contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (71)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

In dei as wat lyn wie de geur der yniens. Je koenen it rûke, mar net omskriuwe wat je rûkte. De hjerst kloppe op de doar, yn de loft hinget de geur fan ferfal, fan blêden dy’t witte dat har tiid foarby is. Foar in keatsleafhawwer in nuvere erfaring. As de hjerst op it toaniel ferskynt dan witte je dat de reizen nei Kimswert, Penjum en Marsum geane. En dan in wike letter de Aldehou. It lêste feestje foar de lange winter. Je ha eins je nocht fan it keatsen, de grutte bal stuitert hieltiten faker hinderlik troch it byld. Mar ek it gefoel fan wer in simmer foarby.
 
Mei de kalinder yn de hân tinke je it koe wol 1979 wêze, alles is oars en dat wie doe ek sa. De snie hie yn it noarden alles op slot setten, it ferkear lei stil en foar de Omrop wie it ien grut aventoer. De dagen belibje as oars, omdat de snie alles oars makke. Dat is no ek sa, oer in pear wike de Freule, en as lêste de Frouljus PC yn Weidum. Op in snein, en de Freule op in sneon. It liket wol oarlochstiid.
 
Johannes van der Meij sei oait ‘Je kinne better in gelokkige keatser wêze as in goeien’  en dêr moast ik oan tinke by dy bal op seis gelyk fan opslagger Menno van Zwieten. It stie 1-3 foar de oaren en it momint wie: wurdt it noch partij of rinne de oaren, Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra, op harren gemak troch nei de oare omloop. Eins joech Menno in geweldige bal, krekt oer de line en Drent koe him net. De bal hie in stuit hast op skouderhichte en Hendrik wist it doe wol mei syn nap, boppe. Drent makke in  prachtige Harlinger grap doe’t hy sei op syn Harnzers: ‘Hoe kanst oek op su’n stand su’n bal geve’.
 
De grap fan de gelokkige keatser dus. It gelok fan de goede stuit en dat is gjin tafal. As je goed binne sa as Dylan en Hendrik dan twinge je it gelok ôf. Want je moatte earst goed wêze en dan komt it gelok fansels. Dus om it krekt even oars as Johannes van der Meij te sizzen: ‘Je moatte earst in goede keatser wêze ear’t je in gelokkige keatser binne’. De Dútsers makken yn it foetbal in skoft lang in goal yn de lêste minút om’t se goed wienen. Doe’t se minder waarden krigen se him tsjin.
 
En Dylan en Hendrik binne goed. It is in aardigheid om nei de tsjinstelling fan beide mannen te sjen. Dylan moat foar twa prate en ek entoesjast wêze foar twa, hinget foar de minsken de slingers op. Want Hendrik soe sa mei Erwin Zijlstra in wedstriid dwaan kinne yn ‘nuchterheid’. As der in bom falle soe dan soenen dy beide mannen miskien sizze fan ‘Falt der wat?’ Hendrik is al jierren lang de dreamde ôfdielingskeatser. De man fan ien bûten en ien sitbal oer de hiele dei en dy’t de hiele dei dreech troch wrot om dan ynienen mei de krânse om de nekke foar de tinte te stean.
 
Wat dat oanbelanget is it mei Dylan in hiel oar ferhaal. In keatser mei in geweldich, hast natuerlik balgefoel. Razend snel op de earste meters, de man fan de slingers, fan it roppen en razen, fan it teater. En altiten like blier. Gefoel foar show en miskien wol hy wol wat te graach alles boppe slaan. En dat is mei in kanon as Marten Bergsma net nedich.
 
De fraach is fansels soenen dizze mannen yn in oar keatsjier fan maaie oant septimber domineard ha of binne it mannen fan de koarte simmer en de koarte hjerst. Eins net belangryk want mei seis krânsen hat in partoer gewoan in goed keatsjier. Dy tolve as trettjin fan de lêste jierren fan ien partoer binne de útsûnderingen. Tink ek net dat dit de kommende jierren wer barre sil. Want de hjerst kloppet ek yn oare betsjuttingen op de doar. En dat ferskil is der eins ek net mear, de goede keatser is ek de gelokkige keatser en de gelokkige keatser is de goede keatser.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers