Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
It kaam der as tafallich út snein yn Frjentsjer. ‘Tinkst even om de goede line?’ want der lei in kalkline en in keatsline. Finger fan Johannes Brandsma gie even omheech om oan te jaan dat hy it heard hie. By de minsken der omhinne foel de mûle iepen, ‘hoe kin ien no soks sizze tsjin ien as Johannes’ stie yn de eagen fan de measten te lêzen. De man wie al út it sicht doe’t it kwartsje foel. Humor, mar dan even yn in oare folchoarder. Humor mei as reade tried in opmerking meitsje dy’t de wierheid op syn kop set. En dan de measte wille ha as ien der yn trapet. Johan van der Meulen koe it as gjin oar en steefêst mei in ‘pokerface’.
Sneon yn Sint Anne wie hy even ‘Hiemstra’s hoop in bange dagen’ doe’t hy as ynfaller it probleem Menno van Zwieten oploste. Yn de twadde omloop mocht hy it as twadde opslagger besykje en dat wie him wol goed. Hy brocht de ballen noch sonder muoite nei de kwealine achter it perk. Mar Johan hie doe syn lol al hân doe’t hy foar de earste omloop tsjin ien sei dat hy hast net mear yn koe. En dy tettere dat as wierheid troch, sadat alle bûsen yn de sportbroek fan Johan der útgienen.
Foar de twadde omloop soe hy it wer besykje want der wie noch in kontbûse oer. Syn partoer moast tsjin it trio Gert-Anne van der Bos en foardat hy it fjild oprûn sei Johan ‘It komt wol goed, ik ha noch nea fan Taeke ferlern’. De wierheid op syn kop sette en de oar leauwe litte dat it sa is. Ek al sil it ek no wol even duorre ha foardat elk dat begreep. Wat elk ek net begreep wie dat der yn Sint Anne noch in oare pilot wie. De pilot mei de mobile kweapeal. Allinnich yn te setten as it op it fjild wat saai wurdt en as de minsken yn sliep falle tidens it keatsen.
Dy mobile kweapeal krijt aansens in twatoanige sirene sa is it doel. Foar it ynsprekken of better sein it ynrazen fan dy twa toanen wurde Bauke Triemstra en Dylan Drent frege. Dy twa gelûden passe by elkoar lykas in sopraan en in tenor yn in opera yn it Scala fan Milaan. It makket it keatsen wat spannender en hellet de stress by de skiedsrjochter wei. It wie sa ôfpraat sûnder dat de keatsers der fan wisten. Want oars soe it lawaai net natuerlik genôch wêze. Johannes van der Ploeg besocht in dei letter al op de foto te sjen wêr’t de gelûdsapparatuer siet.
En sneins dus it twadde diel fan de pilot. Gjin Menno van Zwieten, de mannen yn it oranje hienen in telefoantsje hân dat se helpe moasten te blussen by de brân yn Californië. Dus sa fluch mooglik der ôf en dan hurd dy kant út. De shirts koenen oanbliuwe want dat paste wol wat by de moaie loften dêr. En dan is Tjisse ynienen spultsjebrekker, hy woe net mei en stie noch twa kear op it fjild. Nuver spul fansels, hy hie al tasein yn te fallen foar Peter van Zuiden doe’t de blauhimden him ek noch fregen foar de finale.
En Tjisse is in man fan syn wurd dus dy finale wie syn tredde partij fan de dei. En ek noch syn bêste fan it jier. Neidiel is dat hy net mei mocht nei Californië. No giet it gerucht dat Tjisse dizze wike foar straf dochs noch op it fleantúch setten is en dus de lêste treningen by Puur Passie misse moat. En foar straf moat hy blusse yn in blauw shirt want se wolle him yn dy leech hingjende reek wol wer heel werom ha op de Aldehou. Want sis no sels, wat is it keatsen sûnder ús Tjisse?