Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
Moed
Ja wit it, ‘het hemd is nader dan de rok’ en dus wurdt Menno van Zwieten kening op it Feen sa’t se dat neame. Tsjintwurdich soe dat Grins wêze moatte. Ien sei: ‘Dat hie Tjisse wêze moatten’. Net sjoen, gjin oardiel. Mar yn Bitgum op de snein hie ik it wol sjoen, der koe mar ien kening wurde en dat wie Menno. Bitgum of gjin Bitgum, flokke yn tsjerke of net flokke yn tsjerke, Menno wie de kening fan Bitgum. Op beide dagen dus. It papier fan de ranglisten sille dit ferhaal net fertelle, dy jouwe allinne de sifers, net it ferhaal. It liket hast op it stellen yn de keatserij. Wol de nammen dy’t oerstappe, net it ferhaal want gjinien wol wat sizze.
Dat gie al wer in skoftsje lyn ek op foar Dokkum en Joop Dijkstra dat Ids Jousma de eare joech fan in tinkstien. Mei syn orzjinele medaljekast derby. Mei de earetekens fan Jousma dy’t mear earste prizen wûn hat as twadde en tredde prizen by elkoar. It famyljeferhaal oer it neiteam fan Ids waard net ferteld en liket op de stellerij yn it keatsen. Wol nammen, gjin ferhaal.
Tjisse waard yn Dokkum foar de fjirde kear kening en der sille fêst minsken wêze dy’t sizze dat Tjisse de Ids Jousma fan hjoed is. Al dy minsken dy’t dat sizze ha net gelyk. Sa’t Tjisse yn Dokkum keatste die hy kwa praat tinken oan Johan Halbesma. De Harnzer hie it ek altiten drok mei in praatsje hjir en in praatsje dêr, meastal wie dat op de boppe. Yn Tjisse syn gefal wie de karmaster achter it perk syn klankboerd. Man seach in bal yn dy’t neffens Tjisse bûten wie en trije slaggen letter wie der in bal dúdlik bûten, en Tjisse sei tsjin de man ‘Dizze wie seker ek yn’.
Moat kinne, ‘alles met een glimlach’, sit gjin kwea by, of it moat wêze dat je de man foar in oare kear oan it twiveljen krije. Tjisse is lid fan de klub DIO, Door Inspanning Ontspanning. Dus gjin Ids Jousma as rolmodel foar Tjisse, mar Taede Zijlstra (1901-1946). De legendarise foarbêstopslagger fan Wytmarsum dy’t krekt sa maklik achteryn stapte as it moast. Taede dy’t faker as ien kear de priis foar de fierste boppeslach wûn hat.
Siet yn Weidum neist Jaap Adema dy’t fertelde dat it ferkeard skriuwen fan ‘ferbinning’ yn Alles oan ‘e hang op de drukkerij makke wie. En omdat hy der yn stiet as de ‘korrektor’ woe hy dit al even sein ha want syn gefoel sei dat hy der op oansjoen wurdt. Jaap komt fan Wytmarsum en syn heit hat in skoft as boerenarbeider mei Taede wurke, dy’t dat wurk doe ek die. Neffens Jaap hat Taede doe ris tsjin syn heit sein: ‘Ik kin eins net bûten’. In opslagger dy’t seit dat hy it perk eins net misse kin, ien fan moaiste útspraken fan dit jier. Dus as Taede it ferkocht hie dan moast hy moaie ballen jaan. Want se moasten der al wat foar dwaan fansels.
As wy werom geane nei no, dan kinne je Tjisse de Taede fan no neame. Dan wurdt it ‘Ik kin eins net bûten’ feroare yn ‘Ik ken eins gjin spanning’. In boek oer Taede fan Wytmarsum, eins is de keatssport dat oan him ferplichte sjoen it tal skorsingen en oare foarmen fan ûnrjocht yn de foarm fan ‘klasse justitie’ dy’t him oandien binne troch de doe noch NKB. In boek oer de keatserij fan dy tiid, Jan Seerden hat my alles oer Taede jûn yn fjouwer boeken. Sil dat sels net mear dwaan, tweintich jier jonger miskien wol. Der is gjin merkt foar, skriuwe foar de ivichheid is moai, mar je moatte wol lêzers ha fansels.
Wat dat oanbelanget leit in boek oer keatsers as Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra mear foar de hân. Beide keatsers fertsjinje in boek, ek al wie it mar om fêst te lizzen hoe’t it keatsen der yn it earste part fan dizze iuw útseach. As je de reaksjes hearre oer it boek fan Edward Jorna oer De Brand, dan soene je sizze dat der noch wol lêzers binne. Ien belle op en sei ‘Ik fret it op, dat boek’. Dus ek de miening dat in boek of jubileumboek net mear by dizze tiid past, is mar in miening. Krekt sa as de miening dat Menno kening yn Bitgum wie op de snein.
In fout is gau makke, en dat is seker it gefal as je mei it mes fan de tiid fan 20.00 oere yn de rêch in ferhaal meitsje moatte. Yn de partij tusken Marten en Gert-Anne foel de namme Van Zwieten en dat hie fansels de ek geweldich opslaande Marten Bergsma wêze moatten. En sa sjogge je mar dat in fout gau makke is. Mar it stekt fansels wol dat de lêste sin út dat ferhaal oer snein fuorthelle is. Dit dus: ‘En leeftijd speelt dan geen rol voor wie gemakkelijk mee kan’. Wol wichtich om’t it oer Taeke giet.
En litte wy earlik wêze yn ferbân mei Tjisse. Dat oernimmen fan de opslach troch Tjisse yn de finale wie wol de earste ferkearde ynskatting fan dit jier. Dus wêr ha wy it dan oer? Oer in geweldich keatsferstân dy’t in partij lêze kin, dy’t ek seach dat de driging yn dy finale fan benammen Hendrik en Laas-Pieter grutter wie as de driging yn de heale finale. Want ferjit net dat Laas-Pieter yn twa partijen tsien ballen op de wite koepels fan de feesttinte sloech.
In goede ynskatting fan de ‘kroonprins’ ûnder de formaasjepartijen wie it ôfskie fan de foarsitter. Op prachtige wize waard ôfskie naam fan foarsitter Jacob Wietse Dijkstra dy’t nei seis jier ophâldt. It ûnsichtbere wurk efter de skermen fan it dochs geweldige Van Aismawykein foar ien kear sichtber meitsje troch in earerûntsje om it fjild. In foarsitter dy’t nei ôfrin warber wie om it spul mei op te rêden, de sjarmante froulju fan de geweldige betsjinning dy’t beskieden freegje om de kompjoeter even op te tillen want se woenen graach it kleedsje op de tafel opromje.
It oare jier sille der sechtjin partoer op de list stean op snein. Tink net dat sy dan my hoege te freegjen even de kompjoeter op te tillen om it kleedsje der ûnder wei te lûken, want sil der sa’t it no liket net mear sitte. Ien jier wurkje mei it mes fan de klok fan in te betide deadline wie in útdaging, mar langer as in jier sil net barre. It mes fan de klok mei net de oerhân krije want dan rekket de wille it paad kwyt tusken al dy beammen.
En it is dochs al in toer de moed fan de wille der wat yn te hâlden want Bitgum is ek de muzyk fan muzykkorps De Harmonie. De klanken fan It is lonely around the fields of Bitgum, soenen je hast sizze as muzikale fariant. Bitgum 2024, in earste kear Bitgum sûnder dy grutte Wop de Groot. De Ierse muzyknoaten fan De Harmonie dy’t it der nochris ynwriuwe dat alles foarby giet.