contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (100)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De pasjint

It wie as sieten je yn in Frânsk doarpke moarns ier ûnder in Platanenbeam. Yn de fierte gjin jeu de boulebaan, mar in keatsfjild. In houten bank dy’t ûnder lieding fan mem Krol mei it skaad mei ferhuze as wie sy krekt beneamd as treinmasjiniste. As je in psycholooch of psychiater wienen dan koenen je dit as terapy foarskriuwe. In pasjint dy’t hope op bettere dagen betellet 200 euro foar in oerke konsult. En jout him of har del op dat bankje.  In kuer fan twa oant fjouwer oeren rêst op dat bankje en je kinne der wer in heal jier tsjin. Wyldfrjemde minsken op sa’n bankje sette as pasjint mei as grutste foardiel: gjin ferstân fan keatsen.
 
As pasjint soenen je dan guon dingen net snappe. As pasjint krije je neat mei fan dy ûndertoan fan grutte leafde dy’t yn dy iene opmerking fan in âldere man leit: ‘It is in lytse duvel’. Ek de opmerking ‘Sy slacht te hurd’ soe yn de stielblauwe loft ferdwine as wie dy nea makke. Mar fierder it ferstân op ûneindich, nearne om tinke want mem Krol soe der sa no en dan as treinmasjiniste foar soargje dat elk wekker bliuwe soe.  Want de sinne wie wer in stikje opskood. It houten bankje moast wer op it spoar fan it skaad setten wurde.
 
Dy pasjint siet dêr om by te kommen fan de maatskiplike ûnferskillichheid foar allehande wichtige dingen. Gemeentlik jild útjaan foar eigen brunch of lunch wylst de earmoede der as in wynhoas oankomt om mar wat te neamen. Net oan tinke as pasjint, je gewoan fernuverje oer dat nuvere spultsje en de moaie ferhalen dy’t in glimke op it antlit bringe. Dat mei ek wol foar 200 euro.
 
It ferhaal fan dy lulke man yn Harns doe’t de sop dêr sneons útferkocht wie tidens de keatspartij. It hitteplan: om njoggen oere al op it fjild sitte. Dan moatte de foarrieden net al te grut wêze want oars bliuwe je mar mei it spul sitten. In man helle foar fjouwer man sop, en in oare man soe ek om sop mar doe wie de sop útferkocht.
 
Dy fjouwer koppen sop fan dy man wienen de helte fan de hiele foarrie. Mar it gelok wie in dei letter yn Sint Anne ek útferkocht doe’t hy om in gehaktbal soe. Hy kaam mei in hamburger werom want de gehaktballen wienen ek útferkocht. Gelokkich kaam de altiten iverige Alfred Miedema noch efkes lâns, net dat hy noch gehaktballen hie, mar wat oars koe ek wol wurde.
 
De pasjint op de bank soe glimkje en tinke fan wêr giet dit oer yn in tiid fan PC, Freule en aansens Frouljus PC? Mar hy hie gelokkich gjin ferstân fan keatsen want wie dat wol sa dan hie hy tinke kinnen: wat sit dizze man te eameljen oer gehaktballen en sop wylst it fan ‘e wike Freule wie en in pear wiken lyn PC. It is mar goed dat hy ferline wike yn de bibel de tekst ‘Zalig de onwetenden…’ lêzen hie want dat makke de maatskiplike ûnferskillichheid better te dragen.
 
Oant ien him op dat bankje even bypraatte dat dy ûnferskillichheid ek yn it keatsen tanimt. Want it is betiden wol in tige rommelige etalaazje wêr’t it keatsen yn leit. Net behannele as in sport mei in grutte kulturele wearde mar mei de ynstelling ‘Oh ja dat hoort er rond deze tijd ook bij’.
 
Lei de pasjint út hoe’t it no sit. In Franeker Courant dy’t in dei nei de PC mei in foto fan Thomas van Zuiden komt op de foarside…. Doch dan mar in stikje oranjekoek fan Bakker Siesling dy’t ek op de 120ste PC wer goed smakke. Of in fiskje fan Marten Cuperus dy’t wer tige goed swimme woe yn al dat bier. Want ek as pasjint wienen je al betiid oan it bier gien. Want in goede tarieding wie it heale wurk. En dat hie in reden, op de lotting hienen je it programmaboekje besjoen om te sjen wa’t wa wie op de PC. Dat wie noch in hiele puzzel mei de 21 partoer dy’t hjir ynstienen. Ek hiel handich foar oare minsken dy’t ien kear yn it jier by de PC komme, lykas ús pasjint op it bankje yn Sint Anne.
 
Is it dan dochs ek de ûnferskillichheid dy’t it keatsen yn slûpt?  In Freule dy’t net mear op televyzje komt, gjin bylden mear fan de resepsje fan de PC, Leendert Ferwerda dy’t in ferslach fan de Freule skriuwt dat op 24 augustus yn de krante komt, sa fertelde hy my. Gjin foto’s fan de grutte man Johan Sipma mar fan syn assistint, de selde foto’s yn twa kranten, en sa kinne wy noch wol even trochgean.
 
De pasjint kaam oerein en sei ‘Hoe ver moet ik lopen om aan die onverschilligheid te ontsnappen?’ Sei: ‘Bliuw mar moai sitten neist dy âldere man en dan witte je oan de ein fan de dei dat de keatssport yn de minsken sels sit en net yn de úthingboerden lykas kranten, internet of televyzje.’
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers