contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (56)

Tekst & Foto: Rynk Bosma
 

Queenmaker

It sil hjir net gean oer it jier 2069 as it bestjoer de finalisten útnoegje fan in heale iuw earder en yn alle wanhoop op syk geane nei it adres fan Thomas Reitsma. De bylden fan ‘e Freule binne fêstlein, ek al seinen guon dat de tekst fan de mannen dy’t kommintaar joegen by de bylden krekt wat oan de betide kant wienen. Dus as de opslagger de bal opsloech seinen dy mannen al dat de bal boppe slein waard….deadlik foar de spanning fansels en in moai punt foar de aginda fan it oare jier.
 
Wie yn Harns wêr’t echte Harnzer froulju mei de Amstelfleskes yn it midden troch de middei dûnsen. In eintsje fierderop wie in praathoeke fan in stik as wat mannen en de ‘foute’ opmerkingen hienen de oerhân. Eins kaam gjin inkele grap troch de pleatslike kommisje fan #MeToo. Op it fjild wienen de froulju oan it keatsen en it is altiten de muoite wurdich om dat te sjen. Benammen de finale wie in hiele aardichheid.
 
Yn Harns wie gjin priis foar in keningin en je soenen sizze fan moai sa litte, dan krije ek gjin ferkearde keuzes. Mar it entoesjasme wie sa grut dat der dochs in ‘virtuele’ keningin beneamd waard. En ja hear, wol de ferkearde fansels want allinne Nynke Sijbrandij koe mar yn dat midden stean. Hindert neat, de bedoelingen wiene goed.
 
Ha sels it mier oan it te pas en te ûnpas brûken fan Ingelse wurden, mar dizze kear wie der net in oar wurd: ‘queenmaker’, dat wurd skeat troch de holle by it sjen fan Imke van der Leest. It is in fariant op it gongbere wurd ‘kingmaker’ en dan wurdt ien bedoeld dy’t troch taktise setten op de eftergrûn der foar soarget dat de juste persoan kening wurdt.
 
In pear jier lyn wie dat net oars doe’t Van der Leest op taktys mêd har jonge maten Louise Krol en Sjanet Wijnia foarsichtich nei de earste priis stjoerde op de Frouljus PC yn Weidum. It ‘naspel’ wie wat minder en reden foar Van der Leest om der mei op te hâlden. Te betiid soe dat wêze, krekt as pake Marten van der Leest yn de fyftiger jierren. Acht jier soe Marten van der Leest keatse en in skoftsje lyn hoechde Einte Prins de eagen net iens ticht te dwaan om te sjen hoe’t Marten yn 1952 op ‘e knibbels foel fan it Sjûkelân doe’t hy mei alles oan ‘e hang de krite miste. 
 
In jier letter wie der gjin wetter genôch om it fjoer te blussen fan Marten van der Leest. Hy seach dat Rinny Kuiper de foarbêst oernaam fan Hotze Schuil, mar wol by de foarminst wei opsloech. En dat mocht doe net, gjinien hie it sjoen dus…. Marten van der Leest wie grienteman en in grut leafhawwer. Der moasten sinten op ta as hy keatse woe. Moarns earst te spinaazje snijen en dan op nei Holwert. Syn broers soargen der foar dat de fertsjinsten fan de grientesaak trochgienen, en dat stie yn gjin ferhâlding ta de lytse jildprizen fan doe. Sa fertelde soan Durk letter.
 
Gelokkich is Imke wer oan it keatsen en it soe samar wêze kinne dat sy aansens yn Weidum op ‘e nij de ‘queenmaker’ is. Sy stiet allinne op ‘e boppe as Marrit opslaan moat want Marrit is krekt wat flugger en stiet dus mei Sijbrandij oan de opslach op ‘e boppe. Yn de finale stie it partoer mei 5-2 foar tsjin Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra. It partoer fan de ‘onbegrensde mogelijkheden’ op taktys gebied. 
 
Op 5-2 driigde it kanon Tuinenga it perk Van der Leest-Zeinstra om te slaan, de ballen rûnen foar Van der Leest krekt wat te hurd. Dus, ek al steane je mei 5-2 foar, it kin altiten it brekpunt wêze. Van der Leest achteryn want dan kinne je twa stappen dwaan en tsjin de bal oanrinne. Twa kear boppe fan Van der Leest en de angel wie foar even út de opslach fan Tuinenga. 
 
Sjoch mei sokke lytse omsettingen dan binne je de queenmakeryn ‘e dop. En dan ha je ek noch it gelok dat de tsjinstanner net wat oars besocht, bygelyks even Tuinenga fan de opslach helje. Even Wijnia wat mear kleur op de wangen jaan want de dame sit stiif tusken twa keatsreuzen yn en dan is wat lucht tige wolkom.
 
Wa’t de ‘vitaliteit’ fan in Zeinstra en in Sijbrandij sjocht op it fjild, en wa’t nei it ûnfoarstelber grutte talint sjocht fan in Manon Scheepstra, Ilse Tuinenga of Sjanet Wijnia, kin allinne mar knikke by it ynisjatyf fan Nut en Nocht fan Damwâld. Dy feriening sil it prizenjild op 1 septimber foar ien kear ferheegje nei dat fan de hearen. En sjoch nei de foto, mear Van der Leest kinne je net krije.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers