contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (91)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

optimisme

Foar de minsken dy’t der oer hinne lêzen ha, en dat binne de measten fansels, nee Pieter van der Schoot die net mei yn Stiens. Dat hie fansels broer Kees wêze moatten, mar ja nei in sneintejûn wêrop sa’n tsientûzen wurden as mear foarby komme dan wol it gerdyn fan it ûnderskied meitsje tusken goed en fout wolris ticht gean. Je sjogge it in dei letter, mar wol te let fansels. Je binne in dei letter wat frisser as op in sneintejûn en dan binne wy ek bûten de feesttinte bleaun. De sinne hie doe syn wurk al by in soad feestgongers dien, reade hollen en dat al betiid op de middei hienen dochs ek wol in oare oarsaak.
 
Mocht ien wat tiid oer ha dan kin dy wol begjinne oan in boek. En dat boek moat dan gean oer keatsen en keningen of oer keningen en keatsen en hoe’t de keningen keningen wurde kinne. Want kening wurde is dochs wol wat dit jier. Sjoch dat Gert-Anne van der Bos kening waard yn Menaam, dêr wie elk it wol oer iens. Mar fierder wie it betiden ek in bytsje behelpen om de juste keatser fan de trije oan te wizen as kening. Yn Dronryp gie it mis, yn Menaam by de dames gie it ek mis. Yn Dronryp foel de namme Stiens al by Hans Wassenaar. Stiens as foarbyld fan hoe’t de ferkearde kening waard yn 2021. Tjisse moast doe út it midden wei.

DSC_5980

In nije keningspriis, nije kânsen dus. En litte wy net te hurd wêze foar Stiens, sa feilich achter it taffeltsje. Litte wy mar begjinne mei dy prachtige, nije keningspriis. ‘Was getekend’: Hans Jouta. De moaie mûne ‘de Hoop’ fan Stiens, de keatsbal en de grutte S fan Stienzer Dagen as sierlike letter dat alles oerhearsket. Earst de feestlike earepoarte troch yn Stiens, der wie wurk fan makke en allegearre goed organisearre. De ienheid en krêft fan in doarp en dat is net sa fanselssprekkend mear.
 
Tink mar oan Fanfare orkest Studio fan Stiens, sûnt 1896 al net fuort te tinken by de keatspartijen yn Stiens. It hâldt op te bestean. Te min leden en sa ferdwynt in stikje doarpskultuer fia de achterdoar it wide fjild yn. Je soenen hast sizze, bestel de film Fanfare fan filmer Bert Haanstra ris en as je dy film sjogge, dan witte je ek fuort wat de tiid dien hat mei de doarpen en it plattelânslibben as je dat fergelykje mei de doarpen fan doe. Muzikanten dy’t mei grutte muzykinstruminten op in platte, iepen frachtwein nei in oar doarp rieden om dêr te spyljen. De muzykinstruminten as harren grutte leafde en dat betiden toane meie oan de omjouwing.
 
Fanfare orkest Studio bestie dus yn 2021 125 jier en neffens de webside wienen se doe noch fol goede moed om nei de 150 jier te gean. Dat is dus foarby, te min leden. De alvestêdetocht foar rinners mochten op 27 maaie noch hearre nei de klanken fan Fanfare orkest Studio. En snein dus yn Stiens de ‘zwanezang’ fan Studio. It sil sear dwaan foar de minsken dy’t elke wike fol moed harren muzyk spylje. It sil sear dwaan dat soks ophâldt. It is je libben en dan feroaret de maatskippij sa dat der gjin plak of takomst mear is foar dy muzyk.
 
Doe’t Studio 100 jier bestie wie Rients Gratama yn Stiens foar in foarstelling sa fertelt de skiednis fan de fanfare. Earder kaam ek Tetman de Vries ris lâns. Grutte kabaretiers mei in keatshert. Der sille fêst noch minsken wêze dy’t it meimakke ha. Wat dat oanbelanget is prate oer in kening eins praat om ‘e nocht, want as der in kening is dan is der ek keatsen.
 
De Hiemstra’s hienen acht boppe yn de finale, Renze-Pieter en Kevin-Jordi. Fan dy iene Hiemstra witte wy dat hy it op dit nivo kin. Dy oare Hiemstra, Kevin-Jordi, tikke dochs ek fjouwer fuort yn it doarp dat yn syn Freuletiid him in soad ellinde besoarge hat. Folwoeksenen, âlders, bern en Freule, dêr soenen je ek in boek oer skriuwe kinne. Dêrom dochs knap dat Kevin-Jordi der wer stiet. Net dy mof oer de iisbaan soale hat, mar karakter toand hat mei trochsetten. En ‘ervaringsdeskundige’ dus doe’t Tjisse yn de finale wat prottele oer in bal wêr’t hy fan tocht dat dy foar Hans wie yn it tuskenspul. Kevin-Jordi yn it foarbygean: ‘Ja mar goed seure, dêr wurde je better fan….’ Hy hat gelyk, en dêrom in bûging nei Fanfare orkest Studio doe’t hja op dei fan harren lêste muzikale optreden dochs noch Make my day spilen. It toppunt fan optimisme.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers