Tekst: Rynk Bosma
Foto: Anne Waterlander (x-lent.nl)
As je sizze dat ‘alles witte net gelokkich makket’ skoppe je net allinne in doar iepen dy’t noch ophongen wurde moat, mar je ha ha ek wat skamte dat je net wat oars of wat betters betinke kinne dat ek de lading in bytsje dekt. Ek wer sa’n ien: ‘de lading dekke’. It liket wol as wienen je it ‘Nationaal Hitteplan’ oan it skriuwen. Ja brûk de Nederlânske titel want soks kinne wy hjir net betinke. Wy komme net fierder as in pear ‘drinkpunten’ op de PC. Yn dat ‘Nationaal Hitteplan’ moatte je in soad drinke, net te lang yn de sinne sitte en sa binne der noch in pear doarren dy’t noch ophongen wurde moatte.
In soad drinke dus, frege op 27 april oan Hessel Postma of hy wol oan de goede sport die, doe’t hy fertelde dat hy noch nea in pilske hân hie yn syn libben. Mar wol de krânse yn Holwert, wol de jeugd fan lústerje en oannimme wolle. Seach him yn Huzum mei twa Cola’s of in oar frisdrankje mei kleur yn syn hannen stean nei’t hy dy lêste bal boppe slein hie. Sjoch nei dy opspringende foto fan Anne Waterlander yn de krante en je witte hoe’t gelok der op dy leeftyd útsjen kin.
Ja want fris of net, it marstempo siet der fansels wol yn by de mannen yn it wyt doe’t de partij binnen wie. Dat koe ek net oars want neffens it Nationaal Hitteplan moatte je in soad drinke, dus dêr moatte je je dan ek oan hâlde.
Seach yn de fierte Gabe-Jan van Popta mei in bleat boppeliif dy’t al wapperjend mei de rjochter hân útlei hoe’t je in bal boppe slagge. Hy soe sa ynstappe kinne as Thor yn dy film oer Vikingen. Dat wapperjen koe net mei links fansels want de gouden ridder mei wite helm hie dêr sûnt de heale finale in fêst bankplakje. No is keatsen en drinken neat nijs, Robert van Wieren fertelde ea dat âlders net de ‘polonaise’ rûnen as de dochter mei in keatser thús kaam. Dy hienen doe in strieminne namme en dat hie te krijen mei dy grutte K fan Kroech.
Ien fertelde my dat it noch altiten grutte ‘sûpers’ binne, ek al dogge de keatsers fan no der folle mear foar. It keatsen is ek om dy reden wol oars wurden, it hat as balsport in heger nivo, is sneller en dat hat neat te krijen mei it tal bûtenslaggen, mar mei it risiko dat der naam wurde moat. Want ‘ús Gabe’ wappert ek sûnder dy gouden ridder yn de oare hân in soad ballen boppe. Dat wie yn Moarre al sa, en yn Huzum wat minder. Ek op de boppe kinne je sjen dat hy wol wat opstekt fan Dylan Drent op de treningen.
Se komme der hoeden op sokken oan, de jongerein. Want gjinien wol aansens op de PC graach tsjin Haye Jan Nicolay, Gabe-Jan en Pieter Jan Leijenaar keatse. Sa fertelde my ien dy’t der ticht genôch by stiet om dit te witten. En dat jildt seker foar de trije toppartoeren. Dat de mannen der tsjin Tjisse yn Huzum ôfgienen hie mear te krijen mei de rekkening dy’t noch iepen stie fan in dei earder yn Moarre en mei in Tjisse dy’t doe noch fris wie. Mar as it skouder fan Leijenaar, en sûnt snein ek de knibbel, it wat hâldt dan kinne je sizze fan: se komme der oan. De top kin foar in grut publyk op de PC allinnich mar ferlieze tsjin Haye Jan-en-dy. Winne se dan is dat in spegel fan de krachtsferhâldingen. Ferlieze se dan is it in ‘falen’ want de masten sjogge mar ien kear yn it jier in partij. Sy witte net dat it talint de berch op klimt en dogge sa Haye Jan, Gabe-Jan en Pieter Jan gjin rjocht.
Fyftich jier lyn gie alles wat favoryt wie op de PC fan 1972 op tiid nei hûs. Gjin Gerrit Okkinga, Klaas van Wieren en Durk Talsma, gjin Jarich van der Veen, Gerrit de Jong en Gerrit van der Heide. Want dat wienen de beide kânshawwers, ek al soenen Johan van Seijst, Wiep van Wieren en Johan Halbesma ek noch sa neame kinne. Nee ‘jonkies’ as Piet de Jong, Bert Rinia en André Roosenburg wûnen doe mei alles oan ‘e hang de PC tsjin Hein Zijlstra, Sikke Sikkema en Flip Soolsma. Ek net in partoer dat elke wike mei de krânse nei hûs gie.
Mar noch folle wichtiger as wa’t de PC winne sil, is de fraach wa’t in fariant op it ‘Nationaal Hitteplan’ betinkt. En neam it dan mar Nationaal Kaatsplan want it wurdt echt tiid dat der wat gebeure moat oan it tal partijen. Ilse Tuinenga hie it yn it Friesch Dagblad der al oer. Je kinne it foar de fûst wei sa opneame: minder partijen, mear lotsje en ien kear yn it wykein. Partijen op woansdei sa no en dan en minder partoeren. Dus net fan alles mear sa as by it Hitteplan, mar fan alles minder. Tink wol dat in soad drinke bestean bliuwt, mar dêr ha je gjin Hitteplan foar nedich om dat te betinken.