contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (59)

Tekst & Foto: Rynk Bosma
 

Blommenkrânse

Der binne kollega’s dy’t gek binne op primeurs, as earste it nijs ha. Soks duorret dan faak net langer as in kertier en dan ha alle oare media it al braaf oernaam en gjinien wit mear wa’t it as earste brocht. Dochs is it op dit plak in bytsje in primeur, want it nij formaasjepartoer fan Imke van der Leest is ek bekend. Sterker noch, de twa nije maten steane op de foto mei de âlde maten. Om de nije maten al fêst wenne te litten oan de takomst en dat it yn it libben faak allinne om it winnen giet, ha se al even in medailje om de nekke krigen. Wol in twadde priis, mar je moatte beskieden begjinne, oars is der ommers gjin heger doel mear.
 
En Imke it oare jier achteryn en foarbêst op en beide maten dogge wat de baas seit. Net op it grien fan it keatsfjild, mar yn de griene greiden rûn de wenbuorkerij yn Easterein. En nei de PC gjin spanningen oer stellerij want dizze maten binne ivich trou en sjogge net nei oare maten út. ‘It is goed sa’, sa sei Imke op har lêste formaasjepartij yn Damwâld. En dat is al hiel wat want de finale gie ferlern. Gjin triennen sa as op de PC. Triennen om’t sy op har lêste PC net sjen litte koe mei har partoer hoe goed se keatse kinne. Triennen ek foar Marrit en Nynke dy’t wer net dy PC winne koenen. Mar no is it foarby, gjin folle aginda mear, gjin geëamel mear oer allehande bysaken, nee allinne te kuierjen mei de beide maten dy’t elke dei wer bliid binne dat sy de baas sjogge. Gjin senuwlijers, dêr steane dy brede koppen wol garant foar.
 
It wie in koarte foarstelling yn Damwâld, de taartsjes stiene al op tafel ear’t je goed en wol teplak sieten. Mei de smaak fan taartsjes noch yn ‘e mûle kamen de gehaktballen foarby fan in heale ko. Sjoch, it giet der net om dat je soks krije, miskien wol wat te folle yn in koart skoftsje tiid. Folle wichtiger is it gasthearskip fan Nut & Nocht, it each foar details, dy’t krekt as by it keatsen de dei slachje litte. 
 
De details fan alle karmasters dy’t yn giele shirts op de line sieten sadat je wisten wa’t yn de organisaasje sieten, lykas dat yn Arum, Easterein en Moarre ek it gefal is. De dúdlikheid yn gedrach, op de middenline stean gean fan de stoel en foar elts sichtber de hân nei bûten: in kweabal. Mei fansels de bêste keatsskiedsrjochter fan Fryslân Hendrik Sweering oan it roer. En, net te ferjitten, de bêste ballensiker fan Fryslân efter de boppe, Erwin Brouwer dy’t even in tipke fan it gerdyn opskode oer syn wurk doe’t hy sei ‘Ik hoef bij de dames minder ver achter de boven te staan.’
 
Je krije betiden yn de keatswrâld it gefoel fan de wet ‘De remmende werking van de voorsprong’. De stêd Londen hie ein njoggentjinde iuw as earste gasferljochting yn de strjitten. Doe’t de elektisiteit it oernaam fan it gas, hobbele Londen efteroan. Ferfang ferlochting troch gasthearskip en it plaatsje is rûn.
 
Dochs wie der ien detail fergetten op ‘e iisbaan yn Ikkerwâld. In ekstra bosk blommen foar Imke, dy’t ôfskie naam fan it formaasjekeatsen en fansels sil dat op de Aldehou noch wol komme. Bin opgroeid yn Damwâld en dêr wisten se fansels al dat de iene helte fan de blommenkrânse fan wurden foar Imke in pear wiken lyn al op dit plak makke wie. Hjoed wurdt mei in djippe bûging de twadde helte fan dy blommenkrânse fan wurden makke. En dat foar in keatsster dy’t by it keatsen paste lykas de wjerlocht by de tongerbui, winner fan de PC yn 2007, 2012 en 2017. Nea keninginne, mar hjoed foar ien dei de keninginne dy’t aansens mei de beide nije maten de stiltes fan de greiden opsykje sil, gjin kwea of boppe mear mar allinne it lûd fan de greidefûgels as der wer in nije maaitiid oanbrekt. Miskien kin dizze blommenkrânse fan wurden har helpe in nij en oar libbenspaad te finen. Mist sil se wurde by it keatsen want wat is in tongerbui sûnder wjerljocht?
 
 
 

Balk59A

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers