contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (89)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Anne Waterlander (x-lent.nl)

Wilhelmina

It hie wol wat fan in feest, dy griene en oranje kleuren foar it begjin fan de finale yn Tsjummearum. Nee, ek dit jier stie der gjin Tsjummearum yn de finale yn eigen doarp. Mar wol ien dy’t it doarp noch goed fertsjintwurdigje kin: Hans Wassenaar. Mar dat is foar de tritiger al wer hiel wat jierren lyn. En de ein fan dy finale tsjin Eksmoarre hie hy ek leaver net hân, gau ferjitte en op nei de folgjende útdaging. By it rikken nei de bal op de boppe hie Hans mei de fuotten de line rekke en as ien dat goed sjen koe, dan wie dat fansels wol Sjoerd Heeringa.
 
Sjoerd stuts de stok omheech en de partij wie dien op 5-5 en 6-2. OKK Bitgum bûgde de holle en der wie gjin wanklank te hearren, kom dêr ris om yn dizze tiid. No hie Sjoerd fansels ek wol it nedige kredyt, yn tolve moanne tiid earst de Freule fan 1963 winne en yn 1964 de PC. Miende sels dat hy mei in dûbelfunksje ek noch kening wie, mar wie dúdlik mis. Dat wie fansels, hoewol fansels, Johan Halbesma dy’t de Belgise want fan Hotze út België oan it útprebearjen wie, mei in nap en gjinien hie it troch, ik tink allinnich keatssjoernalist Sip Oosterhoff. Sa wol it ferhaal teminsten en Johan is de earste dy’t it tajaan sil.
 
Sjoerd Heeringa, it grutste talint fan dy jierren op en út. In blonde krollekop yn it foarperk dy’t yn 1964 net troch hie dat de taartsjes fan it keatsen, Freule en PC, wol hiel fluch efter elkoar kamen. Teminsten mei de wittenskip fan letter want Sjoerd hat nea werd dy PC wûn. Hy sels fertelde in kear dat hy as strjitmakker al gau lêst fan  de knibbels krige en dat soe der foar soarge ha dat it keatslibben net al te lang duorre hat. In oar fertelde it ferhaal dat syn frou net gek op it spultsje wie en it leafst hie dat der sa gau mooglik in ein oan kaam.
 
Oer lang duorjen sprutsen, dat wurdt faak yn ferbân brocht mei it frouljus keatsen. Sneons wie it yn Menaam keatsen om de Gouden Wilhelmina’s foar de froulju en fansels kin je net yn elke krante skriuwe dat de nammejouster -  keningin Wilhelmina - fan de prizen net bepaald like op de winners. En dat it foar de winners te hoopjen falt dat dit nea barre sil. Foar it Frysk folksliet wie it sneon in brêge te fier om te klinken op in partij dy’t neamd wie nei Wilhelmina. De seis finalisten stiene klear, mar it lûd liet it ôfwitte en de pear petten koenen wer op de holle.
 
De finale moast yn Menaam in soad goed meitsje want de iene seame de oare yn heech tempo om. Benammen it yn it read keatsende partoer fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra stoomden as in trein nei de finale. De stoom fan it gif fan ferliezen fan in skoftsje lyn. Mar ek Ilse Tuinenga, Louise Krol en Sjanet Wijnia hienen de gong der yn. Troch de nije ferliezersronde, sieten je mear nei ferliezers te sjen as nei winners.
 
De seuren yn dit libben sille sizze fan: it duorde te lang en de kwaliteit hâlde betiden net oer. Se kinne ek noch sizze dat de top by de dames tige smel is en ek dat is wier. Mar dêrom is it ek top, de bêste wurde en wêze komt net fansels. It is mar in smelle barte en mear as de helte dondert healweis de sleat yn. Dat is no sa en dat wie yn it ferline ek sa. Dat der by de mannen trije, heechút fjouwer partoeren meidogge om de prizen is in útsûndering. It wienen hast altiten twa partoeren dy’t mei de krânsen op ‘e fyts nei hûs gienen.
 
En wat is lang duorje no krekt? Jûns heechút tweintich minuten fuotbal sjoen yn de finale fan de Champions League oer njoggentich minuten. Miljonêrs dus dy’t noch te laf en skiterich binne om it 90 minuten mei fuotbal fol te hâlden. Of nim de Giro yn Italië, je sitte it grutste diel nei neat te sjen, ja nei in moai lânskip. Dus wêr ha wy it oer? Fansels kin it koarter by de froulju, mar sjoch ek nei de oare kanten. Nim dy man op ‘e line, yn bettere tiden skynde hy in dûmny te wêzen. Yn Menaam oefene de man alfêst foar de snein yn tsjerke, gelokkich snurkte hy net, mar ballen yn en bûten gienen ek by him lâns, hy gokte mar wat as siet hy yn in Kasino. De dames lieten it der by, tink dat Kees van der Schoot nei twa kear mis wêzen wol rie mei de man wist. Yn Frjentsjer wie it noch in reklameboerd dat nei de makker moast doe’t Kees der ôf wie….bin wol benijd of dy rekken al ferstjoerd is.
 
Wie sneons om goed ien oere yn Menaam by in partij dy’t tolve oere begûn wie. Dus ik tink dat Reinder Triemstra it no wol goed fynt as der wat oer dy keninginnepriis sein wurdt. It wie yn Menaam fansels net sa’n ôfswaaier as yn Dronryp, mar der wie mar ien keninginne yn Menaam, en dat wie Manon Scheepstra. Sil net sizze mar ien keningin Wilhelmina want dan komt prins Hendrik fuortendaliks út de grêfkelder fan de Oranjes yn Delft marsjearen, ek al is hy yn 1934 al stoarn.
 
Net sa as oer Wilhemina skreaun is: ‘krijgshaftig in een vormeloze jas’, mar ‘krijgshaftig in gratie, souplesse en allure’ en om it yn sifers te sizzen: yn de heale finale fjouwer boppe en twa bûten, yn de finale seis boppe en fiif bûten. Trije boppe yn it lêste earst, tink dat de keninginnekommisje doe dwaande wie it Frysk folksliet oan de praat te krijen foar de snein.

8

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers