Tekst: Rynk Bosma
Foto: Bewerkte foto Foar dy nei dy
Keunst
Keatsen is betiden krekt taal, it liket maklik mar doch it mar ris. Mei in draaiende beweging de bal op knibbelhichte boppe slaan lykas Marrit Zeinstra. Mei de taal is it net oars. Trije mannen dy’t de sechstich al even foarby binne jouwe har op foar in ledenpartij yn de B-klasse. In kneukelhouwer dy’t al jierren net mear tsjin in bal slacht appt: ‘Jim ha fergetten my te freegjen’, wêrop: ‘Dan hienen wy yn de A-klas moatten’. Mei as antwurd ‘Dy hie’k sels betinke kinnen’ en dan: ‘Dat seit it gewoane folk ek altiten oer keunst, dat hie ik ek wol kinnen’. Wa’t dit net snapt en dus gjin humor hat kin no wol ophâlde fan lêzen want dan binne je gewoan in balkearder dy’t yn it tuskenspul elke wike oeral oer hinne dûkt.
Moat tinke oan Mantgum wêr’t de taskôgers op bibelse siswize ‘Neem uw bed op en wandel’ fariearden mei in tinte. De minsken namen de tinte op en giene oan de kuier, fan it twadde fjild nei it earste fjild. De sinne as fijân bûten de doar hâlde. Moast tinke oan it motto yn Mantgum: as wy betiid begjinne binne wy betiid út. Moast tinke oan Popke van der Zee dy’t eins ek te betiid út wie, hy hie miskien noch wol efkes wat sinne brûke kind om noch in baas snoek út it wetter te heljen of in einekoer te meitsjen.
Popke wie yn 2003 ien fan de betinkers en oprjochters fan de Jong Famme Partij yn Mantgum en krekt op dy koroanadatum ferstoar hy op de dei fan ‘syn’ partij. Net dat Popke fierder in keatser wie of in soad by it keatsen kaam, hy wie mear fan de jacht, fan de natoer en earder noch huppelde hy mei kroljend hier yn it wyt blauwe shirt fan vv Rijperkerk op it fuotbalfjild om. Doe’t hy mei Wieke de Haan troude waard hy de skoansoan fan Pieter de Haan dy’t mei Hiele de ‘Haantsjes fan Holwert’ foarme en dy’t it ein fan de oarloch yn 1945 op de moaist tinkbere wize fierden: de PC winne.
En fansels wie Popke fan it iepenloftteater yn Jorwert, ien fan de reedriders yn de foarstelling De Tocht van Morgen op it iis fan Ljouwert. Doe’t ik him moete foar in ferhaal hong der in krânse fan ‘Abendrot’ om him hinne, sa’t de Dútsers dat sa moai sizze. Fertriet om it ferlies fan in bern, fertriet om dat wat hy net foarkomme koe, fertriet om dat wat oant de lêste dei meireizge is.
It kaam Doete Stenekers as sjongster en aktrise fan Jorwert sneon rau op it dak doe’t sy hearde dat Popke ferstoarn wie. Jierrenlang mei him wurke, himelsblauwe jurk, himelsblauwe eagen dy’t even liken op de Rijn dy’t bûten de eigen streamen gie. De skrik fan de jonge leeftiid as sy hearre dat de sinne earne is ûndergien. Hoopje dat har klanken fan it Frysk folksliet it ivige wetter fan it Lauwersmar berikt hat en ferstjerre yn in ûnbidich blauwe loft. Bin der wis fan dat dy minút stilte dat seker dien hat.
En no net seure dat Popke net folle by it keatsen kaam, want as je it idee fan in Jong Famme Partij mei betocht ha, dan ha je rjocht om even yn it sintsje te stean ek al is dy ûndergien. Al santjin jier ha de fammen dit prachtige poadium en no net sizze fan ‘Ik hie it sels ek betinke kinnen’ want dat is net sa. It is krekt lykas keunst, it is muoilik om it sa maklik lykje te litten.
Ik hoopje dat de sinne as in reade lampion yn it wetter sakke is, tusken snoeken dy’t dûnsjend om him hinne swimme want harren grutte fijân is net mear. Einen dy’t gûle want wa sil no harren koeren meitsje.