Tekst: Rynk Bosma
Het kleine
In skoft lang bouminsken oer de flier hân en fansels bin je as gasthear op eigen hiem dan warber mei kofje en koeke. Komt de belestingman del, dan sit hy oan tafel om syn skriuwwurk te dwaan foar safier dat net op de computer giet, mar ek dy moat in plak ha. Want je binne gasthear no? It hat te krijen mei beskaving en goede manieren. De fariant op ‘Wie het kleine niet eert is het grote niet weert’.
Kom no al jierren lâns aardige minsken by de yngong fan it keatsfjild fan Menaam. Tas mei skriuwark mei op wei nei in taffeltsje sa as eltse gasthear mei wat beskaving klearsette soe. Dy tafel stie der, ien skoalletaffeltsje wêr’t krekt trije man oan sitte koenen en dy sieten der al. Koe der wol by mar dan moast der earst in stoel (klapstuoltsje) efter de muzyktinte weihelle wurde, oan de oare kant fan it fjild.
It wurdt tiid foar de skelle wierheid, it wurdt tiid om lûdop te sizzen dat de diva’s fan de haadklassepartijen, wêrûnder Menaam, harren poadium al lang kwyt binne. Se tinke noch dat se op it poadium fan it Scala yn Milaan steane en gjinien fertelt harren dat se allinne de doarren nei it poadium noch iepenhâlde meie. De diva’s fan no sitte yn Moarre, Easterein of Dokkum en ik ferjit der fêst in pear, want dêr witte se noch wat it is om gasthear te wêzen, dy’t witte dat je besite in stoel oanbiede en as it nedich is ek in tafel.
Mar dat is net alles, in soad fêste besikers nimme moarns earst in bakje kofje en sykje dan in plak út. Dat is dan twa euro fyftich graach…..Nee gjin oploskofje, gjin instantkofje mar ôfsetkofje, dat soenen je sa op it bekerke sette kinne. Klachten jouwe neat want de kofje is ‘uitbesteed’. Sjoch dy mannen kinne dat fansels wol betelje mar betiden giet it om prinsipes en dy sitte ticht tsjin beskaving oan.
Boppe de bestjoerstinte stie KV Foarút fan Marsum want de karre wie liend, miskien kinne de mannen en froulju ris op besite by Coby van Wieren fan Marsum, kinne se sjen hoe’t it ek kin. Yn in oare betsjutting wienen der fansels noch wol Diva’s, minsken dy’t harren poadium sa no en dan diele mei guon dy’t nea op in poadium stien ha. Bin net sa fan de fanfaremuzyk, mar doe’t it oeuvre fan Kobus Algra foarby kaam waard dat suver meisongen op de tribune troch in buorfrou.
Moai om te hearren en it die de feeststimming goed yn in reinend Menaam want hast iderien op de oerdekte tribune hie wol in te droege grientetún. Feest dus en de buorfrou fertelde mei in oar koarlid hoe’t sy mei harren koar in konsert hân hienen wêroan ferstannelik gehandikapten oan meidwaan mochten en hoe prachtich dat wie om te dwaan. Ek feest dus. Je kinne sizze yn in gruttere betsjutting as earder dat in mins grutter wurdt as hy ‘het kleine eert’.
Want wat te tinken fan Tjisse Steenstra, dy’t hast foar elke finale efkes oer de banken hipt om oan in lyts mantsje te freegjen hoe’t it mei him giet. De man komt fan Joure en is slim siik mar boppe-al fan fan Tjisse Steenstra. Fraach en antwurd binne dan net wichtich, it giet om in momint fan omtinken, in momint de tiid nimme dat je even oan ‘het kleine’ omtinken jouwe omdat it faak om saken giet dy’t grutter binne as kwea, bûten of boppe.