contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (111) Libbensgefoel

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

As je de eagen ticht dienen, dan tochten je yn Broeksterwâld dat de ‘PC’ fan Frjentsjer ferhuze wie nei it fjild rûn it klupgebou Oan ‘e kwea.  Net dat je oer de hollen rinne koenen, mar it wie de stim fan Johannes van der Ploeg dy’t je op de ferkearde foet sette. De PC-speaker ‘in ruste’ wie frege troch Ina en mocht mei in bepaald merk beerenburch en trije romers wer nei Frjentsjer ta. En dat hie sa syn reden, dan koe Johannes wer goed foar it ljocht komme as PC-foarsitter Ids wer ris mei noch in PC-lid lâns komt.
 
Ha altiten tocht dat Ids gjin swakke punten hie, izersterk yn de taspraak, mei it harnas fan ‘doch mar gewoan’ dat him op in natuerlike wize past as in maatpak. Mar, en no komme wy yn the killing fields fan roddel, ek in man dy’t wit wêr’t hy hinne wol en dan moat it ek gebeure. Oer roddel sprutsen, Ids en in oar PC-lid ha de gewoante sa no en dan oan te beljen by de wurkeleaze speaker Johannes en dan is it de gewoante dat der ierdbeien en sljachrjemme op tafel steane. Mei fansels trije romers wêr’t de beerenburch fan in seker merk yn kin.
 
De beerenburch stiet dus no al klear mei de romers tsjinstber der omhinne. Kin dit feilich opskriuwe want Ids skynt no yn Amearika te sitten mar wit fansels ek as gjin oar dat it no de tiid fan de ierdbeien is, nee net dy wetterige dingen fan Spanje, mar echte. Dus Ids sil wol wer rillegau de oerstek nei Fryslân meitsje.
 
En sa miende Broeksterwâld it dochs noch goed mei de âlderen, ek al die dat trepke je oan oare dingen tinken. It like wol sa’n wibeljende brêge fan planken tusken twa rotspunten ferbûn sa’t je dy wolris yn films sjogge. En dan om de meter in pear planken dy’t fuorthelle wienen sadat je sicht hienen op de djipte ûnder je as je fan doel wienen om mis te stappen. Mar fierder wie alles yn oarder, de man op de kwea frege om ‘zonnebrand’ en waard ek noch troch in dame ynsmard, ‘service fan Sla Raek’, kom dêr ris om.
 
Yn Stiens wie dy ‘service’ trouwens net minder, prachtich oanklaaide Stienzer Dagen mei sa’n grutte tinte dat ik even tocht dat se Poetin as earegast hienen. Muzikanten fan Snits dy’t in oar repertoire hienen as de ‘internationale’, mar de sfear der goed yn brochten. En ja, it hat wolris spannender west mar yn elk gefal wie it op de boppe gjin Jouster Ballonnenfestival sa as yn Broeksterwâld yn de heale finale. De ballen waaiden boppe de boppeline gewoan werom it fjild yn. Dus dat wie goed foar it tuskenspul, sa’t minsken dy’t der nea komme dat sa graach ha wolle.
 
Dus foar dy minsken even in sfearbyld: ja de keatsers stienen nei in partij achter in ophongen tintedoek by in stik as wat molkbussen mei wetter om harren wat op te knappen, en ja in band mei de namme ‘Evert Heeg’ spile nei de tiid ta de nacht út sadat de wjukken fan de mûne fan ellinde spontaan begûnen te draaien yn de hoop dat it eindelik in kear stil wurde soe.
 
Werom nei it oranje fan Stiens mei in priisútrikking sa ticht mooglik by de feesttinte sa’t it heart, Sint Anne die dat al en no ek Stiens: bring de keatsers nei it feest en net it feest nei de keatsers, want dat paad witte dy mannen sels  wol te finen. Net dat it foar elk feest wie, tink net dat Taeke Triemstra jubele hat oer it ferrin fan de partij, in tredde priis mar en dochs santjin fuort yn de earste twa omlopen. Wat dat oanbelanget is it makliker Renze Hiemstra bûten de partij te hâlden dan Taeke. Want as opslagger moatte je echt tille om oer him hinne te kinnen mei alle risiko fan bûten. Oan de oare kant is Hans Wassenaar wer better ôfjage op dy tuskenynse sjoen it gemak fan ûnderhâns boppeslaan.
 
De sjarme fan keatsen leit yn de details, wêrom dit of wêrom dat, mar de essinsje is altiten dy fan in winner:  ‘Je moet uitstralen dat je wilt winnen, dan sta je al een spel voor. Maar als de anderen beter zijn zoals ons overkwam in Sint Anna, dan is het klaar, niks aan te doen. Maar je moet elke keer weer proberen iets onoverwinnelijks uit te stralen. Doe je dat niet dan verlies je van jezelf’, sa sei miskien wol de bêste analist fan alle keatsers it snein. En dan ha wy it oer Renze Hiemstra, de man achter de sinnebril mei de spegel fan de blauwe himel yn de blauwe glêzen. Mar ek de man dy’t yn alle sjagrijn - derôf tsjin it partoer Remmelt Bouma – kwa timing yn Menaam de moaiste aksje op de boppe hie fan dit jier. Krekt op it juste momint fan de grûn, en dan de mof op it juste momint yn de baan fan de te hege bal. Dat is balgefoel, dat ferleare je nea wer ek al wurde je aansens 38 jier.
 
Twa ferskillende keningen yn it ôfrûne wykein, mar foar my wie der mar ien echte kening dit wykein ek al siet der gjin priis yn. En dat wie Johannes van der Veen, de opslagger dy’t syn earste krânse op de haadklasse yn Menaam ophong oan de gevel fan de doe deasike Pieter Goodijk. Dan ha je gjin balgefoel, mar libbensgefoel en dat is krekt even wichtiger.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers