contact zoeken wedstrijden

Balkearder (128) Lot

Tekst: Rynk Bosma
 

As je it as keatser dogge foar de krânse, dan is in spiker yn ‘e muorre slaan it earste wat je dogge. Want sa wol de tradysje dat de wrâld dyn ‘heldendaden’ op basis fan de krânsen folgje kinne, dyn lot fan der ôf of de krânse op de keatsfjilden op in rychje op de gevel fan it hûs. Wat dat oanbelanget wie de moanne maaie in nuvere moanne. Bin benijd hoe lang it lyn is dat Taeke Triemstra nei de earste foarjiersmoanne op ien punt stie. Der wienen yn de frije formaasje trije krânsen te heljen en dy gienen allegearre nei trije de selde keatsers.

Se wolle it hast allegearre, minder partijen en dus ek minder krânsen. Yn dat ferbân kinne je sizze ‘vroeger was alles meer’. Trije formaasjepartijen op in rige winne is fansels wol faker bard. Even de ‘Adelaarskalinder’ fan it ferline der by. It sil ek wol yn oare jierren troch oaren dien wêze, mar ik gean even werom nei 1980, 1981 en 1982. Wêrom dizze jierren? Omdat de tiid tusken 1980 en 1990 de ‘gouden eeuw’ wie as je nei de top tsien fan it ivige puntenklassemint sjogge. Fiif fan de tsien ha yn dy tiid keatst. Mar ek yn gouden letters twa fan dizze tiid, want Gert-Anne van der Bos stiet op it achtste plak. En miskien ek wol…, al wie it allinne mar om’t op 29 juny it boek oer De Brand útkomt.

En pleats dan ek even it tal kânsen fan Taeke op in krânse yn in grutter gehiel. Wy hâlde it even by de frije formaasje en dan hie Taeke trije kânsen op papier. Earlik sein hat hy yn maaie gjin inkelde kâns hân. Tel mar op, twa kear mei in ‘herintreder van goede wil’ om te helpen, mar op leeftyd. Ien kear mei maat Gert-Anne van der Bos, dy’t earst it opslachritme wer krije moat en ek noch ien kear mei in maat dy’t net hielendal fit wie yn Dronryp, Erwin Zijlstra dus.

As Taeke yn 1980 keatst hie, hie hy mar twa kânsen hân op in formaasjepartij. Mar yn 1981 wie dat mar leafst fiif kear. Krekt as it partoer fan Menno van Zwieten dit jier, wûn doe yn maaie it partoer fan Jarich van der Veen, Johannes Brandsma en Reinder Triemstra trije krânsen op in formaasjepartij, ek efter elkoar nei earst twa kear in tredde priis. Dus yn maaie fan dat jier ek al fiif formaasjepartijen. In jier letter yn 1982 wûn it partoer fan Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma yn maaie fjouwer kear efter elkoar in formaasjepartij fan de fiif.

As Taeke doe keatst hie, hie hy yn de earste keatsmoanne kânsen hân yn mar leafst sân partijen as wy de lotterspartijen ek mei rekkenje. Dit jier wienen dat der mar trije, en ek noch allinne formaasjepartijen. Sa sjogge je mar dat it iene jier it oare net is en dat je hoeden wêze moatte yn je oardiel. Wis is dat de grutte test fan wêr’t de mannen yn it oranje steane yn it krêftenfjild yn elts gefal ein juny dúdlik wurde sil.

Tocht by mysels op wei nei de finale yn Dronryp, it liket Real Madrid wol. En dan ha ik it oer de mannen yn it blau, earst in spul achter en dan oan de ein mei de winst fuort. Dat it yn dy finale mis gie kin in kear gebeure, yn hast in kertier of tweintich minuten mei 4-0 efter, dat is de útsûndering op de regel. En sa min keatsten de mannen net, ja yn it achterperk wie it krekt ûnder it gewoane nivo. Mar de grutste reden stie oan de oare kant. Want wat wie Marten Bergsma goed yn Dronryp, hy hie Hendrik Kootstra oant de finale op it pakjedrager, mei Jorn Lars van Beem as deeglike rjochterhân. Bin benijd of de mannen dit folhâlde, want dan wurdt it yn juny in drokte mei al dy spikers yn ‘e muorre. Wat ek opfoel yn Dronryp wie dat de minsken mei de bûse fol sinten neat útjaan koenen en dat begûn al by de yngong, in q-code op de tillefoan… Wat sil der wat ôf eamele wêze troch de hurde kearn. It like wol op de film Modern Times fan Charlie Chaplin dy’t ferdwaalde yn de moderne tiid fan doe.

Balkearder128fot


De moaiste foto fan dit wykein wie dy fan dy trije mannen op it keatsfjild fan Peazens-Moddergat. Hindrik Huizinga links, Teade Dijkstra yn ‘e midden en de nammejouwer fan de keatsferiening Thomas Prins sels. It lotsjen fan Teade Dijkstra foar in partij skynde legendarys te wêzen. Elk wie der by, en seach op tongersdei hoe’t der lotte waard. De ien wat mear tefreden as de oar, mar ja lotsjen is lotsjen. Op de foto ha de mannen in grutte sigaar oan, as dat no bard wie dan wie it shaming fan ‘foei foei’ op internet lykas in stoarm yn ‘e hjerst west.


Nuver genôch wie de list fan tongersdei op sneon hiel oars. Teade sette as in skaker de stikken fan sterke keatsers krekt even op in oar plak. Hy trakteare syn freonen op in sigaar út in oar syn doaze, en dêrtroch hong hy de mannen dy’t hy graach lije mocht al heal de krânse om ‘e nekke. Sneins hie de Bibel en it Leauwen it foar it sizzen, mar op oare dagen hienen Teade Dijkstra en syn rjochter hân Hindrik Huizinga it foar it sizzen. Mei it keatsfjild as de tsjerke en it lotsjen as de ‘goede werken’.

It lot kin samar oars wêze, it liket wol op it echte libben, op tongersdei tinke je in goed lot te ha en op sneon is alles oars. Mar it kin ek oarsom. Op tongersdei tinke je in min lot te ha en op sneon is it samar oars. Kaam in altiten freonlike Dylan Drent tsjin yn Dronryp. It keatslibben op tongersdei wie nea wer keatse, mar op sneon wienen de eagen rjochte op it fjild tusken de twa tuorren yn Frjentsjer. De sinne dy’t troch de wolken kipet, it is Dylan yn alles gund. In min lot op tongersdei, hiel miskien in moai lot op sneon: meidwaan op de PC. Allinnich meidwaan is foar Dylan al in krânse. Dat krige Teade yn syn bêste dagen net foar elkoar
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers