contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (53)

Tekst: Rynk Bosma

Wees zacht


Wylst de mannen fan de haadklasse elkoar yn it fjild nei it libben stienen yn Makkum en op de hûndertjierrige Rengers, seach ik yn de Groate Kerk nei dy man oan de tafel mei keatsplaatsjes. Twa lytse skilderijkes fan Minze de Vries leinen der ek tafallich by. As wie hy tsien jier, sa gekonsentreard socht hy de plaatsjes fan de keatsende jongerein fan no by elkoar. Seach ek wat Marty Slager allegearre by elkoar skarrele hie en wat hy allegearre wist.
 
It moaiste byld wienen de seis of sân boeken op de tsjerkebank, allegearre prachtige boeken mei moaie plaatsjes mar it wie sa’t Marty it sei, hy koe der net in letter fan lêze. It like hast op it leauwen yn de midsiuwen doe’t Gods hoeders de minsken yn it latyn oansprutsen, gjinien ferstie it mar leauwe dienen se allegearre. It is mar hoe’t je as mins tsjin de wrâld oansjogge en dat jildt ek foar it keatsen.
 
Krige in listje fan Minnertsgea en Rengers wêryn in partij op oare wize byhâlden waard. Oars nei it keatsen sjen mei de taktyk as de god yn de nevelen fan in hjerstige dei. De twa partijen tusken Bauke Triemstra en Gert-Anne van der Bos. De mistyk fan it systeem is net by te hâlden foar de gewoane mins. Je turve it tal aksjes fan de seis keatsers en sette dêr dan in plus of min by. En dan wurdt it yngewikkeld, op 0-0 slacht Dylan Drent boppe op in bal fan Tjisse Steenstra. Moai net, dy punten ha je mar wer, mar nee it is in min. Want Drent hie in keats slaan moatten want dan wie Tjisse fan de bal.
 
Litte wy it ienfâldich hâlde en tel it tal aksjes op fan de trije keatsers fan beide partoeren. Dan makket it dus even neat út of der punten makke wurde of punten wei jûn wurde. Dat byld is ‘onthutsend’ by it partoer fan Van der Bos. Wy lizze Minnertsgea en de Rengers by elkoar. De partij yn Minnertsgea earst tusken Van der Bos en Bauke Triemstra. Van der Bos 16 kear in aksje, Taeke 7 kear in aksje en Tjisse 30 kear in aksje. By Bauke wie it: Bauke 13 kear, Dylan 14 kear en Hendrik Kootstra 24 kear.
 
Makkum slagge wy oer en dan de Rengers, selde keatsers: Van der Bos 17, Taeke 18 en Tjisse 39 kear. Bauke 22, Dylan 17 en Kootstra 31 kear. Allegearre sifers, mar wat opfalt is it grutte oandiel fan Tjisse en dat jout te tinken en dan makket it neat út hokker bril je opsette.
 
Mei de PC foar de doar docht dat alles tinken oan de titel fan in boek yn de samling fan Marty Slager yn de Groate Kerk. It boek hat de titel Friesland wees zacht voor mij. Tink wer oan dy âlde man mei de keatsplaatsjes as wie hy tsien jier âld en tink sels as wie ik ek tsien jier stikem oan Tjisse: PC wees zacht voor mij.

Balkearder53fotoRynk[19129]

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers