contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (47)

Tekst en foto: Rynk Bosma
 

Handoeken

It wie sneon de partij fan de handoeken, op ‘e boppe stie coach Any van Straten mei de giele handoek yn oanslach. Dy hie hy ûnder de paraplu ûnder de jas ferside want dat wie it iennige dat net wiet wurde mocht. En elke kear as de mannen yn it oranje oan de opslach stienen dan gie de mof nei de coach, dy’t him efkes droech makke. Ek de bal waard efkes troch de handoek helle.
 
Moast tinke oan de amer mei wetter fan froeger, de ballen hienen in hiele nacht yn dy amer lein om mar sea swier mooglik te wurden. Fansels is it oar materiaal no en de betsjutting fan dy hanneling wie like tsjuster as it grize gerdyn fan de rein. Oan de oare kant fan it fjild hie Harm Akkerman as man op ‘e line de handoek ûnder behear. Yn de kleuren fan de Fryske flage en dy handoek hie as doel dat de modder wat fan de fuotten fage waard, net dat dit wat joech mar dochs. Fûn it oan beide kanten in moai gebaar, it like wol op soarch foar de jonges yn it fjild. As wie it boadskip, bal, fuotten en want kinne wy droech meitsje, mar fierder moatte jimme it sels dwaan.
 
‘Alle ballen hienen doe op Tjisse Wallendal moatten, heech efteryn’, sa mimere Any van Straten achterôf oer de PC fan 1981 doe’t hy twadde wurden wie. Tinzen boud op spyt, op it Ingelse prinsipe fan what if dat yn de sport net bestiet. Dy mominten sille by de winners fan de finale fêst fuortspield wêze want dy wûnderlike winst moast fier weikomme. Tink earder dat der yn Berltsum faker tocht wurdt oan it prinsipe ‘als’. Want dy jonges hienen eins de partij yn hannen, en earlik sein hienen dy mannen it kwa opslach ek winne moatten.
 
Corné Tuinenga en Patrick van Dellen hienen gewoanwei in snellere en deadliker opslach. Betink dat Laas Pieter van Straten nei alle betinken nea wer in bledsje fan dat klaverke fjouwer mei de opslach fertsjinje sil sa’t hy sneon al die. Hy is gjin perkenbrekker, mar koe yn dizze kategory noch rojaal meikomme mei syn opslach. Ek al om’t de slachwonders op de fingers fan ien hân te tellen binne. Nim dy lêste dwarrelbal fan Van Dellen, it skilde neat of de bal hie op de foarstrjitte lein, dat wie Van Dellen wol tabetroud. It is it ferhaal fan dy heale meter, of it ferhaal fan dy fiif sentimeter fan Jacob Klaas Haitsma op de PC fan in pear jier lyn, ek mei alle hout oan ‘e telegraaf.
 
Der sil fêst emoasje west ha foar Van Dellen, sa ticht by, de triennen sille net opfallen wêze tusken al dy reindrippen. Der wienen gjin handoeken dy’t de eagen droegje koenen, want dy wienen al dweiltroch wiet fan it oare wurk. Miskien in inkel skouder, mar dat wie it dan wol.
 

Balkearder 47A

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers