Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
Juster
It wie fansels it ‘hichtepunt’ fan dit keatsjier, live oanwêzich by de lotting foar de Keetpartij fan KV Sparta yn Burchwert. Mar leafst 76 partoer moasten in plakje krije op de list en dat gie rûchwei sa. Siebren Poelsma efter de kompjûter en sûnt de moaie kollum fan broer Bouke Poelsma yn PC Kafee in bekinde Fries yn Hartwert en Burchwert. Even fierderop noch in bestjoerslid en it gie oer it formearen fan de partoeren op dy Keetpartij.
As je 76 kear trije nammen op de list ha, dan ha je it oer 228 keatsers en wit dan mar ris wat alle nammen yn de krite en oan de opslach kinne. Ha de rekkenmasjine der even by helle want ik wol net dat Geert Hoekstra wer lâns komt om te sizzen dat ik it mis hie. Earst al de fout om hynstehier yn in keatsbal te stopjen wylst dat keallehier wêze moast. En krekt lyn liet ik Roelie Kroondijk yn de twadde omloop fjouwer kear bûtenslaan en net twa kear wylst Simona Kootstra dat ek noch twa kear die. Dus dan de rekkenmasjine der mar by.
Werom nei dy Keetpartij. Dus dat gie sa: Siebren: ‘Sil ik Anton mar by Piter sette, of wurdt it dan te sterk?’ It bestjoerslid tsjin de luifel oan: ‘Nee dat kin wol, mar set Jan der dan ek by, want dy kin net sa folle.’ En dat 76 partoeren lang, dus der siet nochal wat wurk yn.
Burchwert, in doarpke oan it wetter, snap net dat keatser Minne Hovenga der ea wer wei gien is om yn Marsum te wenjen. Neat ferkeards oer Marsum hear, mar Burchwert, wat in moai doarp, oer it brechje, hûzen oan beide kanten en dan rjocht tsjin dy moaie tsjerke oanride, in greidedoarp. No is Minne opgroeid yn Wommels en sil hy tocht ha yn Burchwert fan ‘No ha ik wol genôch greiden sjoen yn myn libben’.
De frijwilligers en de bestjoersleden fan KV Sparta, allegearre yn it blau, allegearre jeugd, foar de KNKB soe Burchwert tsjinje kinne as rolmodel, as foarbyld hoe’t keatsen in lyts doarp sterker meitsje kin. Grut yn it lyts, in ‘sêfte simmertwirre fan de jongerein’ om mar efkes de titel fan it boek oer Piet Jetze Faber te stellen. Under de luifel sjen nei de blauwe eagen fan Ilse Tuinenga, nei wer in sitbal op it perk Scheepstra-Zeinstra.
Tocht fan: it is mar goed dat wy yn in greidedoarp binne en net yn de bosken fan Bakkefean. Want dan hie Ilse net keatse mocht, it fjoer spatte út dy blauwe eagen en dat hie by in bosk fanwege brângefaar net goed kommen. Op de iisbaan neist it keatsfjild leinen de perken al te wachtsjen op de dei fan snein, de Keetpartij. Gelokkich wie it partoer Sijbrandij op tiid klear mei de taktise besprekking mei coach Peter Tolsma foar de striid om de tredde priis op dy iisbaan. Want it hie wat nuver opslaan west mei dat toppartoer yn konklaaf op de foarline.
Grut yn it lyts wie ek it omtinken fan it bestjoer fan de Freule foar it lêste optreden fan Durk Okkema mei de kofjekanne. Jierrenlang kaam hy middeis by de media lâns mei kofje. Alltiten mei it swit op de foarholle en elk jier wie it wer spannend om te sjen of hy der noch wol lâns koe, en net fêst sitten bliuwe soe. Dochs even in bûging foar dizze freonlike man want hy waard der as frijwilliger yn dy 27 jier dat hy dit die net ryk fan.
As je grut yn it lyts omdraaie dan krije je lyts yn it grut en dan komme je ek wer op de Freule terjochte. Kollega Bert Kalteren fan it Friesch Dagblad is in beskieden, aardige en hurd wurkjende kollega, gjin echte prater. Dochs hat hy even syn beklach dien by it bestjoer fan de Freule, en terjochte. Gjin plak mear efter de skriuwtafels fan de parse. Hy moast foar de bestjoerstinte sitte. Sels koe ik noch by tafal in stuoltsje op de hoeke krije, it moaiste plak sûnt jierren. Je kinne dan maklik even fuort sûnder minsken lestich te fallen. Boppedat as bonus dy aardige Pieter van Althuis fan Radio Eenhoorn as buorman. Even foar de minne geheugens, Pieter wie as opslagger de PC-finalist fan 2010. In gelok dus by in ûngelok.
It Friesch Dagblad, hast elke wike oardel pagina keatsen yn de krante, it NK Schooljongens, Bert wie der, it NK pupillen, Bert wie der, frouljus keatsen yn Harns of Froubuorren, Bert wie der, de ZachteBal PC, Bert wie der, de Ald-Meijers, it Friesch Dagblad wie der. En wêr wienen doe al dy oaren? It keatsen as krante omtinken jaan yn in tiid dat dit omtinken net altiten oerhâldt yn de kranten. En dan op de Freule fuorttreaun wurde foar de bestjoerstinte, mei in folle minder sicht. Oan de Freule de taak dat ‘lyts yn it grut’ om te draaien.
Want der wie genôch te sjen op dy Freule dat past yn de omskriuwing grut yn it lyts. Wat te tinken fan heit Johan Koster, dy’t op dizze dei wol tûzen kear yn de holle dea gien is fan de spanning. Coach en heit fan de held fan de dei, Steven Koster. Je moasten it witte dat hy coach wie want je seagen en hearden him net. It rekke my, dy sfinx op de boppe, mei hûnderten kilometers op de teller fan al dy kearen dat hy mar wer de soan nei it keatsfjild ried. Tink dat de triennen fan Steven Koster ek ornearre wienen foar syn heit, triennen fan tankberens dat syn heit dit mooglik makke hie, it paad nei it heldendom op de Freule.
Wie sels tankber om der by te wêzen, nea moaier Freule sjoen as dizze. Hjir rekket de bal it hert, om dichter Baukje Wijtsma even te sitearen. Net yn Frjentsjer dizze kear, mar yn Wommels. Grut yn it lyts en dêr hearre triennen by.