contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (101)

Tekst en foto: Rynk Bosma
 

Feilich

Der waard nei ôfrin fan de Van Aismadei hiel wat ôffytst. Heit, mem of oare famylje, allegearre even in rûntsje meitsje op it fjild mei dy earste, twadde of tredde priis. Ea waard dy fyts ‘kaapt’ troch Johannes van Dijk dy’t him troch in beslissing fan in skiedsrjochter bestellen fielde. De foto is der noch, de finale moast begjinne mar yn it skoft foar de finale makke Johannes in rûntsje om it fjild op ien fan de fytsen dy’t oan de ein fan de dei doe ek al de prizen fan de dei wienen. Dy tocht op de fyts wie dus in protesttochtsje mei it boadskip: ‘Sjoch minsken, dit is my troch de noas board’.
 
Fansels waard it in feestlike tocht want Johannes waard troch de minsken op hannen droegen. Hast like populêr as Johan Halbesma dy’t snein gast wie op de Van Aismadei want hy hie it 50 jier lyn wûn. It wienen mannen mei tekst, mannen dy’t it publyk by it spul belutsen, mannen dy’t der neat foar hoechden te dwaan om de minsken op harren hân te krijen. Mannen fan harren eigen tiid.
 
As je der sa wat omstappe dan tinke je wolris: wa sil dy sfear ris by it hier pakke om it oan in gruttere wrâld te fertellen dat keatsen mear is as boppe en bûten, mear is as allinne mar in spultsje. In fertroude, hast feilige omjouwing, in praatsje hjir, in pilske dêr en it fytske tsjin de beam foar jûns let.
 
En dan de oermoed fan de jeugd om op 5-4 en 6-4 te sprekken fan in ‘opgoaier’ dy’t hy dochs net fuort krige, lykas Gabe Jan yn it perk. De moed fan de jeugd om te sizzen dat je moarns al it gefoel fan winnen hienen, wylst it Mantgumer kanon oan de opslach oan de oare kant op wei nei dy finale de muorren fan it Bitgumer Ryk fan Tjisse Steenstra al sloopt hie.
 
In opslagger dus dy’t sels nei al dy jierren wol wit of hy goed wie of minder goed. Dêr hat hy net ien foar nedich om him elke wike by it hantsje nei it keatsparadys mei te nimmen, ek as hy it net sjen litten hat. Dan fiele je je wolris ‘ongemakkelijk’ as keatser dy’t it in skoft lyn dichterlik hie oer in útbloeide hynsteblom’. 

Fan ‘ongemakkelijk’ nei feilich is mar in lytse stap en tagelyk in hiel grutte stap. Mar wol in hiel oare wrâld. In moedige frou yn Bitgum nimt de muoite om it op te nimmen foar in frijwilligster op de foarline yn Weidum. Om ‘verhaal’ te heljen oer it neamen fan namme en tanamme yn krante en op website. Kin de namme fan dy frijwilligster op de foarline no wol neame dus: Joke Koldijk, de karmaster op de Frouljus PC yn Weidum. De moedige frou frege de radioman of dat sa mar koe… mar in radioman is op sa’n dei in hiel oar ferhaal as in krantenman, of in website, dat wist dy frou ek wol.
 
In radioman makket in ferhaal fan mominten, fan wille en fertriet en dan wolle der wolris nammen en beskuldigingen falle yn de frustraasje fan ferlies. Dan komme de frustraasje en de nammen der fansels út. Kaam Louise Krol in pear oeren letter op de PC-dei tsjin en doe fûn sy al dat sy wat te bot west wie, mar wol dat dy bal foar wie. Koldijk seach him yn en Alinda Kleefstra seach him ek yn. En as der dan ferbiningen mei Team Fjoer by helle wurde, dan komme je yn it faarwetter fan de prinsipes fan de sjoernalistyk.
 
Want as je soks ‘insinuere’ dan hat de persoan rjocht om heard te wurden, de beskuldiging oan skiedsrjochter Hendrik Tolsma dat hy net yngrepen hat freget om in ‘wederhoor’ want it is yn prinsipe in beskuldiging wêr’t je as skiedsrjochter op reageare mei. Tolsma ferklearre dat hy it net sjoen hie om’t Krol yn de baan stie. Logys, in rjochtshandige keatsster springt nei links fuort en stiet dan yn de baan fan de skiedsrjochter.
 
En sa binne wy werom by de fraach ‘mei in karmaster sa mar mei de namme yn de krante?’ Nee dus, want as dat wol sa is dan fielt aansens gjin frijwilliger him of har mear feilich. Want minsken: frijwilligers mei leafde foar it spultsje betinke harren aansens wol twa kear as je sa ôfmakke wurde kin yn krante of website, dan sjogge je in oare kear wol út. Want in karmaster is in frijwilliger dy’t har bêst docht om in PC-dei goed slagje te litten. En dêr past net in iepenbiere skandpeal by wylst de karmaster oars neat dien hat as oan te jaan wat sy sjoen hat, en dat wie yn. En dan letter dy ferbining mei Team Fjoer der by helje is miskien noch wol in gruttere mislediging foar de sportfrou dy’t sy ea wie.
 
Koldijk hat sels altiten keatst, en is no noch as frijwilliger tige warber en weardefol foar de earste klasse fan de froulju. De stap nei de keatsster Koldijk is mar lyts: nea, mar dan ek nea winne wolle mei tank oan in karmaster of in ferbining mei Fjoer. Net ien wol dat, krekt like min as in opslagger wol dat hy hast elke wike kening makke wurdt op in site wylst in oar der mear rjocht op hat.

De sjoernalistyk dus, wat is der mis mei it ferhaal fan Klaas Postma op de site fan de KNKB: ‘Nynke Sijbrandij sloeg de bal ‘voor’ maar de keurmeester gaf de bal ‘in’. Tuinenga en haar maten waren woest en protesteerden fel maar scheidsrechter Tolsma nam de beslissing van de keurmeester over’. Wat is der mis mei: ‘Een treffen ook die voor het nodige rumoer zorgde vanwege een foutieve beslissing op 1-1 en 6-6. De bal was dertig centimeter voor, en ondergetekende kan dat hier noteren als ooggetuige zonder op de voorlijn te staan’ út it Friesch Dagblad fan ‘ondergetekende’?
 
In bytsje flau kinne je sizze dat der yn de krante Kolkdijk stie, in bytsje flau kinne je ek sizze dat de kop op de website Driemaal scheepsrecht voor Sijbrandij, Scheepstra en Zeinstra eins seit dat it dit jier foar it earst is dat it partoer Sijbrandij it wint. Dit even om oan te jaan dat in fout sa makke is sûnder dat je oan de skandpeal komme.
 
Dus doe’t de moedige frou dy fraach stelde fan ‘mei in karmaster mei namme en tanamme sa ôfmakke wurde?’ hie net de radioman, mar de útbloeide hynsteblom neist him antwurd jaan moatten want hy hie alles mei in soad nocht oan ûnnocht de grûn yn board. Mar ja, dy hynsteblom wie útbloeid en dan is it bêste der ôf fansels.
 
It wurdt tiid dat de keatswrâld en de keatsferieningen it selde dogge as dy moedige frou, ‘verhaal’ helje, opkomme foar in frijwilliger dy’t leafde hat foar it keatsen en dy’t dan samar krusige wurde kin. En wichtiger noch: in frijwilliger moat him of har feilich fieIe as sy yn funksje is en dat jildt ek foar de skiedsrjochters.  Dus keatsferieningen pak de meanmasjine en mean de útbloeide hynsteblommen der ôf.  Want mei in bytsje wyn waaie dy siedsjes oeral hinne en foardatst it witst sitst der ûnder en hast gjin frijwilligers mear oer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers