contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (70)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Rynk Bosma

Twa krânsen

Wie it de keatswiisheid fan Johannes Brandsma doe’t hy yn Wjelsryp even delkaam by it partoer fan Tineke Dijkstra en Louise Krol dat de beide dames de sneons in earste priis wûnen yn Berltsum? Je soene it hast leauwe en Johannes sil sels de earste wêze om it tinken, it lizzen fan it ferbân, al gnizend in triuwke de goeie kant op te jaan. Wa’t mei de dames sels praat wit dat wat goede rie allinne der net foar soargje kin dat de krânse sa mar om de nekken leit. Dan moat alles op sa’n dei klopje, op ‘e seis, de stuitsjes yn it tuskenspul, neam it mar op.
 
Johannes komt elke wike by it keatsen en neffens Afke Hijlkema liket hy in bytsje op Cato de Oudere, in Romeins senator dy’t jierren lang elke fergadering einige mei ‘En voorts ben ik van mening dat Carthago vernietigd moet worden’ en dat gie oer de grutte fijân fan Rome, Carthago. Mei in bytsje fantasy kinne je der ek oare nammen út de keatswrâld by betinke. Afke Hijlkema sei it krekt wat oars en ek noch moaier: ‘Moatst ris in koarte broek oandwaan Johannes, dan wurdt it yn ‘e holle miskien elk wat luchtiger’.
 
Fansels gnize en sizze ‘Se lústerje net want ik rop it al fiif jier’. En stikem soe hy ek oan Cato de Oudere tinke kinne dy’t op in oar plak ek sei ‘Vermijd woordenwisselingen met kletskousen: elk kreeg een tong, maar weinigen verstand’. No is de statuer fan Afke hast krekt like grut as dy fan Johannes, dus sil Johannes fêst oan oare minsken tocht ha by dy wize útspraak.
 
In koarte broek oandwaan om it yn de holle wat luchtiger te krijen, wie it mar sa maklik. In simmers himd derby en je tinke op in prachtich plak as Wjelsryp dat de tiid even stil stiet. De sinne yn de rêch, in picknicktafel as perstinte, wa docht je wat. Links de grutte en wat driigjende tsjerke dy’t wiist op it tydlike fan de ivichheid. Op de kantine in grutte foto fan Sandra Hofstra yn bettere tiden, noch mar twa wike lyn.
 
 

118426362_3636027633096060_8392430701836483237_n

En jûns de foto’s fan Anne Waterlander, Lieuwe Bosch of Henk Bootsma besjen fan de plakken wêr’t je net wienen. Sjen nei de minsken oan de kant. De fêste byld houde gesichten efter de reklameboerden. Mei de fanselssprekkendheid fan dy reklameboerden, as soenen se der altiten sitte. It sykjen nei dy grutte hoed op de boppe, in tean of in hiele foet dy’t boppe de reklameboerden útstekke. It is sykjen om ‘e nocht want dat bekinde byld is der net dit jier. Gjin Durk Gjaltema, gjin reek fan in swier sjekje, net it grutste wurd fiere, ek al wie it allinne mar om de minsken net te folle yn eigen hert sjen te litten.
 
De tiid fan no, it libben fan no stiet it Durk net ta om by it keatsen te sitten. Asbest, ‘De iene hat nearne lêst fan, en ik sukkelje der al in pear jier mei om’, sa sei hy ferline jier noch.  In man mei twa kanten, in sachte man dy’t wit dat je it yn it libben net kado krije dy’t ynkapsele wurdt troch de man mei in soad wurden. De haadklasser dy’t dit wykein in krânse oan syn doar hong wist wol better. Ik wit ek wol better, dêrom twa krânsen, de iene foar de man mei in soad wurden op it keatsfjild, nei dy oare krânse moat je sykje om him goed te sjen. Sa’t dat opgiet foar alles wat weardefol is, je moatte der wat muoite foar dwaan.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers