contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (102)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Penjum

De spinnen meitsje mei harren fine triedden it keatsseizoen 2022 ree foar it argyf. De lêste triedden bliuwe yn it hier sitten en je witte noch twa triedden en de koffer fan 2022 kin pakt wurde. In stapeltsje grutte partijen neist dat fan de lytse partijen. Je moatte hast yn Penjum wêze om te witten hoe’t it ferline der útsjocht. It doarp fan Jan Reitsma, Hiele de Haan en letter Yme en Durk de Haan makket mankélyk. Se hienen it wer moai foar elkoar met Sponsorklup De Bân dy’t mar leafst 1800 euro oan prizenjild by elkoar skarrele hie. En de ‘spreekstalmeester’ fan de dei wie Paulus Groenendijk.
 
De éminence grise dy’t der ea foar soarge dat Jarich van der Veen net op fakânsje koe nei Appelskea. Paulus hie him opjûn foar de PC mei Oebele Wijnalda as tredde maat. Wy ha it dan oer de jierren sechstich, en in maat fan Jarich sei doe: ‘Do kinst net op fakânsje want do moast meidwaan op de PC, it stie yn ‘e krante’.
 
De klanken fan muzykferiening Harmonie fan Penjum dienen tinken oan Rients Gratama dy’t dy feriening in skoftsje ‘onsterfelijk’ makke hat yn ien fan syn foarstellingen. Guon fine sokke muzyk mar neat, mar sa lang as dy muzyk de echo is fan Rients Gratama hat hy besteansrjocht.
 
De lêste PC-winner fan Penjum wie Douwe Groenendijk yn 2008 mei Auke van der Graaf en Jochem Bouma. Earder wie Penjum dus it doarp fan Hiele de Haan en syn soannen Durk en Yme de Haan.
 
Dy Haantsjes ha it yn harren libben net troffen, faak in libben lang tsjinwyn yn ‘e holle, in spinnenweb oan stemmingen. It spinnenweb fan manys depressive oanfallen en sawol Hiele as Durk hat dy striid doch op ‘e ein ferlern. It beroemde ferhaal fan Hotze Schuil dy’t mei Hiele de Haan keatste. Hiele hie doe al fan dy oanfallen dat hy opnaam wurde moast en rûn by it opslaan gewoan troch as leinen de linen fan de foarbêst en de foarminst der net. Hotze: ‘Nou seun, ik su de folgende keer maar bij deze line wegslaan.’ Op syn Harnzers fansels mei it grutte begrip dat dy Lange hie foar in oar mins.
 
De wynstille rêst tusken Wytmarsum en Penjum wie in moai momint om de eigen wetterlieding ôf te taapjen. Gjinien yn de buert en al hielendal gjin bewaking lykas op de PC fan twa jier lyn, betrape tsjin in beam op it Bolwurk by de PC. ‘Wildplassen is verboden’, sa stie der yn harren hânboek fan bewaking en ek fan de plysje. De toeterjende sjauffeur fan de reade VW bus soarge der foar dat sels de plysje yn de Stellingwerven it hearre koenen. Dy reade bus wie al hast by Arum doe’t hy noch toetere. Hie better witte moatten want seach de sjauffeur tidens de priisútrikking somber sjen nei it heal lege fleske AA-drink op skoat. Hy seach der mei like folle leafde nei as de Grykse filosoof Socrates nei de gifbeker seach.
 
It fjild fan Penjum wie like hurd as in squashbaan mei stuiten op skouderhichte. Seach nei it ritueel fan Taeke dy’t mei in steand nûmer wat betider op it fjild wie. De striid om de reuma fan Bechterew op ôfstân te hâlden. ‘Taeke Triemstra: uniek in kaatsland’ sa is de kop fan in lyts ferhaaltsje oer him op de keatspagina fan de KNKB oare wike woansdei. Unyk, elke dei moat hy ‘ontstekingsremmers’ ynnimme, de lys wie yntaped en op in hurd fjild hat hy gauwer lêst fan ‘geïrriteerde achillespezen’. As je it fiele bist te let, sa sei Taeke, en it giet oer mei rêst mar dy is der net yn it keatsseizoen.
 
Je kinne sizze de maestro fan de wilskracht en talint, yn desimber wurdt hy 40 jier. Taeke hat no 36 punten en wol eins it jier ôfslute mei 40 punten. En dat hienen der mear wêze kind, sa fynt hy. De lotting neffens de ranking hâldt gjin rekken mei in twadde omloop en wat dat oanbelanget hat syn partoer it net troffen want sy kamen  folle faker in toppartoer tsjin op wei nei de finale as de oare beide toppartoeren en soks skeelt al gau fyftjin punten.
 
As je nei de bygeande foto sjogge dan witte je dat alle begjin muoilik is. Mar wat te tinken fan de ein, wat te tinken fan stopjen? Wat te tinken fan stopjen nei it heljen fan dat earste plak yn it puntenklassemint? ‘Muoilik’ en ‘Wit it net’ binne de wurden fan Taeke yn Penjum. Je rinne yn in troch keatsen ferljochte keamer en drukke dan sels op it knopke fan it ljocht út. Alles donker, je sjogge neat yn it donker en je witte net wêr’t de doar nei in oar libben is. Rinne op de taast en mar hoopje dat je de goede doar fine. Mar jildt dat eins net foar alles yn it libben?

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers