contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (110) Carpe Diem

De heale hinnen fleagen foar mear as seis euro oer it stek nei de mannen en froulju dy’t nei in pear oerkes tinte yn Dronryp wol oan wat ta wienen. Hearde fan in oar dy’t belutsen wie by de ferkeap fan kaartsjes dat de jongerein hast net te hâlden wie om ek yn dy tinte te kommen, kaartsje of gjin kaartsje. Hearde ek dat as je de eagen even tichtdienen en de oare kante op seagen, je der ek noch in bûssint oan oerhâlde koe. Mar soks dogge wy hjir net.
 
Wol fansels nea wer wat hearre oer entreeprizen by it keatsen as je hearre wat je foar in munt deltelle moasten. It keatsen leit as sport op de snijtafel yn it sikehûs, der moet snijd wurde en der moat fernijd wurde. Mar it is ek moai dat bepaalde dingen net feroarje. Nim no Jacob Wassenaar dy’t it ‘etterjen’ noch net ferleard is, hearlik is dat en hâld mar op oer de stelling dat wiisheid mei de jierren komt, in winner is in winner oant syn dea ta. Yn dit ferbân is it ferhaal oer Reinier Paping sa moai. Paping wûn yn 1963 de Alvestedetocht, de Grinzer Jan Uitham waard twadde. Uitham kaam as njoggentiger yn in fersoargingshûs terjochte, en Paping kaam him mei in freon fan Drachten steefêst in pear kear yn it jier opsykjen.
 
Fansels gienen se dan ek wol in eintsje te kuierjen, Uitham yn de rolstoel, Paping triuwe. Op in stuit kamen se troch in doar yn de grutte seal, en de freon koe it net litte en sei ‘Nu is Uitham toch een keer eerste Reinier!’ en eins koe Paping, in man fan djip yn de tachtich, soks noch net goed ferneare. Moai is dat, krekt lykas in momint yn Marsum in hiel skoft lyn. Hie oer Jacob Wassenaar skreaun dat hy yn wurden alles út de kast helle om de tjinstanners út it spul te heljen.
 
Yn Marsum ferlear Jacob de finale en nei ôfrin stúts hy de finger omheech nei my mei de wurden ‘No moatte wy mar ris even prate’. Syn earste fraach wie: ‘Jo ha seker noch nea oan sport dien?’ Om der fuort achteroan te sizzen: ‘As je sels minder binne as de oar, dan dogge je alles om dy oar út syn spul te heljen.’ Jacob hie gelyk.
 
En sa komme we fansels terjochte by it wurd relatyf yn ferbân mei sport. In fuotbalwedstriid op it heechste nivo duorret twa kear trije kertier en dat is op it nivo fan Champions League faak in oere te lang. Sjoch njoggen fan de tsien wedstriden net út fanwege de ‘vervuiling’ fan it grutte jild. Ha mear wille fan Eastermar tsjin Droegeham yn de fyfde klasse dan PSG tsjin Inter Milan. De fuotbalsport is net suver mear, oeral komme je de fallende sykte tsjin en oare ‘misstanden’ dy’t der foar soargje dat it faak net mear om oan te sjen is. In fol stadion is kwa jild net mear de basis sûnt de tv-rjochten bepale wannear in wedstriid spile wurdt.

Carpe Diem

It keatsen is as sport noch altiten suver, ek al hie Wiep van Wieren fan ûnder de hoed yn Dronryp wol de kanttekening: ‘Se sizze dat dy hiele want no in nap is’. Mar hy sei ek: ‘Ferskrikkelik wat ha dy mannen in gong oan de opslach’. Op 6 juny 70 jier wurden, nea ien sjoen dy’t fierder slaan koe as Wiep. De tiid dy’t rûn draait as dy grutte booster. Fyftich jier lyn wie Wiep winner fan de PC, no hoeden ûnder in striehoed it motto fan ‘pluk de dag’, wat deftiger sein: carpe diem.
 
Dy dagen kin Johannes Brandsma net mear plukke, kanonnier Gert-Anne van der Bos giet him hjoed of moarn foarby yn it klassemint. En litte wy fan dat moarn mar hjoed meitsje, sa waard der tocht. Altiten in soad minsken op de Ryp dus wat is der in moaier plak kwa symbolyk om hjir mei in bûging de blommen oan Gert-Anne oan te bieden. In kwa publyk moai poadium foar de bêste keatser dy’t der west hat. Broer Lieuwe mocht de blommen út namme fan dochter Bianca en Ivan jaan.
 
Fansels kloppe it kwa tal punten net, te betiid, mar dêr gie it net om. En nee, Gert-Anne is pas ein juny jierdei dus dy blommen krige hy net foar syn jierdei sa’t guon tochten. Mar wat te tinken fan de symbolyk fan de stjerren, de partij neamd nei Eise Eisinga dy’t it each altiten rjochte hie op dy himel mei talleaze stjerren. Dy iene stjer earne oan de himel dy’t de oare stjer op it fjild fan Sjirk de Wal as earbetoan blommen jout en sa in bûging makket. Mei op it kaartsje tusken de blommen de tekst: carpe diem, want it kin allegearre samar foarby wêze.
 
 

Balkearder110

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers