contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (90)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Net myn wurd

Ek yn it keatsen sil in soad feroarje en der sil wat saken gelyk bliuwe. Dat Sjoerd Heeringa net allinne yn 1964 de PC wûn hat, mar earder ek al yn 1962 sil nea wer feroarje, mar je moatte it fansels al goed opskriuwe en mei tank oan Jacobus Faber is dat no dien. Om even krekter te wêzen foar de ivichheid: Sjoerd wûn op 9 augustus 1961 de Freule en noch net in jier letter, op 1 augustus 1962 de PC mei Dreeuwes Smedinga en Gerrit Okkinga. In jier letter wûn de fan Harns kommende Smedinga it op ‘e nij en ferline jier kaam it even op it aljemint doe’t Taeke Triemstra de PC wûn.
 
Wa wie no de âldste winner fan de PC yn de skiednis, sa wie doe de fraach. Neffens it jubileumboek fan de PC is Smedinga de âldste kening fan de PC. De op 15 maaie 1923 berne Smedinga wie kening op 1 augustus 1962, 39 jier en 76 dagen âld. In jier letter wûn Smedinga wer en wie hy 40 jier en 75 dagen. Doe’t Taeke Triemstra ferline jier de PC wûn wie de op 4 desimber 1982 berne keatser 38 jier en rom acht moanne dus ek al soe hy dit jier it wer winne, dan noch is Taeke noch net de âldste. Wol hie hy yn 2021 PC nûmer 20 binnen en krige dêr in ûnderskieding foar.
 
‘Tink net mear dat ik oer fiif jier noch meidoch’, sa sei Taeke tsjin in kollega. Hotze Schuil die fan 1945 oant 1967 mei, 23 jier en dan rekkenje wy net syn ynfalbeurten fan letter mei want dan kinne je wol oan de gong bliuwe, tink mar oan Chris Wassenaar. Foar Taeke begjint it yn 2000 en dan komt hy al aardich yn ‘e buert fan dy Harnzer, wa hie dat yn de tiid fan no tinke kinnen.
 
Want ek yn it keatsen sil in soad feroarje of is al in soad feroare as je nei de partijen yn de haadklasse en op de Jong Nederland sjogge. Miskien binne der noch minsken dy’t even de eagen ticht dogge en dan ynienen Durk Talsma op it skerm ha. De achterynse fan Weidum dy’t wol rie wist mei keatsen dy’t in pear bolknakken, dat binne segaren, lang binne. Oer de grûn, lâns it lyntsje en der kaam nea wer ien oan.
 
Sjoch nei de striid om keatsen fan seis meter, bal djip achteryn, net echt goed rekke, man op de boppe slacht werom, ek net fier genôch. Bal giet wer nei de boppe en dan wol it wolris gebeure dat dy bal nei de grûn giet oant foar de keats. It is de macht fan de nap, sa sei ien, de measten kinne om dy reden de bal net altiten mear lâns de grûn krije. Ja, of se moatte de bal sa fier sakje litte dat se mei in sydlingse slach dy bal oer de grûn slagge. Is dit wier of is dit ‘poepzooi’?
 
‘Poepzooi’?, net myn wurd en ek net in wurd dat yn myn wurdenboek stiet.  Krige it wurd tastjoerd as in soart fan reaksje op in eigen ferhaal oer in partij. Sil net sizze oer wa ’t dit giet, kin dat har of him net oandwaan. Sil ek net ferklappe wêr en wannear dy partij wie. Siet wol netsjes mei pinne en papier by te hâlden hoe’t dy partij ferrûn. Je wurde oan de praat hâlden, dus je kinne in bûtenslach misse of ien te folle opskriuwe. Mar it ferskil tusken 7 bûten en 1 bûten is wol hiel grut. En dat twa perkspilers fan plak wikselje en dat ien fan dy twa ek noch fjouwer fuortslacht, dêr komt gjin ferkearde bril oan te pas. Dat kin je sûnder bril ek sjen, oh ja, ek de lêste bal fan de partij gie bûten, nûmer 7, wat in ‘poepzooi’ fan in ein.
 
Nee dan hie Marsum mear reden te kleien, KV Foarút bestie 75 jier, sa stie ûnder de cartoon fan Coby van Wieren yn de Keats!. Fout fansels, ja yn 1972 bestie de feriening 75 jier mar dat wie wilens al 125 jier wurden. Spitich dat de rein it feestje op pinkstermoandei ferballe, it gloorje fan it winnende Marsum fan doe. Mei Lammert Breuker en Wiep van Wieren en tredde maat Robert van Wieren dy’t  der spitigernôch net mear is. ‘Marsum yn ‘e rein’ op de Bond fan Frjentsjer yn ‘e rein anno 2022. Piter Wilkens hie sa it ferske sjonge kinnen en Wiep van Wieren hie al lang bliid west dat der songen waard oer Marsum yn ‘e rein en net oer ‘Lang zal hij leven in de gloria’ want op pinkstermoandei 6 juny waard Wiep 69 jier.
 
Hast santich jier, wat is it: in ‘poepzooi’ of tankber dat je sa lang libje meie? 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers