Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
Tafal
As je mei de auto in dyk ynride mei in read boerd en in wite streep oerdwers, dan witte je dat je der net ynride meie. As je ien tsjin komme dy’t seit dat se by it keatsen hast alle ballen boppe slagge, dan witte je dat dy man of frou der noait mear komt of te min komt. Wat dat oanbelanget hat de pr fan de groep dy’t de nap út it keatsen wei ha woenen it goed dien. Past wol by dizze tiid, dingen ferdraaie sa’t it jesels útkomt. Tsien, of miskien wol tweintich jier tetterje dat se alles boppe slagge en iderien leaut it, behalve fansels de minsken dy’t der elke wike komme.
It docht in bytsje tinken oan it teaterstik Wolkom by it keatsen dy’t eins wat de gek hat mei de tiid fan no. Sintraal in presintatrise dy’t alles fuort gniist en nearne wat fan ôfwit, de spykkaartsjes yn ‘e hân. Op gjin inkele wize sjen lit dat sy wat fan it keatsen of de keatssport wit. Miskien is it keatsen wol fia Post.nl yn Fryslân bedarre, sa seit sy as Willem Westra fan Arum har freget hoe’t sy tinkt dat it keatsen yn dizze provinsje kaam is. Willem Westra is dus ien fan de oprjochters fan it keatsbûn.
De dialooch wurdt folge troch in filmke mei wat hoekige Bilkerts dy’t mei de wynbrauwen omheech sjogge nei dy arbeiders út Súd-Hollân fan it slyk en it nuvere spultsje mei de bal dat sy meinaam ha en dogge. Dus minsken wa’t Chris Wassenaar nochris as in soarte fan Johnny Depp sjen wol, moat nei de Koornbeurs op 2 of 3 juny. Om noch mar te swijen fan de filmrol fan Tunno Schurer, net echt in prater doe’t hy noch keatste dus bin benijd wat syn rol wêze sil.
De repetysjes wienen yn De Gekroonde Leeuw yn Arum en as je yn je libben dan dochs in kear dronken wurde wolle, doch it dan yn dat kafee. Dan wurde je dronken yn keamers fan minstens hûndert jier âld en as iderien dronken is kinne je ek noch sizze dat je dy medaljes en oare earetekens dy’t dêr hingje fan it keatsen sels wûn ha. En dan it liet fan Willem Beckers meisjonge: ‘Mei alles oan ‘e hang duorret it net mear sa lang’, ek dat is te hearren yn Wolkom by it keatsen.
Wit net of dit wol mei trouwens, it is in bytsje oansette ta drankgebrûk sa sille guon sizze. Mar ja in balkearder mei fansels alles dwaan want as balkearder hat hy ommers in bytsje ynfloed op it spul, sa no en dan in baltsje keare of heine, mear is it net.
Werom nei it keatsen mei de kermis op de eftergrûn yn kombinaasje mei de fuotbalklup dy’t al kampioen wie. Gelokkich hat de muzyk yn de tinte fêst in kear ‘En dat is wer boppe’ songen want op it fjild koenen je de boppeslaggen op de fingers fan ien hân telle. Is dat no de fertsjinste fan de opslach of moatte je sizze dat it keatsspul fan hjoed in ‘poging’ is om elke bal boppe te slaan en dat it tafal is wêr’t de keats komt te lizzen. Faak oan de ein fan in triktrak wêr’t de minsken sa gek op binne. Applaus fersekere, wylst in buorman op syn Bilts sei dat it wol like dat wy betiden nei tennis sieten te sjen.
In keats fan fjouwer meter en dan slagge je de bal rjochting boppe dy’t dan wer werom komt, ek dy bal giet wer op hichte nei de boppe en wa’t dat wint hat de bal foarby de keats of net foarby de keats slein, ôfhinklik fan oan hokker kant je steane. Allinne ballen mei in stuitsje lykas Dylan Drent dat faak die – hy rint op alles, prachtich om him te sjen en benammen te hearren - wolle noch wolris oer de grûn gean. Keatsen as in spul mei it tafal yn ‘e haadrol, it liket it libben sels wol.
Want it wie in moai tafal dat Jouke Bosje ôfrûne wike witte liet op Instagram dat hy wer ‘gezond’ ferklearre is. It libben as in ierdbeiplant, in hiel skoft de selde kleur grien en dan yniens allegearre wite blomkes dy’t de plant út tilt boppe it grien runom. Om dy blomkes moai te finen moatte je witte dat it net fansels is dat dy blomkes wer bloeie, hoe koart dan ek.
‘Gezondheid’ kinne je fiere sa as in altiten beskieden Walter Miedema dat docht, it blomke bloeit wer nei jierren fan ûnwissens.
De Osinga’s mei harren stabijke wurde oerpake en oerbeppe lykas sa folle oaren, mar tusken de wite blomkes kipet de leechte dy’t makket dat it blomke noch moaier bloeit.
As je keatsen en libben dan dochs op ien lijn stelle wolle, dan kinne je sizze: der kinne net genôch ballen boppe slein wurde, seker as je witte dat der ek in soad kwea gean kinne.