contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (106) Sicht

Tekst: Rynk Bosma
 Foto: Henk Bootsma

Sicht

De bledsjes oan de beammen op it Bolwurk achter it Sjûkelân litte noch hiele stikken grize loft of healblauwe wolken troch. It grien fan dy earste bledsjes is moaier dan wat wy letter oan kleuren grien wer tsjinkomme sille. Mar de mins wol wolris ferjitte wat de dei fan juster brocht hat. Yn Frjentsjer stúts Renze Hiemstra nei dy spannende earste omloop tsjin de mannen yn it oranje de hannen heal yn wanhoop omheech. Hy frege noch wol berêstend yn it heljen fan de twadde omloop: ‘Hoeveel?’ 

​As de mannen it wûn hienen wienen de minsken oer twa wiken fergetten hoe’t dat gien wie. Dan wie de partij werom brocht nei trije punten, of yn dit gefal twa punten want se ferlearen dy finale. It ferjitten fan de mindere kanten yn de sport kin in segen wêze, mar ferjit nea dat je der op wei nei de krânse  altiten wol ien of twa kear ôf koenen. Sil it ferhaal fan Hans oer dat der te min bledsjes oan de beammen sieten wêrtroch it sicht sa min wie de earste tiid net ferjitte.

Sjoernaliste Gryt van Duinen
Sjoernaliste Gryt van Duinen

It is de oermoedige jeugd dy’t nei de bledsjes yn de maaitiid sjocht as fanselssprekkend krekt lykas yn novimber de lêste ferkleure bledsjes nei de ivichheid ferdwine. Je hoege en kinne net alles te ûnthâlden, ferjitten as segen. Mar: PC fan Frjentsjer, keatsmedia fan no, wie der no dan gjinien dy’t even stil stean koe by it ferstjerren fan sjoernaliste Gryt van Duinen (1950-2023) en har betsjutting foar de keatssport?
 
Ja, se waard wol betocht yn de kranten mar bin it wurdsje keatsen hast net tsjin kaam. It is noch mar tweintich jier lyn dat de PC 150 jier bestie, De dei is uzes mei-inoar sa hiet it haadstik dat Gryt skreau. Mar dat wie net alles, ynterviews mei de PC-foarsitter fan fyftich jier lyn Ulbe Hannema, in ynterview mei Hotze Schuil. Gryt wenne lange tiid tegearre mei Jan Pieter Janzen yn in prachtich hûs op e‘ terp yn Goutum. De te betiid ferstoarne Janzen die de einredaksje by it jubileumboek fan de PC.
 
Gryt wie ek dejinge dy’t ûnder oare dokumintêres oer it keatsen makke, ûnder oare oer keatsen yn Europa en sy hie al betiid in praatprogramma. De dei is uzes mei-inoar yn it jubileumboek gie oer fiif minsken dy’t it oer har PC-dei ha. In ferhaal mei Hotze Schuil, ferpakt yn it Harnzers, sa’t it heard want je litte in klyster ek sjonge as in ljip. Op moandei 3 april fan dit jier dus ferstoar Gryt van Duinen, yn de keatswrâld ferdwûn se sûnder de muzyk fan earbetoan as in fergield blêd fan de hjerst op de wjukken fan de wyn nei it ivige.

‘It sil tiisdei wol in straftrening wurde’, sa sei Hans Wassenaar nei ôfrin yn Frjentsjer. Moast even tinke oan in stikje út it ynterview fan Gryt mei Hotze yn it jubileumboek fan de PC: ‘Echt traind hef ik feiteluks nooit. Maar ja, je mutte niet vegete ik deed swaar werk op ‘e haven. Dan had je van die sakken kunstmest, die wogen d’r in. De lichtste was om en nabij de 75 kilo.’
 
Wit noch dat Johannes Brandsma jierren lyn sei ‘It giet net goed mei Gryt’, want De Brand gie wol ris by har yn Goutum op besite, hy wie yn soks hiel trou. Even lâns gean by minsken. It ûnthâld fan Gryt rûn doe al achterút. Mar wa hie betinke kinnen dat Johannes trije dagen earder ferstoar as Gryt? Keunstner Hans Jouta hat ôfrûne wykein mei noch in pear mannen in krânse as earbetoan oan Johannes mei Frânse tekst ophongen op it keatsplein fan Braine le Comte. Lit dit dan op oare wize in papieren krânse wêze foar Gryt van Duinen en har fertsjinsten foar de keatssport.
 
Je kine sizze dat guon wachtsje op mear bledsjes oan de beammen foar in better sicht sa as Hans. Mar je kinne ek sizze dat in better sicht betsjut dat je each ha foar de bledsjes fan doe, en dan even betinke dat de bledsjes fan doe ea de earste boadskippers wiene fan in nij jier oan de beam fan it libben.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers