Tekst: Rynk Bosma
Foto's: Henk Bootsma
Betinke, betink en omtinken binne trije wurden mei it wurdsje ‘tink’ der yn, mar betsjutte yn de praktyk fan it libben hiel wat oars. Ek al komme betinke en omtinken hiel ticht by elkoar want beide wurden betsjutte yn de praktyk ‘aandacht’. Mar litte wy by it wurd betink begjinne. Yn de betsjutting fan ‘bedenk’ en dat slacht op in wize fan tinken. Mei op syn bêst yn ‘e betsjutting fan selsstannich tinke, tusken de rigels troch ferbânen lizze.
It wie in nuver spul tusken krante en keatsen op wei nei Holwert. Soe ien ferhaal dwaan foar in pleatselike krante mar nei trije oere middeis waarden dat yniens trije: Holwert en Berltsum, mar gjinien betocht dat der ek in foto makke wurde moast. Oer de foto’s gean ik net, dat wurdt earne oars oanstjoerd. Gelokkich woe Metske van der Ploeg wol in foto fan de winners meitsje yn Holwert.
In dei letter yn Berltsum soe Dijks Media der fêst wêze foar de Ljouwerter Krante. Dus doe’t ik Bouke Poelsma seach wist ik dat der ek in fotograaf wêze soe. Bouke hie de wat nuvere opdracht meikrigen omtinken te jaan oan it partoer fan Gert-Anne van der Bos op de earste klas. Dus betocht ik sels dat der foar de finale wol even ien delkomme soe om te freegjen wa’t ik ha woe op de foto.
Nee dus, want de foto wie net besteld, sa betink ik no. Mar je kinne nei al dy jierren dochs wol sels betinke dat der in oare foto komme moat as ien fan Gert-Anne van der Bos by in ferhaal dat oer it winnende partoer fan Menno van Zwieten giet? As je dan dochs romte meitsje foar it ‘Frysk eigene’ fan it keatsen, lit it byld dan net oer oan de ‘Beeldredactie’ yn Grins dy’t allinne mar op de klok sjocht fan hoe let kin ik nei hûs?
Hoe unyk ek dus, dat keatsen fan de matadoren op de earste klas, mar it wurdt wol wat oerdreaun. In wike lyn op syk nei de kening fan Sint Jabik. Kaam op de Omrop net fierder as, jawol, in ferhaal oer de degradaasje fan… Gjin útslach of wat dan ek. It sil wol in sjoernalistike kar wêze, mar wol sneu foar Steven Koster en syn partoer.
De útsûndering as nijs, it is de tiid. Mar de dûbele winst fan it partoer fan Menno van Zwieten mei ek in útsûndering neamd wurde. Fjouwer earsten tsjin yn sân partijen yn Holwert en Berltsum by elkoar opteld. De oare sifers binne mei tank oan Klaas. Yn trije partijen yn Holwert: Menno 11 sitballen en 3 bûten. Tjisse 5 sitballen en 3 bûten. Yn Berltsum yn fjouwer partijen: Menno 14 sitballen en 8 bûten. Tjisse 9 sitballen en 7 bûten.
Yn ‘e wike dat it boek fan Edward Jorna oer Johannes Brandsma útkomt, is it wol aardich opslagger Sake Saakstra even oan te heljen. Hy fertelde yn 2017 dat syn maten him ‘de opgoaier’ neamden ‘omdat ik net in soad bûten hie’. Mar wol in opgoaier dy’t yn it klassemint fan alle tiden op it fyfde plak stiet mei 772 punten.
De wurden fan Sake: ‘Dyjinge dy’t de minste fouten makket, wint de partij’ kin sa op in tegeltsje boppe it ôfrûne wykein hingje. Yn Holwert hie Menno yn de finale twa bûten en seis sitballen, Tjisse net ien bûten en twa sitballen. Mar Marten hie ek mar twa bûten en Jorn Lars mar ien. Dus joech wat oars de trochslach, Gabe Jan en Tjisse hienen fjouwer boppe en Jorn Lars en Hendrik trije. Dat wie dus ek net it ferskil. It ferskil siet him yn it foarby slaan fan de keatsen en de grutte fan dy keatsen.
