contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (35)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De Freule as de timpel fan de takomst, elk jier wer steane der seis jonges oan de doar te klopjen en úteinlik meie der mar trije foar ivich harren portret ophingje. Der binne op dy prachtige dei mar in pear dingen dy’t ek hillich binne en dêr moatte je as mins mei oare belangen ek nea oankomme. En dat is foar de finale de klaaikeamer yngean, dêr moatte je nea komme. Gerrit Dijkstra fan Anjum, dochs al net in jonge fan grutte wurden, makke dat mei noch minder wurden dúdlik. Syn maat Gerwin Dijkstra wie hast net te sjen efter de grutte gehakbal dy’t hy nei binnen wurke. Goed ite en goed drinke, dat is it motto fan sa’n lange dei.
 
 
Anjum wint foar it earst de Freule nei’t de jonges yn it blau swart twa jier lyn al ris tredde wurden wiene. De Freule as lânkaart mei oare gebieden want wat benammen opfoel wie wa’t der net wienen. Gjin Sint Jabik, gjin Sint Anne en dat mei dochs wol pynlik neamd wurde. Mar miskien ek wol net, it liket der op dat it keatsgebied opskoot, fan it Bilt nei de Dongeradielen. Want wa pleage de lettere winners it meast? Just de Trije Doarpen fan Nijewier, Mitselwier en Easternijtsjerk. Fansels wie it net de bêste partij fan Anjum, dy earste partij en ek de twadde partij tsjin it Kimswert fan Karel Monfils hâlde net oer. 
 
Berltsum wie oan it swyljen west en dat mocht fan it ‘Eenlingenbeleid’ fan de KNKB. Janneke Pagels hat har hiele libben warber west foar de keatsferiening fan Boalsert en sy fynt soks mar neat. De keatsferiening heart neffens har sels yn tou te wêzen om in sa goed mooglik partoer op de Freule te krijen en as je dan ‘shoppe’ kinne yn oare doarpen, dan is dat gjin goede saak. Dêr sit wat yn fansels.
 
De partoeren fan boppe Dokkum wienen goed fertsjintwurdige en dan kinne je sizze wurdt it net tiid dat de haadklassers wat faker yn dy buert te sjen binne. Ie en Anjum ha dêr sa stadichoan wol rjocht op. Dêr komt noch by, sjoch Moarre-Ljussens, dat nijkommers faak krekt wat mear harren bêst dogge as de ‘gevestigde’ nammen yn de keatshoeke dy’t betiden te folle op de automatise piloat farre. 
 
It wie in moai sicht nei ôfrin fan de Freule, it gefjocht fan Gerrit Dijkstra om troch de triennen hinne dochs noch wat te sizzen foar de kamera. De dochs betûfte Geert van Tuinen moast him wol hiel fier útrekke om der wat oars as ‘net te leauwen’ út te krijen. Yn it Friesch Dagblad stie: Gerrit Dijkstra. ,,It gie allegearre sa fliegend by ús, wy koenen hjoed net ferlieze. Dat fielst gewoan. Ik hie fan ‘e moarn al it gefoel fan ‘dit wurdt him’. Hjir binne eins gjin wurden foar. Wy wisten dat as wy by de opslach de ballen der wat foar hâlde, dan kinne wy it iderien muoilik meitsje.’’ Gerrit Dijkstra is niet zo van de woorden, ‘Dit is fantastys’, ‘Better as dit wurdt it net’ en afsluitend ,,It wurdt jûn in grut feest, dat stiet wol fêst.’’
 
Fantastys is soks, sa’n jonge dy’t der stiet om’t hy goed keatse kin, net om’t hy in goede prater is. Dat heart net by de leeftiid. Emoasje fan jonges op de drimpel fan de folwoeksenheid, moaier is der net. Pynliker kin it betiden ek net wêze as ik tink oan Pieter Jan Leijenaar, wer it Friesch Dagblad: Het wordt 5-5 en 2-4 en dan mist Leijenaar drie maal op rij aan de opslag. De wereld stort voor heel even in elkaar, de tempel van de toekomst verwoest en als een gevallen held in de Trojaanse oorlog trekt Leijenaar zich terug op het inmiddels verlaten bijveld van Wommels. De tranen van een Trojaanse tragedie moeten even hun weg vinden. De teleurstelling is emotioneel even niet te verwoorden en dus moet iedereen die op woorden wacht even geduld hebben.’ Dêrnei stielblauwe eagen dy’t manmoedich yn de kamera sjogge. De les dat net altiten de bêste keatser fan de dei it hoecht te winnen. Eins in les foar in folwoeksen libben dat foar him leit: net elk kriget wat him takomt. 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers