Tekst: Rynk Bosma
Foto: Lieuwe Bosch
Siet yn Broeksterwâld by de junioarepartij op in moaie simmerjûn. Neist in pake fan twa keatsers, dus de telegraaf mei it ferrin fan de partijen waard mei in heal each folge. Je woenen wolris in buordsje of twa of fjouwer punten misse. Jout neat, it is keatsen en dat is sa gemoedlik dat gjinien der oer falt. Sipke Hiemstra wie de man yn it skiedsrjochterspak. Hy stie op de stedskamping fan Dokkum en om’t hy dochs yn de buert wie koe hy dochs wol even dy junioarepartij liede. En nee, dat jild dat Sipke kwyt wie foar de stedskamping dat koe hy net deklareare.
‘Sneon mar even nei de Jong Feintepartij net?’ Sa sei hy en hy prate my in skuldgefoel oan want ik soe der earst net hinne foar it Frysk Deiblêd. Fyn Sipke in aardige man. Hie in skoft lyn in ferhaal oer it nachtkeatsen yn Easterein mei him hâlden. Nachtkeatse yn ‘e hjerst, dan binne je in leafhawwer dy’t fan keatsen hâldt. Mannen dy’t noflik yn de omgong binne. Ha fansels ivich spyt hân om dochs noch nei de Jong-Feintepartij, allinnich om Sipke. Je koenen troch de rein de ballen hast net sjen.
"Alles út de hingsels"
Dat ien Sipke delsabelje soe, koe ik my dus net foarstelle. Trof op de dei fan de PC de like aardige Leendert van Wieren op de bolwurken. Leendert fertelde dat Sipke hielendal ôfbarnd wie op in site wêr’t ik út prinsipe nea kom. Leendert fertelde dat Sipke sa’n behanneling net fertsjinnet. Sipke wie de skiedsrjochter op de Keats-off op it Sjûkelân en neffens dy site die hy dat net bêst. Tsjin myn prinsipes yn efkes nei de site. Sil gjin sitaten brûke, want ik bin it net wend dat ien fan de trije wurden ferkeard skreaun binne.
Wat dêr oer Sipke sein wurdt, dat kin fansels net. Elk makket fouten, en yn de bibel stie al: ‘Wie zonder zonden is, werpe de eerste steen’. As je it boekje Alles oan ‘e hang leauwe meie dan binne der yn dizze wike fan de PC nochal wat fouten makke. Foarsitter Ids fertelde dat it partoer fan Gerard de Vries, Jeroen de Boer en Klaas Pier Folkertsma foar it earst op de PC stienen. Ha dat ek opskreaun, mar dat is net wier. Gerard stie yn 2022 al op ‘e PC, tegearre mei Mark Minnesma…teminsten neffens dat boekje, dat je ek wol Alles út de hingsels neame kinne.
Oer Mark Minnesma sprutsen, waard belle troch Joke. Joke komt fan boppe Dokkum en komt ien dei yn it jier by it keatsen. Tegearre mei Gryt prate de beide froulju op leeftiid it libben troch. As elk mei spanning sjocht nei 5-4 en 6-6, ha sy it oer in moaie broek yn de útferkeap. Mar harren spesjaliteit is op 6-6 begjinne te reizgjen. Dus as de opslagger de oanloop nimt, freegje sy ‘Meie wy der efkes lâns?’
Dus dy Joke belle mei de fraach wêrom Jan Bandstra fan Nijtsjerk net meidie. Sei dat hy wol meidie. ‘Net wier, ha it boekje der by hân, mar hy die net mei.’ Even nei de partoeren sjen en nee, gjin foto fan Jan Bandstra. Wol Rutger Torensma, dus ik hie it ek ferkeard opskreaun. Want hie skreaun dat Rutger net meidie, hy siet yn partoer 21 yn de ranking. Mar Joke wie noch net klear. Sy frege ‘Mei in keatser twa kear meidwaan yn ferskillende partoeren?’ Nee fansels, ‘No neffens dat boekje die Mark Minnesma twa kear mei en hat hy ek yn de finale stien.’
As it goed is hat it Frysk Deiblêd yn ‘e wike fan de PC grien ljocht jûn om it wedstriidferhaal ek mei te nimmen yn de Frjentsjerter Krante om’t se sels gjin ien hienen. Jierren lyn siet der rûnom de PC in redakteur dy’t noch net sa goed ynwurke wie, dy’t net krekt wist hoe’t it wurke in dei nei de PC. Dus doe’t it ferslach oer de PC binnenkaam hat sy der net nei sjoen, en net de flaters der úthelle. En dat ferslach stie stiif fan de flaters. Dus doe ha se fan hegerhân sein, dit wie it lêste ferslach, want der waard ek noch betelle foar sa’n ferslach.
Fan dat alles wist Joke neat, mar se wist ek net fan ophâlden foar de telefoan. ‘No’t ik jo dochs oan de telefoan ha, hat dy Gert-Anne van der Bos in fêste rubryk yn dat boekje?’ Nee fansels. ‘No dat tocht ik want hy stiet der elk jier wer yn op de foto.’ Ha mar sein dat dit in oare reden hat. Mar Joke wie noch net klear. ‘Ik betelje fiif euro foar dat boekje, dan meie je dochs ferwachtsje dat der gjin flaters yn steane? Ha in kursus Frysk dien by de Afûk, dus ik wit hoe’t it stavere wurdt. Ha jo wolris heard fan ‘ferbinning?’ Nee ek dêr hie ik noch nea fan heard. De lêste wie de útsmiter: ‘Snap net dat de PC hjir noch foar betellet.’ Nee, sa moast ik tajaan, ik ek net.
Doe’t ik de telefoan wer del lei moast ik tinke oan dy aardige Sipke, ek noch frijwilliger by de karmasters fan de PC. Hy wurdt de maat naam en ôfmakke troch ien dy’t him betelje lit foar syn flaters. Om de man sels te sitearen, mar dan wol goed skreaun: beste PC, hoe fier binne je dan fan hûs?