Tekst en foto: Rynk Bosma
It kleed
‘Verstaat gij wat gij leest’, is in prachtich sitaat út de bibel en yn Dronryp skeat it troch de holle. Fan in pear kanten waard der sein dat de toan oer Bauke Triemstra wat oan de negative kant wie, betiden kwetsend sa waard der sein. Fernuvere ha’k de stikken yn it Friesch Dagblad der op neisjoen. Ien neamde benammen it ferhaal oer Sint Anne, doe’t Bauke neffens dy selde persoan goed opslein hie. Ha ferhaal oer Sint Anne yn it FD der op neisjoen en de namme Bauke Triemstra waard net iens neamd!
Wat die bliken, it gie om ien sintsje yn in Balkearder en dat soe sein wêze troch Dylan Drent as grap fansels, en mei de bekinde ‘lach’ fan Drent. Mear wie it net, mar it jûke al. Fansels is it sa dat as je in grap opskriuwe en de kontekst fan de gielwite soldaten weilitte, dan kin in grap gjin grap mear wêze. Mar om no it oardiel fan trije wike negatyf skriuwe oer Bauke op te hingjen oan ien sa’n sitaat dan kinne je tinke ‘Verstaat gij wat gij leest’. Want dizze rubryk is gjin ferslach, hjir wurdt yn alle frijheid in miening jûn en dat bliuwt ek sa.
Fansels nei Bauke ta, de ivich fleurige opslagger huppelt troch it libben en lêst al hielendal gjin kranten, sa seit hy. As syn namme foarby komt, dan lêst syn tige aardige en sjarmante freondinne as in prinses it stik foar wêr’t de namme Bauke yn neamd wurdt. Sy fûn dy grap ek wat te hurd oankommen op papier en dat kin fansels. Sy docht dus thús de ‘media’ en Bauke sels woe wol ha dat der wat positiver skreaun wurdt oer it keatsen, net altiten eamelje oer bûtenslaggen. Syn foarbyld wie prachtich, twa mannen sieten yn in auto en hearden nei it ferslach foar Radio Eenhoorn fan Pieter van Althuis: ‘It fjild wie swart fan de minsken en der waard geweldich keatst’. Dus dy mannen tochten, derhinne, it feest yn. Doe’t se dêr oankamen stienen links en rjochts in pear minsken te sjen, it waar kloppe wol, de sinne skynde.
Litte wy mar it midden oanhâlde yn de berjochtjouwing, mar it sil nea sa wêze dat der oer it keatsen skreaun wurdt lykas dy man op de foto nei it keatsen sjocht. Mûle iepen, yn de ban fan wat hy sjocht, fol bewûndering. Sa sil it op papier dus nea wurde, je moatte jesels noch wol yn de spegel oansjen kinne.
Dy man op de foto is lyts fan stik en grut yn jierren. Hy is no 87 jier en Jappie Rypma is syn namme. Hy wie as feehanneler yn it ferline faak yn it selskip fan Wypke Terpstra, de heit fan Klaas-Anne Terpstra. Rypma is in man fan ferhalen, ‘De lytste man fan Trynwâlden mei de grutste Mercedes’, sa waard oer him sein. Lytse Jappie hie altiten de grutste bollen, sa waard ek sein en hoe grut de bolle ek wie, hy fielde him fuortendaliks thús by lytse Jappie. Hy wie ek wer yn Dronryp en it ferhaal wol dat hy noch sels rydt, yn in Mercedes mar dat is net wis.
De foto wie te moai om lizze te litten, de leafde foar it keatsen dript fan syn gesicht en dêrom past hy moai by dit ferhaal. Want hoe moai it keatsen ek wêze mei, dit is net it plak om alles mei in trompet ûnder it kleed te blazen.