contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (96)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Drama

It wie snein dus de dei fan de balkearders op de Rengersdei yn Ljouwert. Neffens de wet fan it keatsen moatte je dus dy earste omloop oerlibje mei in ferfanger dy’t as je dat helje yn de twadde omloop de ‘fallende sykte’ fan útfaller hat. Fansels ha je dan de rekkenmasjine al yn de hân om ien te freegjen. Hans Wassenaar hie ‘buikgriep’ by it partoer fan Tjisse Steenstra en dat betsjutte dus net in achterynse freegje, mar gewoan in opslagger. Marten kaam foarby en dan hoege je net lang nei te tinken. Pieter Jan Leijenaar hie lêst fan it skouder en dat is foar de âldere generaasje altiten in bytsje skrikken mei in ferslein skouder yn ‘e achterholle.

Tjisse koe alfêst oefenje foar it oare jier as hy wer achteryn giet, ek al hie hy fansels woansdei op de Bond ek al de hiele dei achteryn stien. Dy Bond wie oan de stuit in ‘drama’ sa folle ballen der bûten foelen. In opslagger lei út dat it troch de wyn kaam dy’t sa sydlings om dy grutte sporthal hinne kaam en de bal dan ynienen optilde nei oare plakken as de krite. Sjoch de sportfjilden oan de Hertog van Saxenlaan lizze wol yn de gemeente de Waadhoeke.

Hie sels it nasjonale hitteplan al yn de bûse, mar dochs mar in jas meinaam en dat wie gelokkich net om ‘e nocht. Want dyselde wyn stie ek skean op it hokje, dus dan dy jas mar oan, oaren hâlden de waarmte mei it tellen fan de missers sadat gjinien it echt kâld hie. Fanwege de tiid wie der plak yn it âlde bûnsburo om it ferhaal nei Ljouwert te stjoeren. Neamde de Bond yn de kop: ‘Winst Bitgum in schaduw van drama aan opslag’, mar dat wie de oare deis feroare. It ferhaal moast nei de ôfdieling ‘regio’ en dêr fûnen se it wurd ‘drama’ dochs wat te swier oansetten.

Want mei it wurd drama komme je eins yn de buert fan minsklik leed, lykas by in sjitpartij of yn de oarloch yn de Oekraïne. Kin my foarstelle dat je dat as net-sportleafhawwer in bytsje oerdreaun fine. Kin my foarstelle dat je fine dat de sport dochs al grutter makke wurdt dan as goed is foar de mins. Yn it ferhaal oer de Bond binne it ‘opslagflaters’ wurden en dêr koe ik ek wol mei libje.

Dat wie jierren lyn wat muoiliker doe’t der troch de einredaksje wat úthelle wie. It gie oer in keatspartij yn de rein en it diel fan de opslach wie ien grutte modderboel. De fergeliking mei de loopgraven oan de Marne út de Earste Wrâldkriich waard út it keatsferhaal helle want sa’n fergeliking joech gjin pas. En dêr wie wat foar te sizzen, ek al hat de ien in gefoeliger siel as de oar.

De siswize fan ‘It wie wer in drama’ om oan te jaan dat it striemin wie wurdt in hiel soad brûkt, sûnder stil te stean by de betsjutting drama. Dochs wurde je foarsichtich om it wurd te brûken en je bouwe al even hoeden de grinzen fan it ferslach yn: ‘Als we het relativeren voor even op een dienstreis sturen en ook nog voor heel even afspreken dat kaatsen het gehele leven is dat in deze tijd met de PC in zicht ophoudt net voorbij de twee ‘kweapeallen’, dan kun je spreken van tragiek’.

Mei dizze beheining meist sizze dat it in drama is wat Dylan Drent oerkaam is, mar sis der fuort even by dat it drama dat Sjoerd de Jong yn Berltsum oerkaam like goed in drama wie. Want in drama wurdt net grutter as je as keatser mear kâns ha om dy PC te winnen, lykas by Dylan it gefal is. It drama is dat sporters, jonges en famkes, manlju en froulju, in stik fan harren sportlibben ôfnaam wurdt en dan makket it neat út as je Sandra Hofstra, Margriet Bakker, Peter van Zuiden, Thomas van Zuiden, Alle Jan Anema, Taeke Triemstra, Sjoerd de Jong of Dylan Drent hite. It is it ferhaal dat je yn de simmer fan je sportlibben mei tritich graden binnendoar sitte moatte achter ‘geblindeerde’ ruten. It is sjen nei de sinne op in plaatsje yn in boek, wylst hy bûtendoar fol oan de himel stiet. It is it gefoel fan wat misse dat je net oerdwaan kinne, allinne mar ynhelje.

De treast dat je it bierfleske ek mei links fêsthâlde kin ferliest it fan de film fan dy ferlerne finale fan de PC fan ferline jier yn de holle fan Dylan. Dy sil ‘wegens tragische omstandigheden’ mei in jier ferlingd wurde. Gjin film fan de romantyk, want dan hie Dylan as bêste foarynse fan de dei dy PC wûn. Oan de oare kant de gruttere treast fan in Taeke dy’t mei fysike tsjinslach ferline jier dochs noch de PC wûn.

bier HR

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers