contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (77)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Rynk Bosma

Twa blommen

Dan binne je as Harnzers yn Makkum, dan ha je it oer dûbel dwers. En as je dan ek noch in Harnzer hûntsje meinimme, dan witte je dat dy op plakken wat docht wêr’t dat net bedoeld is. Midden op it keatsfjild fan Makkum, trije Harnzers oan it skrobjen om de ‘misdaad’ foar ivich ferdwine te litten. Der kaam sels in bidon mei wetter oan te pas. Fan soks wurde je fleurich, en ik wurd al sa fleurich fan dy keatsende Harnzer Dylan Drent. Mei grutte stappen oer it fjild, de pet yn de eagen en dy blauwe eagen striele de wille dy’t hy hat út. In man yn de ‘ballenbak’ fan it keatsen mei in balgefoel dy’t elk gelokkich meitsje soe.

Je sieten hast te wachtsjen op it momint dat Willem Heeringa de mof oan syn maat jout en dat dy dan seit: ‘Geweldich dien Willem!’ Fan sokke maten wurde je noch fleuriger. Der wie wol mear te gnizen, tusken twa sinnestekken troch. It antwurd fan de foarsitter fan Makkum wie hilarys doe’t hy sei: ‘Yn dy tinte oan de oare kante kinne jim (mar twa man) sitte, dan stjoere jim mar wat mannen fan Yn ‘e bocht fuort.’ Sei: ‘Beste man wy binne hjir yn Makkum, en Makkumers litte har net fuortstjoere.’

Op de weromreis mei Harm Akkerman en pake Laas van Straten oer Boalsert. Ien kear ôfsetten, sei pake Laas ‘Wat hat dy man in ein auto’. En dan te betinken dat hy mar fiif prosint fan dy auto sjen koe. Mar earst wol freegje wat de kosten binne. Ha mar sein, ‘it kostet it selde as de hinnereis’. It binne myn minsken, it binne de minsken dy’t je fleurich meitsje en moed jouwe om de dei fan moarn ek rjocht yn de eagen te sjen, ek al is it keatsen dan betiden wat minder.

Yn Sint Anne seinen de minsken dat Pieter van der Schoot oer in lúsjefersdoaske stroffele wie en sa blesseard rekke. No moat ik sizze, Pieter kin by my gjin kwea dwaan. In spits by AVC dy’t mei in 4-0 stand der yn slagget tsjin in reade kaart oan te rinnen. Prachtich, en dan moast de holle der by sjen. Hoopje dat hy tusken de lúsjefersdoaskes troch slalomt en wer mear keatsen giet.

Hast iderien ropt dat dy Italianen de terjocht kampioenen wienen wat fansels net wier is. Ja kampioen yn it rekkenjen, en op de Rengers kaam soks moai út, keatsen op syn Italiaans en dan ek noch mei de krânse nei hûs en elkenien hat der in miening oer fansels. Yn Sint Anne joegen de toppartoeren gjin krimp, wylst der yn Ljouwert in revolúsje útbruts. Alle favoriten donderden fan de list ôf, wylst Marten Bergsma as in Italiaan mei de krânse nei hûs gie. Yn dit gefal terjochte, dus allinne kwa rekkenjen in Italiaan.

Dy fleur ha je betiden wol nedich as je nei it keatsen geane. Seker as de jierren op de teller net ûnderdogge foar it tal lege bierfleskes op in tafel ûnder in Makkumer partytinte. De sêfte simmertwirre waaide oer de keatsfjilden as wie it paradys op ierde delstrútsen. It tilt de tinzen oer juster op en lit dy fuortwaaie, mar der binne dingen dy’t hingjen bliuwe. Johannes Westra en ek Johan van Seijst sille mei pine tinke oan de Rengers fan fyftich jier lyn. De hekken bleaunen doe ticht want it grutste keatstalint fan doe, Hidde Sijpersma, wie yn de nacht foar de Rengers ferûngelokke mei de brommer.

Westra en Van Seijst wienen syn maten yn de frije formaasje en sy sille fêst in momint tocht ha fan ‘Goh, yn 2022 hie Hidde (1952-1971) 70 jier wurden. In libben foarby ear’t it echt op gong wie. As in ploege yn in ikker wienen de spoaren rom tritich jier letter noch te sjen yn de wente fan Siebe en Aaltsje Sijpersma yn Makkum. It hûs kreake noch altiten fan it fertriet, links, rjochts, oeral stienen de oantinkens oan Hidde. Fertriet ken it ferskil net tusken fyftich jier lyn, seis jier lyn en juster.

Yn Sint Anne kaam der in man lâns om wat tsjin my te sizzen. In man op leeftiid, dy’t by it fuortgean frege ‘Wolle jo ek witte wa’t ik bin?’ Graach fansels, it wie Anne Tienstra dy’t grutsk fertelde dat soan Pieter en dochter Jokelyn (1970-2015) de iennigen binne dy’t as broer en sus beide de PC wûn hat. Jokelyn waard in jier earder, yn 1970, geboren as doe’t Hidde Sijpersma ferstoar. Yn Sint Anne is no de Jokelyn Tienstra wisselprijs. Hie op wei nei hûs sa stomme graach Jokelyn en Hidde wer it libben yn skriuwe wollen, ek al wie it allinne mar om even dat fertriet út de holle fan Anne Tienstra te krijen.

As betinken ‘omtinken jaan oan’ is, dan is dit it plak om yn de holle in blom, de reade roas fan emoasje, te lizzen by it hek fan LKC, in blom te lizzen op it favorite plakje fan Jokelyn, mei it Waad as ivige eftergrûn. Even de holle yn stilte bûge en tankber wêze foar de Dylan Drents fan dizze wereld. Soks jout de mins wer moed en fleur.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers