Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
It keatsjier rint op syn lêste fuotten en it byld fan de telefyzje lit al wer de hollen sjen fan al dy fuotbaltreners mei teksten wêr’t in gewoan mins by yn sliep falt. It is dat Studio Sport om sân oere is, te betiid om it hegerop te sykjen. Mar gelokkich ha wy letter op de jûne noch Studio Voetbal. Fjouwer of fiif kenners mei de mieningen fan in fuotbal dy’t oan it leechrinnen is. Moat dan tinke oan dy grutte keatsleafhawwer fan Bitgum, pet skean op de holle, mear as in jier fan it smoken befrijd en de Van Aismadei yn Bitgum wie syn earste partij dit jier.
Ea winner fan de lytse PC fan Mantgum, skouder al betiid oan barrels, as mins like grut as syn lingte en no, 2018, fynt hy der neat mear oan, oan it keatsen. Jierren lyn ha se him it aaisykjen ûntstellen en sûnt in tal jierren ek it keatsen. De man hâldt fan sport, hast alle sport mar benammen it spul mei de grutte bal. Ha dizze winter mei him te dwaan, al dy treners dy’t foarby komme mei harren sâlteleaze praatsjes want je kinne net de hiele jûne Henk de Jong útstjoere fansels, de iennige dy’t in ferhaal hat.
Fan it keatsen is in soad te sizzen, mar it is wol in sport mei ek in ferhaal, in sport mei emoasjes yn top, in sport fan minsken dy’t der gek op binne mar gjin sint der oan oerhâlde. Tink oan de Frouljus PC, oan Henk Hempenius dy’t al in fearns iuw de froulju folget. Yn it ferline stjoerde hy elke wike in heale bibel oan tekst nei de kranten wêr’t dan yn de krante sels neat fan oerbleau. Mar Henk is in sêft en aardich mins, keatsleafhawwer en joech nea op. No sit hy mei de mikrofoan fan Radio Eenhoorn yn hannen it keatsen fan de froulju te folgjen, en de stannen tagelyk by te hâlden.
Wat spanning oanbelanget hat dy froegere keatsleafhawwer gelyk as wy nei de Van Aismadei sjogge. Mar as je in oare bril opsette dan sjogge je mear. Je sjogge beppe Nelie op de wangen wizen wêr’t de triennen fan emoasje noch mar krekt opdroege binne. Net om’t dy formidabele beppesizzer Tjisse Steenstra kening wurden wie, nee it wie om dy krânse te dwaan dy’t weijûn waard oan in sike doarpsgenoat, it gie om: ‘Kijk, dan ben je pas de ware koning, dan ben je de winnaar die op het moment dat alles voor de wind gaat oog heeft voor de medemens met tragische tegenwind. Dan ben je een koning in je gedachten en handelen’, sa’t yn it Friesch Dagblad stie.
Sa lang as it keatsen lykop rint mei it libben sels sil der nea in ein oan komme. Tolve kear kening, like folle as dy grutte keatser Johannes Brandsma yn de jierren tachtich. Mar Brandsma hie it earlik ferdield tusken trochinoar lotsjen en formaasje. Allinne dy grutte Chris Wassenaar is mei fyftjin keningskippen yn 2005 Tjisse de baas. Belle him op, dat fan dy fyftjin keningskippen wie hy wis fan, mar hoefolle krânsen der dat jier oan de muorre hongen, dat moast hy de frou freegje….wienen it no 21 of 22… Want net alle krânsen bliuwe yn it ûnthâld fan de holle hingjen. Wis is wol dat dy trettjinde krâns fan Tjisse ivich yn de hollen fan de minsken hingjen bliuwe sil. It sil lang duorje ear’t Bitgum in gruttere kening krijt as dit jier.