Tekst en foto: Rynk Bosma
Spultsje of wiisheid
Ja wit it, Hylke Bruinsma wie net de kening fan de PC fan 2013 sa’t moandei yn it Friesch Dagblad stie. Dat wie Renze-Pieter Hiemstra en dêr wie doe ek wat foar te sizzen. Dus it wie ek wer net sa dat dy kommisje der doe hielendal neist siet. En wa binne je sels om it altiten mar better te witten? Oer better witten sprutsen, jierren lyn wie der foar it earst ien fan doe noch NRC Handelsblad op de PC. De man wie der noch nea west en Johannes Brandsma hat him doe it spul útlein.
Dat wie yn in jier dat ik sels fûn dat Daniël Iseger foar de fjirde kear kening wurde moast, mar it net waard. Wie foar ien kear benijd wat in krante út de Randstad te melden hie. Want it is fansels in toer om op ien dei it spultsje wat troch te krijen. Je witte ek net hoe goed ‘master’ Johannes it oan in oar útlizze koe.
No dat wie kennelik goed dien want de man miende him fuortendaliks mar mei de kar fan de kening bemuoie te moatten. En dat sûnder de gebrûklike selsspot fan syn learmaster fan dy dei. Dan drage je de mantel fan de ‘betweter’ en dat is yn dy kontreien bepaald gjin útsûndering. In oar ferhaal oer doe noch PC-foarsitter Johannes Westra die de doar ticht. Wie it ferhaal dan net goed? Nee, alles stie der yn, mar it hie in ferfelende ûndertoan dy’t hiel muoilik op papier is út te lizzen.
Net sa lang lyn krige ik in ferhaal te lêzen dat gie oer Rinse Bleeker, Klaas Westra en Johannes Brandsma en dat ferhaal wie fan 2020 en ‘popte’ yniens wer op internet omheech. Kaatsen op een apenrots sa hiet it stik en nei twa rigels lêzen wisten je al dat de toan fan it ferhaal net doochde. It gie net om de minsken, mar om nocht oan ûnnocht.
Dingen opblaze om mar mear lêzers te krijen en it net lêze litte oan de trije dy’t harren meiwurking jûn hienen. Bewust skea oanrjochtsje oan minsken dy’t harren net ferdigenje kinne omdat it prinsipe fan ‘hoor en wederhoor’ net tapast is. De doe noch fjouwer Van Wierens dy’t ien fuort stjoere soenen fan in tafel yn de feesttinte omdat sy dêr sitte woenen? Kom no toch, it is de musyk dy’t de toan fan de musyk makket en as der ien noat fals klinkt, is faak it hiele orkest fals.
Werom nei de eigen werkelikheid, better sein de eigen miening of byld fan doe dat Hylke yn 2013 miskien wol de kening wie. In pear wiken letter wûnen de mannen, Renze Hiemstra en Johan van der Meulen, it yn Kimswert. Je koenen mei de eagen ticht wol sjen dat Hiemstra de kening wie, dus der net op wachtsje mar daliks fuort en it opskriuwe. Ek net even kontroleare. En ja hear, Hylke waard kening… in kadootsje fansels.
Op de PC wurde kadootsjes net útdield, teminsten as je as keatser de goede taktyk folgje en net de sterkste man opsykje. Want dogge je dat wol, dan kinne je hast fan in kadootsje prate. Tink oan Simon Minnesma en Jacob Wassenaar yn in finale fan it ferline en dan litte wy de PC fan 2018 der mar bûten.
It is in spultsje om te sizzen wa’t it wint moarn, de tiid stikken meitsje. It is in wiisheid om je dêr oer stil te hâlden mar it ien slút it oare net út. It is in spultsje of tiidferdriuw om te sizzen dat al dy lytse telegrafen op skoarstienmantel of earne oars ferkeard binne. Want mei alles oan ‘e hang kinne der net twa keatsen oan hingje. It is in wiisheid om te sizzen dat dy twa keatsen der by hearre omdat oars de telegraaf net kompleet is, it symboal fan alle eleminten dy’t by it keatsen hearre.
Ien fertelde my dat der yn de jierren fyftich in kabaretfoarstelling wie mei Tetman de Vries. Om de tafel op it toaniel allegearre froulju, tradisjoneel dus sorry Astrid, dy’t fertelden hoe wichtich harren mannen wienen op de PC. Ien sei: ‘Myn man sit op de telegraaf en hy is sa belangryk dat as hy dy telegraaf draait dan geane de keatsers om. Myn man seit dus wat de keatsers dwaan moatte.’ It spultsje of tiidferdriuw seit fan: wie it mar wier, dan koenen je oan de telegraaf bepale wa’t it winne moat of sil. De wiisheid seit dat it mar goed is dat je net sels geane oer de lingte fan in partij sa as je net geane oer de lingte fan in libben.