contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (105) Ferjitte

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Ferjitte

De blokjerinner mei de namme Æbe Haima yn Weidum ropt de tiden op fan syn pake en húsdokter Æbe Haima en wa sil dat noch witte? De wite doktersjas troch de wike hurd oer de keatsklean hinne as der in needgefal wie want ek it kompetysjekeatsen woe Haima net misse fansels. PC-winner yn 1946 en 1947, mar oer missen sprutsen, ek de keatser dy’t yn 1948 op 5-5 en 6-6 yn de finale fan de PC tocht dat hy de bal foar de keats keare soe, mar dy bal fleach him krekt oer de hannen hinne. Maat Hotze Schuil hie him al omdraaid, wer in PC wûn en doe moast Haima him fertelle dat hy him glippe litten hie.

De tiid sil dat pynlike momint as salve op de sportsiel ferdwine litten ha, sa as de tiid wol faker salve wêze moat by it âlder wurden. Je skowe yn de tiid troch nei de tiid fan in oar. Je sjogge mear nei de lege stuollen as nei de houten banken wêr’t wol minsken op sitte. Net mear de guodlike Hendrik Veenstra mei dat bosk grize hier, de broer fan mem Jannie Iseger fan Daniël Iseger dy’t ‘Daan’ yn syn grutte tiid altiten folge. Ek yn Weidum hie dat noch kinnen want ‘Daan’ stie yn de finale.

It is benammen de tiid fan Paul Dijkstra, opslagger by it winnende partoer fan Bitgum. ‘Hie hjoed wol aardige maten’, sa sei hy nei ôfrin oer Hans Wassenaar en Tjisse Steenstra. Aardich yn de dûbele betsjutting. In dei earder stie Paul by in útwedstriid yn Suwâld ûnder de latte, in doarpke krekt sa grien as de shirts fan vv Beetgum. Hy hie yn dy fyfde klasse B wol even tiid om te dreamen fan de dei fan moarn yn Weidum. De sneons mocht hy trije ballen krekt even oanreitsje om te witten dat hy ek meidie want it waard 0-5 yn Suwâld. Al dreamjend hie de keeper fan Beetgum sels noch in goal mear sjoen dan as op it skoareboerd stie, want hy sei yn Weidum dat it 0-6 wurden wie.
 
Kin gebeure, makliker wie it byhâlden fan syn bûtenslaggen yn de finale, it bleau by trije. En dan fansels nei de tiid op nei de tafel yn it WTC Expo gebou, lekker mei wat heale liters Dave Chisnall útfluitsje yn syn partij tsjin Michael van Gerwen. In dei earder wie Weidum 2 dêr ek west en dy moasten yn de earste omloop yn Weidum tsjin Bitgum. Neffens de foto’s fan Weidum 2 op dy sneontejûn hie dat ek wol skriftlik ôfdien wurde kinnen.
 
Paul rûn dit jier nei ôfrin de lokwinsken fan Trijn Visser mis. Alle jierren hie Trijn foarrang nei ôfrin as je in keatser wat freegje woenen. De earste fraach wie noch net steld of Trijn banjere der troch hinne mei de tekst ‘Nou skat, van harte hoor, ut ging weer best’ mei twa kear in tút der efteroan. Dit jier siet se yn de rolstoel, mar de keninginne fan it frouljuskeatsen Manon Scheepstra wie har noch net fergetten yn Weidum. 

Oer fergetten sprutsen, wêrom is der by de presintaasje fan de partoeren net even stil stien by Manon Scheepstra dy’t dit jier net keatst? Anne Monfils en Anna-Brecht Bruinsma hellen ferline jier noch de krante, want it wie harren lêste jier by de froulju. Monfils stiet al wer op de list, en even foar de goede oarder: grut gelyk, once in a lifetime sa’n kâns.
 
Gjin Manon dit jier en wie der no gjin ien dy’t har even yn de sinne fan de gloarje sette koe? Want wy ha it hjir wol oer it grutste ‘boegbeeld’ fan it frouljuskeatsen. De ‘grande dame’, de ‘prima donna’, de keatsster dy’t yn 2022 21 kear de krânse mei nei hûs naam en 73 punten helle, dy’t yn 2021 ek winner fan it puntenklassemint wie mei 49 punten, en yn 2019 noch mei 65 punten ek. De meast komplete keatsster fan de lêste tsien jier en net ien komt op it idee om har even de eare te jaan dy’t sy fertsjinnet. Ja, sy stoppet mar ien jier, sil der sein wurde. Dat wit je net, stel dat sy nea wer keatst? En dan sa fan it poadium ôf….
 
Yn Weidum siet Simon Minnesma op in bankje nei soan Rick Minnesma te sjen, wylst de oare soan Mark yn it sikehûs leit. De sinnebril op, in byld dat je net ferjitte. Yn oare tiden skreaunen je mei blauwe of swarte inkt wurden op papier, no komt der allinne mar sâlt wetter út de pen. En it papier bliuwt leech, want wurden binne der net.  

DSC_4805

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers