Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
Op de dei dat de Col d’ Aubisque beklommen wurdt, is der oars gjin praat as prate oer dy Aubisque. In dei of in wike letter komme de flakke etappes der wer oan. De PC en de Freule, kwa spanning en heldendom wint de Freule it meastal. Dit jier just net, de PC fytste by de Freule wei as stie dy Freule stil. Mei in heech nivo, relatyf mei in soad min of mear spannende partijen. Wat wy net wisten wie dat it op de dei fan de PC al rommele, en dat soe it grutte ferlies fan it partoer fan Marten Bergsma ferklearje kinne.
Wylst Marten it yn Snits allinne mar oer in ‘frisse wyn’ hie, die in dei letter bliken dat Hendrik Kootstra it skip yn in reddingsboat ferlitten hie. Oan de oare kant fan it wetter stienen Bauke Triemstra en Patrick Scheepstra al klear om him oan board te nimmen. Ha soks de lêste jierren net sa meimakke, mar it ferhaal fan it ‘stellen’ is noch net dien. Marten soe it plak ynnimme fan Haye Jan Nicolay dy’t dit jier syn lêste jier keatst. De ôfspraak wie it jier ôfmeitsje mei Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar. En no wie de darter samar oerboard kiepere. Nee, sa sei Pieter Jan, ‘ôfspraak is ôfspraak, ik meitsje it jier ôf mei Haye Jan’. Dus sjocht it partoer der sa út: Jelle Attema, Haye Jan Nicolay en Pieter Jan Leijenaar.
Solidêr neame wy dat, it docht tinken oan de staking fan keatsers yn 1924. De keatsers Germ Koster en Klaas Kooistra fan Dokkum wienen troch in lekke bân te let op de PC en waarden fan de list fan de PC ôffierd. Machiel Miedema en Ids Roukema fan Harns fûnen dat te gek foar wurden en gienen by de oare keatsers lâns om de Dokkumers te stypjen. Dy twa waarden foar de rest fan it jier skorst, dat wie elk te gek dus staakten de keatsers fanôf 17 augustus.
Je soenen Pieter Jan de Machiel Miedema of Ids Roukema fan no neame kinne. En ferfang dan it wurd solidêr troch ôfspraak. Even de list fan Dokkum derby, en dêr stiet Haye Jan net op, like min as Pieter Jan. Wytze Wassenaar stiet by Marten achteryn en Jorn Lars van Beem ferfangt Allard Hoekstra. It giet hjir dus om de tredde syklus, it giet hjir yn dizze stellerij om fiif formaasjepartijen. Want it oare jier is alles wer oars.
It nijs dat it langste troch keatslân klonk wie fansels it nijs dat Rick Minnesma Gabe-Jan van Popta opfolget. In lyts, telefoanysk briefke ûnder de doar troch fan it alles winnende partoer fan Menno en Tjisse en wachte op antwurd.
Bin hiel earlik, en wa’t earlik is jout faak ek ta oan emoasjes dy’t gjinien better keatse lit. Fyn Gabe-Jan in hiel aardige jonge, lêsten sei hy noch dat hy al yn 2018 syn debút makke hie op de PC en net yn 2021 sa’t ik skreau. Fyn him in ivige tweintiger dy’t net in dei âlder wurdt, dit yn tsjinstelling tot eigen ‘spiegelbeeld’. Miskien is dat it, mar stel no dat wy yn de beoardieling Anne Monfils ynskeakelje. Hat ekonomy studearre oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam en harket no jild binnen foar in ‘vermogensbeheerder’, sa fertelde de heit my yn Makkum.
No binne dy ‘vermogensbeheerders’ net myn minsken, mar ja ha ek gjin ‘vermogen’. Anne soe dan nei Gabe-Jan sjen moatte troch de bril fan har berop. Simpel sein: in kredytkant en in debetkant en wat binne de risiko’s oan beide kanten. It rendemint fan it partoer Van Zwieten is geweldich, mar kin noch heger wurde as Rick der by komt, sa soe dizze Anne sizze. De risiko’s wurde breder droegen want Rick is it grutste talint fan dit momint, hy kin achteryn, foaryn en opslaan. Ek al is hy oer dat opslaan sels wat te beskieden. Fansels wie hy al troch oare partoeren belle, en it siert him dat hy net sizze woe troch wa. Mar ja, hy hie dat bryfke al in skoftsje lyn ûnder de doar skood.
Dus der is wat foar te sizzen dat Rick by de mannen yn it blau komt. Net dat Gabe-Jan no yn it weeshûs foar keatsers terjochte komt want mei in fitte Hendrik Kootstra as maat kinne je even foarút, ien fan de alderbêsten. Komt by dat it famylje is yn ien perk. No hoecht dat net altiten in foardiel te wêzen, Hotze Schuil hat de PC yn 1965 ferlern omdat de beide sweagers Durk Talsma en Tamme Velstra beide kening wêze woenen yn eigen perk. En dus ferlearen sy de finale yn it lêste earst.
De PC dus moaier as de Freule fan dit jier. Dochs hie de Freule in primeur, foar it earst wûn in keatser fan Haïti de Freule. Jurre Reitsma dus. Twa of trije earsten lang balkearder en dan makket hy op 5-5 en 4-4 it paad frijn ei de Villa fan de Freule mei in sitbal. In ‘Tjisse 1.0’. Jurre kaam net fan Penjum dus, sa’t ik dat fout opskreaun hie. Nee fan Eksmoarre en dêrnei ferhuzen beide âlders Gosse en Griet Reitsma nei Boalsert.
Ate de Jong dreamde ea oer in earste PC-kening dy’t ek ‘út dy hoeke’ wei komme soe, in donkere PC-kening. Ha Ate yn it ferline yn in ferhaal in ‘Idealist tegen beter weten in’ neamd. Je kinne it iens wêze mei Ate of net iens wêze, mar hy hat in keatsershert. Dat is wol wis, en seker op de dei dat de PC hâlden wurdt.
En dan giet de telefoan, Ate kin opereare wurde. It soe in drege operaasje wurde fan acht of njoggen oeren. Oh ja, sa sil se sein ha, it kin wol op woansdei 31 july. Stel no dat wy it minsklik lichem fergelykje mei keatsen. Dan soenen je sizze kinne dat it hert de foarbêstopslagger is. Dy set it spul yn beweging en hâldt it spul yn beweging. En yn dat hert fan Ate nimt Tjisse in grut plak yn fansels.
En dan moatte je troch in slimme kwaal op de dei fan de PC ûnder it mes. In drege operaasje. Mar it operaasjemes wie noch net ûnderweis, of it hert hâlde op. Hertstilstân, operaasje ôfbrutsen, pasjint nei de intensive care.
Pasjint wurdt rêden en it earste wat hy ropt is: ‘Ha jim hjir ek in telefyzje? Ik wol Tjisse sjen op de PC’. Op in tiid dat Ids noch mei syn taspraak dwaande wie. De ferpleegster wjerkende in mins yn need en stode fuort om even letter in tastel op de intensive care binnen te rôljen. En doe’t it middeis begûn, lei der in gelokkich mins op de intensive care dy’t it in ferskriklik spannende PC fûn mei in foar him goede ôfrin. Allinne binne oare minsken al even skrokken fan de ‘oerkreet’ fan Ate doe’t Tjisse de lêste bal opsloech. Want Tjisse wint de PC wer. En sa hat hûndert jier nei de keatsersstaking yn 1924 it jier 2024 syn eigen staking hân. In dei letter kaam de pacemaker der as in foarminstopslagger by, om it by need oer te nimmen. Moai op tiid, want in dei nei de PC.