien fan de shirts wie op in dak soale, net te finen dus. Miskien hie in frijwilliger fan Holwert it wol dien, in statement meitsje. Dus yn it blau. Alle trije hienen se ôfsein, of harren net opjûn foar Holwert. Wylst it yn Holwert dochs prachtich oanklaaid wie, trije dagen Holwerter feest, geraas fan de bern tidens de ‘zeskamp’ en dat alles moasten se misse, of namen net de muoite te kommen. 

En wat te tinken fan Winaam, it doarp fan PC-winner Ruurdt Rutten. In partij foar earste klassers mei in prizenjild op haadklassenivo, trije dagen merke en dan mei mar seis partoer want te min opjefte. Yn oerlis mei de KNKB is Holwert fan tsien nei acht gien sadat Winaam ek trochgean koe, ek al koe dat neffens de regleminten eins net.
 
De ‘zonnekoning’ fan juny foel yn Berltsum fan de troan en fansels wie dat net bedoeld as in fergeliking mei dy oarlochssuchtige Lodewijk XIV, de fjirtjinde dus, en dy waard le roi soleil neamd. Mar no’t De Brand der net mear is, wit gjinien mear wat it betsjut. Of it moat de âlde Thom Dijkstra fan Wier wêze, dy’t al hiel lang de namme sans soucis brûkt om oan te jaan dat hy ‘zonder zorgen’ is. Sterker noch yn Berltsum hiet de partij de Sans Souci-partij nei de haadsponsor. 

In partij mei soargen fanwege de hitte, mar ek in partij wêr’t Tjisse as ‘zonnekoning’ yn in oare betsjutting fan de troan foel miskien wol troch dy hitte. Hy is in ‘zonnekoning’ want hy bringt fleur, hy bringt de sinne ûnder de minsken, even op ‘e stoel neist Rimmer Osinga en syn frou yn Holwert.
 
Lis it even út want je moatte hoeden wêze mei fergelikingen út de skiednis. Lolke Bierma komt ek fan Holwert en wennet yn Amsterdam. Hearde dat it allegearre prachtich foar elkoar wie dêr oer de ôfslútdyk op it NK foar froulju. Mar dan moatte je fansels gjin nuvere dingen sizze sa as Lolke dat die. ‘Wêr soe de KNKB wêze sûnder Amsterdam?’, sa frege Lolke him ôf. In nuvere fraach dat it net hellet by wat folget. ‘De sport hat exposure noadich, moat mear út it Fryske gebeuren wei. Moatst foarposten ha, sa as de Romeinen dy hienen mei Nijmegen en Maastricht.’
 
Moatte wy nei in takomst mei keizer Marcus Aurelius Gaius Hoekstra as keizer? De KNKB as it Romeinse Ryk? Dan falt it noch ta mei eigen ‘zonnekoning’ want it wetter rûn dy ‘foarposten’ kleurde read fan it bloed. De macht fan de keizer fan it Romeinse Ryk betsjutte dat je of slaaf waarden of je waarden dea makke troch de Romeinen en dat allegearre yn namme fan de pecunia. Alles bûten it Forum Romanum yn Rome waard sjoen as ‘wingewest’.
 
Leau dat Lolke wat te lang ûnder de Amsterdammers wenne hat mei alle grutspraak dy’t der by heart. Of it wie in grap en dan kinne wy noch wol even trochgean. Centurion Metske fan Holwert mei de jarrebak it lân yn, Ids Hellinga op de bok om de twa Fryske hynders te lieden en Metske mei it gewear op de striidwein fan de jarrebak. Klear om as jager sokke ideeën fuort út de loft te sjitten en dan werom nei Holwert oan see.
 
Paradise lost foar guon âld-Holwerters om even yn de trant fan exposure troch te gean. Even nei it keatsen lâns de piketpealtsjes fan eigen ferline en de ferhalen hingje as in dize op in moaie simmermoarn boppe dy pealtsjes. De treast by it lêste stik fan it libben as ien tsjin dy seit ‘As jo efter de seedyk berne binne, dan binne jo taai. Do bleaust hjir noch wol even’. De mankelike tinzen oan in jongere broer dy’t healweis de fjirtich rom tritich jier lyn ferstoar. De tinzen ek dy’t je wer ferbine mei Metske want dy selde broer hie jierrenlang in portret fan syn kammeraat Auke van der Ploeg neist it bêd dy’t mar sechtjin jier wurde mocht.
 
De heit fan Auke wie Pieter van der Ploeg en hy wurke by boer Kalma, ien fan de boeren fan it buertskip Trijeboerhuzen. Sneons op 'e neimiddei siet Kalma altyd efkes yn De Klok. Pieter kaam der jûns en dan stie der in troch boer Kalma betelle slokje foar him klear. Ferhalen dy’t tusken bûten en boppe ferteld wurde op it keatsfjild. Want dat is just de exposure fan it keatsen. De ferbining tusken paradise lost en paradise dat je der, ek al binne je siik, noch binne. Dat je by sykte oer de seedyk hinne yn de neare nacht nei it ljocht fan de fjoertoer sjen meie, it ljocht fan hoop yn it donker. In ljochtflits lykas yn Amsterdam, it gelokkige momint dat je noch meimeitsje meie dat de eigen dochter it NK wint. 

 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers