Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
Bûtenlinen
Op 28 septimber wurdt der in tentoanstelling iepene yn it Keatsmuseum oer Sjouke Helfrich. Tachtich jier lyn wûn Sjouke de PC mei Taede Zijlstra en Ynze Kuperus, de lêste fan Taede. Soan Douwe Helfrich fertelde oer de ‘loopkes’ dy’t syn heit him fertelde. Moai wurd, loop yn stee fan ferhaaltsje. Taede keatste as opslagger steefêst op de bûtenlinen, mei as taktyk dat de útslagger dan tocht fan dy bal is bûten en dan ‘donderde’ dy bal krekt binnen de line. Brûk dus leaver it wurd ‘donderje’ en net falle want foar de perkspilers hie dat it lûd fan donderjen, fan twa punten kwyt.
Taede wie neffens deselde ferteller ek in anargist. Yn de tiid dat bûtsen ferbean wie bûtste Taede in bal nei it perk, de karmaster naam him twa punten ôf. ‘Notear no al fêst dy oare twa punten aansens want dan bûts ik wer’, sa sei Taede. Doe’t Sjouke yn 1945 yn Wytmarsum keatse moast, gie hy earst even by in deasike Taede oan. ‘Syn polsen wiene krekt like dik as in finger’, sa sei Sjouke letter. En Taede fertelde nei dy besite dat hy de eagen net iens ticht hoechde te dwaan om Sjouke yn it achterperk foar eagen te krijen.
Moatst tinke oan opslagger Johan van der Meulen by dat begrip ‘op de bûtenlinen’ keatse. Dy keatste ek altiten op de bûtenlinen en as hichtepunt fan dy keunst fansels de finale fan de PC fan 2007. In keats fan heechút fjouwer meter oan de rjochter kant. It gie by 5-5 en 6-6 om dy lêste twa punten en Johan mikte op dy foar him linker bûtenline as linkshandige opslagger en op each hichte seach Daniël Iseger him noch bûten…en doe ‘dondere’ dy bal miskien twa sentimeter yn, dan kinne je net mear fan fallen prate, nee ‘donderje’ want de oars sa sterke ‘Daan’ foel op knibbels op it fjild.
Snein achter it perk op de Aldehou, prachtich plak want je kinne de ‘curve’ fan de ballen sjen. Earst dy nuvere dûkballen fan Menno van Zwieten dy’t dan mei in boogje flak foar de kwealine deldonderden, de achterynse yn alle wanhoop oer it skouder sjen wylst de tekst ‘it sil dochs net’ him op de foarholle stie. Want it mei wolris sein wurde hoe goed Menno altiten is op troch elkoar lotterspartijen, altiten in twadde of tredde priis op de lêste trije partijen, Bitgum sneons even meirekkene. Mei allinne de seis betiden wat te faak as fijân.
En doe moast de ‘tovenaar’ fan de Aldehou noch komme en dat hie neat mear te krijen mei ‘keatse op de bûtenlinen’. Seach in bal dy’t op de rjochterkant it perk binnenkaam, dus de foarynse dy’t rjochts wie foel nei links om de bal noch te reitsjen. Dat slagge net en dy bal sylde sa twintich sentimeter oan de ferkearde kant fan de linker bûtenline. Mar ja, hy hie slein….Sit der in idee achter in bal dy’t healweis it perk noch in meter bûten is en dan ynienen nei binnen swypt as platte bal foar de achterynse?
Tink it net, mar wol no wol leauwe hoe heech it ‘afbreukrisico’ is fan dy opslach. It moat rinne en dan telle wy de kweaslaggen fan de perkspilers noch net iens mei. Wol ek leauwe dat elke perkspiler begjint te razen fan opluchting dat der ris in bal bûten fleant want dat bart ek faker as ien kear. Mar dat sil wol by de wize fan opslaan hearre.
De Aldehou foarby en ek dit jier is der in soad op de bûtenlinen keatst yn in oare betsjutting. Tink allinne mar oan it gefal Manon Scheepstra en de straffen tsjin Daniël. Of oer de straf tsjin Dylan Drent, dy’t mear gie oer it ‘lekken’ as oer de hichte fan de straf sels. Je kinne sizze dat yn de keatswrâld wat it minsklik hanneljen oanbelanget der altiten op de linen keatst wurdt, boartsje mei de grinzen fan wat mei en wat net mei. En krekt lykas by it keatsen is der altiten in ferliezer dy’t allinne efterbliuwt, al dan net driuwend op in see fan krokodillentriennen fan omstanners en oar ‘leedvermaak’. Om de eigen wurden op in oar plak even te stellen: ‘Laat de bladeren nu maar vallen want de Oldehove is voorbij’. En sykje tusken al dy blêden troch nei in nij paad sadat de ballen yn 2020 krekt oan de goeie kant fan de bûtenlinen falle.