It keatsen dus werom nei de basis. Wêrom hear ik dêr gjinien oer? En wêrom wol prate oer it tal bûtenslaggen?
Gert-Anne hie der yn Winaam yn ien partij fyftjin bûten en wûn dochs de partij op de earste klas. In dei letter hie hy der ek te folle neist, mar wol winne. Sake fynt Gert-Anne in fenomeen dy’t in soad risiko nimt en elk momint beslissend wêze kin. Mar seit ek dat je as opslagger earst ‘fêstichheid’ as basis ha moatte. Dyjingen dy’t Gert-Anne ôfserveare op grûn fan syn bûtenslaggen ha lêst fan it ‘korte termijn-geheugen’. Want dat dit partoer op dy earste klas stie, komt just troch it lette ynstappen fan Van der Bos. Minsken, hy stiet op 680 punten, nûmer acht, ferline jier ien fan de bêste opslaggers dy’t ferskriklik folle punten pakt hat foar syn maten.
Wylst dit opskreaun wurdt giet it al in bytsje fan betink nei betinke, it ferline. Even de grutheid fan Gert-Anne betinke om oan te jaan dat him de tiid gund wurde moat. De stap nei betinke yn in oare betsjutting is grut. Je binne fansels in balkearder fan neat as je de bal net foar de lytse keatsen keare. Grutte keatsen lykas Johan van Seijst skriuwe eins harren eigen betinking. Mar wat te tinken fan lytse keatsen lykas Trijn Visser en Tietsya van Wieren.
Ferline jier al miste ik by it interview de tradisjonele ‘stoorzender’ Trijn dy’t by in fraachpetear der altiten yn batste. ‘Nou lieve skat, gefeliciteerd hoor’, klonk it dan. Folge troch altiten twa tuten.
Sy ferstoar yn desimber 2023. Tegearre mei har man Henk miste sy nea, de ek ferstoarne Janny van der Meer fan Raerd hie jierren lyn in ferhaal oer Trijn en Henk. Yn ‘e simmer broadsjes smarre foar de âlde Duhoux en Dicky van der Zee. En dan ein septimber suchte: ‘Soa, de skoalreiskedagen binne wear over’.
Dy broadsjes kinne je ferfange troch Haagse Hopjes en dan ha wy it oer de ‘hopjesfrou’ Tietsya van Wieren dy’t begjin juny fan dit jier ferstoar. In libben fol frijwilligerswurk, in libben fol fan klear stean foar in oar. Sy makke de pûdsjes foar de PC wêr’t it prizejild yn kaam. Soan Taco sei doe’t sy siik waard dat sy ‘tegoedbonnen’ útjaan moast. In ‘tegoedbon’ foar it ûnderhâld fan de tún, ien foar it hinne en wer bringen fan hûs nei sikehûs.
Wit wol dat sy net in ‘tegoedbon’ foar it betinken útjûn hat, te beskieden. Mar Trijn en Tietsya binne sûnder twifel mei leafde yn eigen rûnte betocht. Yn de keatssport wienen sy de lytse keatsen fan ‘één groate family’ en sûnder de punten fan dy lytse keatsen krije je nea in earst. Oer de ‘dagspiegel’ fan Tietsya leit no foar ivich in read kleed, har kleur. It prizejild yn de PC pûdsjes sil nea yn de buert komme fan de wearde fan it libben fan Tietsya dat no foarby is. De lêste tegoedbon is ynfuld, de ‘skoalreiskedagen’ fan Trijn en Tietsya yn dit libben op ierde mei broadsjes en Haagse hopjes is foar ivich foarby.