Op freed 19 maaie, fanôf 15.30, fynt op it keatsfjild fan Makkum de ôftraap plak fan in eksperimint yn it keatsspul: net 4, mar 3 winstpunten yn in earst binne genôch om in ‘buordsje’ oan de telegraaf te krijen.
Dit eksperimint, ûnderdiel fan it ynnovaasjetrajekt ‘Keatsbloed Tsjoch Op’, sil dit seizoen by de junioren kategory en de skoaljongens en -famkes plakfine op ferskate keatsfjilden yn Fryslân.
Op freed 19 maaie traapje de junioren hjir lykwols mei ôf.
Beëage foardielen foar it spul en de spilers binne:
- Flotter ferrin fan wedstriden; dit jout foardielen foar keatsers en organisearjende ferienings.
- Mear spannende mominten yn in earst omdat jo earder in earst te winnen as te ferliezen hawwe.
Dat kin mooglik de nedige taktyske ympakt ha op it spul.
- In legere fysike belêsting foar de sporters.
Oft dizze feroaringen en foardielen ek útkomme en hoe de keats(t)ers it belibje, witte we op freed 19 maaie noch net. Dat wurdt geandewei it seizoen byhâlden en evalueare.
Yn Makkum gean we lykwols fol fertrouwen fan start.